Ids De Beer

Ids de Beer (Nes (West-Dongeradiel), 7 juny 1916 - Ljouwert, 2 febrewaris 1945) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.

Ids De Beer
It oarlochsmonumint op it Noarderbolwurk fan Dokkum mei de namme Ids de Beer

De Beer wie hannelsreizger en wenne yn Nes (Dongeradiel). Hy wie lid fan de LO fan Dokkum. Syn fersetsnamme wie "Viervoeter". Nei de eksekúsje fan tweintich finzenen oan de Wâldwei te Dokkum op 22 jannewaris 1945, sochten alle fersetsminsken út dy kriten sa gau mooglik in feilich ûnderdûkplak. Ek De Beer stie op de list fan minsken dy't socht waarden. Op 2 febrewaris waard syn skûlplak yn Ljouwert ûntdutsen. Hy besocht te flechtsjen, mar waard delsketten en is noch deselde deis oan syn ferwûnings stoarn.

De Beer wie grifformeard en hannele tsjin ûnrjocht fanút syn bibelske oertsjûgings. Hy wie troud en liet in frou en twa bern nei. Hy waard beïerdige op it Herfoarme Begraafplak yn Nes. Yn Nes is ek in betinkteken foar him oprjochte en in strjitte nei him neamd.

Keppelings om utens

Tags:

191619452 febrewaris7 junyDongeradielLjouwert (stêd)Nes (Dongeradiel)Twadde Wrâldkriich

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Anneke DoumaNederlânToby AlderweireldFeanhoopfestivalMasahiro FukudaSensual JaneSkoatter UterdikenCowgirlhâldingSeksuele penetraasje2017FatikaanstêdSoarteDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)GenemuidenCocktail (film út 1988)FryslânItaaljeGrutte Priis Formule 1 fan Ruslân 2019Joaris mei it BurdClaudia CardinaleComité flamand de FranceIranVasco da GamaISBN731Henk AlkemafeehâlderijCornelis over de LindenMichel PenséeNeakenmodelHasmoneeërsFeankeninginneCJ MilesLexxxi LockhartJohnny CashRay LiottaYndoneezjeIuwskemaSeksualiteitBoerûndyPornofilmCircuito de JerezEsfigmenou-kleasterGrutte Priis Formule 1 fan Eastenryk 2021List fan Romeinske keizersSjinkie KnegtBehaGeert van TuinenMediaWikiGrytzJake SteedSophie Hilbrand2024FlorespappegaaidoSineeske baltsjesNana AppiahKrystal Swift1839Inga RidereRosa CaraccioloReality KingsSneinAnnebuorren (It Hearrenfean)List fan hûnerassenHidetoshi NakataGreveslot DiezBrühlNoelle Easton🡆 More