1667 Ierdbeving Fan Dubrovnik

De ierdbeving fan Dubrovnik wie in swiere ierdbeving dy't op 6 april 1667 de eastkust fan 'e Adriatyske See trof.

It episintrum lei deunby de stêd Dubrovnik (histoarysk bekend as Ragûsa), yn it tsjintwurdige Kroaasje, dat doedestiden de haadstêd wie fan 'e ûnôfhinklike Republyk Ragûsa.

Ierdbeving fan Dubrovnik
Ierdbeving fan Dubrovnik (Kroaasje)
Ierdbeving fan Dubrovnik
plak en tiid
datum 6 april 1667
lân 1667 Ierdbeving Fan Dubrovnik Republyk Ragûsa
plak Dubrovnik en omkriten
koördinaten 42°39′43″N 18°5′28″E
bysûnderheden
type ramp ierdbeving
krêft tige swier
yntinsiteit IX-X op 'e EMS
gefolgen
deaden 5.000
ferwûnen ûnbekend
skea tige grut

Dizze ierdbeving wie ien fan 'e beide meast ferwoastgjende ierdbevings dy't it hjoeddeiske Kroaasje yn 'e ôfrûne 2.400 jier troffen hawwe (de oare wie de ierdbeving fan Zagreb yn 1880). Hast de hiele stêd Dubrovnik waard ferwoastge en trijefearn fan 'e regearingsgebouwen waard mei de grûn lyk makke. Der kamen nei skatting 5.000 minsken om, wêrûnder Šišmundo Getaldić, de rektor (hearsker) fan 'e stêd.

Yn 'e mande mei it tebekrinnen fan 'e hannel yn it Middellânske-Seegebiet dat it gefolch wie fan 'e feart op 'e East troch Westjeropeeske lannen, markearre de ierdbeving fan 1667 it begjin fan 'e ein foar de Republyk Ragûsa. Behalven dielen fan it moderne Kroaasje, waarden ek gebieten troffen dy't no ta Bosnje-Hertsegovina en ta Montenegro hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

16676 aprilAdriatyske SeeDubrovnikEastHaadstêdIerdbevingKroaasjeKustRepublyk RagûsaSkiednisStêd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

New York (stêd)7e iuwToplessFantasy (sjenre)632Gieren fan de Alde WrâldKanadaAmerikaanske steatÇatalhöyükHongarijeSkriuwerGrutte-boarstesjenrePakePornografyGrikelânFellatioSven KramerKeninkryk fan de NederlannenRienk AlberdaPolitykDútslânWringeleazenLouis DaguerreRynNoelle Easton30 novimberFûgeltrekBoedismeGeorge WashingtonAteneSadomasogismeSophie HilbrandKatedraal fan OtrantoAnglikaanske TsjerkeJapanRuslânLos AngelesLeppeltsje-leppeltsjeBlauGedichtNebraskaMicrosoftNicole OringNoardwestgermaanske talenFeanster FeartAlexa Flexy23 novimberHûntsjeshâldingSaotomeeske pappegaaidoPornhubTaiwanAlbum (muzyk)TransliteraasjeWurdumMiko DaiFeriene SteatenAhmed AboutalebYnternetTheunis Piersma (biolooch)Meksiko1910NobelpriisFerdivedaasjeparkSensual JaneYme SchuitmakerWalt DisneyDeenskAafke BijlsmaCountryAda SanchezRadio🡆 More