Herman Verbeek

Herman Alphons Verbeek (Grins, 17 maaie 1936 – dêre, 1 febrewaris 2013) wie in Nederlânske preester en politikus.

Herman Verbeek
Herman Verbeek politikus
PPR-partijkongres yn Amsterdam, foarsitter fan de PPR Herman Verbeek by syn taspraak; Herman Verbeek 15 novimber 1980
PPR-partijkongres yn Amsterdam, foarsitter fan de PPR Herman Verbeek by syn taspraak; Herman Verbeek 15 novimber 1980
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlân
bertedatum 17 maaie 1936
berteplak Grins
stjerdatum 1 febrewaris 2013
stjerplak Grins
partij PPR, GrienLinks

Libben en wurk

Verbeek studearre teology en waard yn 1963 katolyk preester. Hy wie fan 6 septimber 1963 oant 28 augustus 1965 kapelaan op De Jouwer. Tusken 1968 en 1973 wie hy adviseur fan it bisdom Grins. Hy wie preester fan it bisdom Grins, mar hy sûnt hy yn 1969 de polityk yngie gjin tsjerklike funksje mear. . Hy kaam yn 1999 iepentlik yn konflikt mei de doe beneamde Grinzer biskop Wim Eijk oer dy syn opfettings oer seksualiteit, wêrby't hy net mijde om sels as homoseksueel preester yn de publisiteit te kommen.

Tusken 1974 en 1977 wie Verbeek foarsitter fan it provinsjaal bestjoer fan de Politike Partij Radikalen yn Grinslân. Yn 1977 waard hy lanlik partijfoarsitter, en soe dat bliuwe oant 1981. Yn 1984 waard hy lid fan it Europeesk Parlemint foar de PPR, dat gearwurke yn it 'Grien Progressyf Akkoard'. Dêryn wie oerienkomd dat de PPR-kandidaat him nei de helte fan de perioade weromlûke soe, ten geunste fan de kandidaat fan de Kommunistyske Partij fan Nederlân Nel van Dijk. Yn 1986 ferliet Verbeek it Europeesk parlemint.

Yn 1989 waard Verbeek Europeesk listlûker fan de 'Regenboog', in gearwurkngsferbân fan PPR, CPN en de PSP foar de Europese ferkiezings. Hjirby wie oerienkomd dat de PPR-kandidaat him nei de helte fan de perioade weromlûke soe, diskear ten gunste fan de kandidaat van de PSP, John Hontelez. Yn 1991 wegere Verbeek dit: hy fûn dat hy op lânbougebiet foar de biologyske boer noch in taak te dwaan hie. It partijbestjoer fan GrienLinks (mei PSP, PPR en CPN), woe Verbeek royeare. De partijried wegere it royement lykwols goed te karren. Verbeek bleau lid fan it Europeesk Parlemint, mar operearre ûnôfhinklik fan syn partij. Yn 1994 sei hy syn lidmaatskip fan GrienLinks op en waard hy listlûker foar 'De Grienen' by de Europeeske ferkiezings fan 1994. De Grienen hellen de kiesdrompel net.

Verbeek is auteur fan in soad spirituele en politike boeken, lykas Tegen de tijdgeest en Liedboek Voor De Ziel.

Op 1 febrewaris 2013 is hy ferstoarn. Postúm ferskynde in autobiografy.

De oekumenyske lietebondel Zangen van Zoeken en Zien (2015) is opdroegen oan Herman Verbeek.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1 febrewaris17 maaie19362013Grins (stêd)PolitikusPreester

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ReklamefilmkeIerskSinaGokkenSicario (film út 2015)Henny Tuinhout-de Leeuw14e iuwJohan FrieswijkMidslânskAudree JaymesSebastopolJ. MacSarah YoungKraj KamtsjatkaStasjon AppingedamSovjet-Uny28 febrewarisBrezjnev-doktrineFulkaanPornhubAlgerijeRoemeenjeNoarwegenHûntsjeshâldingRadioIngeltsje-itenTsjoevasjiëOcca Johanna RipperdaKarelië (dielrepublyk)Fear yn 'e BroekAnargismeRenaultJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Sean LawlessFrancesca PetitjeanKanadaLisa AnnList fan lannen en territoariaAfantasyClara TrinityFryske RykNikolaas fan MyraTatjana ŠimićMarije CornelissenNeakenmodelOrale seksAlaskaSkriuwerWest YorkshireKrusigingOflûken (seksualiteit)Markus Tullius SiseroList fan spoarlinen yn NederlânAnimals (album fan Pink Floyd)The Call of the Wild (film út 2020)Vienna Black1200Tsjechje5 desimberBoksenDôve NettelHêgelânspoarBaktearje5 junyBroeinettelSanskrytKraj Primorski🡆 More