Henrik Ibsen

Henrik Ibsen (folút: Henrik Johan Ibsen; Skien, 20 maart 1828 – Kristiania, 23 maaie 1906), wie in Noarsk toanielskriuwer, dichter, toanielregisseur en teäterdirekteur, dy't beskôge wurdt as ien fan 'e wichtichste grûnlizzers fan it moderne teäter.

Under syn toanielstikken binne Peer Gynt, Brand, en Et Dukkehjem (In Poppehûs). Hy skreau al syn wurk yn it Bokmål, de nei it Deensk oerhingjende skriuwtaal fan syn heitelân Noarwegen, dy't doedestiden noch "Deensk-Noarsk" of "Dano-Noarsk" neamd waard (dêrfandinne it misferstân dat er yn it Deensk skreaun hawwe soe). Ferskate fan syn stikken waarden doedestiden as skandalich ûnderfûn, mei't se net de moaiskyn opholden, mar krekt sjen lieten wat der efter de maatskiplike fasades beskûlgie. Ibsen is de op ien nei meast opfierde toanielskriuwer fan 'e wrâld (nei William Shakespeare), en hy wurdt gauris beskôge as de ynfloedrykste toanielskriuwer sûnt Shakespeare.

Henrik Ibsen
Henrik Ibsen skriuwer
Henrik Ibsen. Foto: Gustav Borgen.
Henrik Ibsen. Foto: Gustav Borgen.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Henrik Johan Ibsen
nasjonaliteit Henrik Ibsen Noarsk
berne 20 maart 1828
berteplak Skien (Noarwegen)
stoarn 23 maaie 1906
stjerplak Kristiania (Noarwegen)
etnisiteit Henrik Ibsen Noarsk
Henrik Ibsen Deensk
Henrik Ibsen Dútsk
Henrik Ibsen Skotsk
wurk
taal Noarsk (Bokmål)
sjenre toaniel, poëzij
perioade 19e iuw
streaming naturalisme, reälisme
bekendste
  wurk(en)
Peer Gynt
Brand
Et Dukkehjem
jierren aktyf 18501906
offisjele webside
www.ibsensociety.liu.edu

Libben

Jonkheid

Henrik Ibsen waard yn 1828 berne yn in begoedige fermidden yn it havenstedsje Skien, yn 'e Telemark, as de soan fan 'e keapman Knud Ibsen (1797-1877) en dy syn frou Marichen Altenburg (1799-1869). Syn beide pakes wiene keapman en seekaptein, krekt as syn oerpakes foar harren. Ibsen wie fan mingd Noarsk-Deensk-Dútsk etnysk komôf, mei hiel yn 'e fierte noch in dripke Skotsk bloed dertrochhinne. Om't de foaroansteande famyljes yn Skien in kliber foarmen dy't oates en toates yn himsels omtroude, wiene Ibsen syn heit en mem troch in tizeboel oan famyljerelaasjes praktysk neef en nicht. (Mei't sokke relaasjes doedestiden noch as in ynsestueus sjoen waarden, wie dat in gegeven dat de toanielskriuwer yn Ibsen fassinearre, en sadwaande ferwurke er letter ynsest yn ferskaten fan syn stikken, wêrûnder Rosmersholm.)

Henrik Ibsen 
Henrik Ibsen yn Dresden, om 1870 hinne.

Doe't Ibsen likernôch sân jier wie, rekke it mei de hannelsfirma fan syn heit finansjeel yn 'e nederklits, en úteinlik moast Knud Ibsen sels syn hûs yn Skien ferkeapje om syn skuldeaskers betelje te kinnen. It gesin Ibsen sette him doe permanint nei wenjen yn harren behindige simmerwente op it plattelân. Letter ferfearen se nei in oar hûs yn Skien, dat eigendom wie fan 'e bankier en reder Christopher Blom Paus, in healbroer fan Knud Ibsen. Syn bankrot makke fan Ibsen syn heit in ritich en bitter man, dy't syn wrok tsjin 'e maatskippij yn 't algemien útwierre op syn frou en bern. Fral Ibsen syn mem hie slim ûnder de tiranny fan har man te lijen. Dit doedestiden geheim holden elemint fan Ibsen syn jonkheid soe in grutte ynfloed hawwe op syn lettere toanielstikken, wêryn't de personaazjes gauris basearre wiene op syn heit en mem, en tema's as finansjele swierrichheden en morele konflikten dy't fuortkomme út tsjustere famyljegeheimen geregeldwei oan 'e oarder kamen. Ien fan Ibsen syn almar wer weromkearende tema's wie ek it portrettearjen fan lijende froulju, dy't syn memme mishanneling wjergalmen. Joan Templeton skreau yn har boek Ibsen's Women (Cambridge University Press, 1997) dat "Ibsen syn sympaty foar froulju fuortkaam út syn begryp fan harren machteleazens, en syn ûnderrjocht dêryn begûn thús."

Yn 1843, doe't er fyftjin jier wie, moast Ibsen fanwegen jildtekoart fan skoalle. Hy ferfear nei it stedsje Grimstad, dêr't er by in drogist yn 'e lear gie, wylst er yn syn frije tiid úteinsette mei it skriuwen fan toanielstikken. Yn 1846, doe't er achttjin jier wie, resultearre in frijaazje mei in tsjinstfaam yn in oerwûn bern, foar it ûnderhâld wêrfan't er goed fyftjin jier lang betelje moast, ek al krige er de jonge nea te sjen. Ibsen gie nei Kristiania (dat yn 1925 syn oarspronklike, Midsiuwske namme Oslo weromkrije soe), mei de bedoeling om dêr in universitêre oplieding te folgjen. Dat plan joech er oer doe't bliken die dat er net genôch ûnderrjocht hân hie om troch de talittingseksamens hinne te kommen. Sadwaande lei er him ynstee ta op syn skriuwen.

Iere karriêre

Syn earste toanielstik, de trageedzje Catalina (1850) brocht Ibsen út ûnder de skûlnamme Brynjolf Bjarme, mar it waard net opfierd. Syn twadde stik Kjæmpehøjen ("De Grêfheuvel fan de Kriger", 1850) wie it earste dat opfierd waard, mar der wie net folle belangstelling foar. Likegoed wie Ibsen wisberet om karriêre te meitsjen as toanielskriuwer, dat hy bodde steech troch, mei noch trije stikken dy't itselde lot beskern wiene as de earste beide. Syn wichtichste ynspiraasjeboarnen wiene yn dy perioade nei't it skynt de Noarske skriuwer Henrik Wergeland, doedestiden de meast ferneamde en meast opfierde toanielskriuwer fan it lân, en dêrnjonken de Noarske folksferhalen dy't sammele wiene troch Peter Christen Asbjørnsen en Jørgen Moe.

Fan 1851 oant 1858 wie Ibsen yn 'e tsjinst fan 'e skouboarch Det Norske Theater, yn Bergen, dêr't er benammen as regisseur en produsint behelle wie yn 'e opfiering fan 145 ûnderskate toanielstikken. Sels publisearre er yn dy snuorje fiif nije, mar oer it generaal ûnopmerklike stikken. Yn 1858 kearde er werom nei Kristiania, dêr't er kreätyf direkteur fan it Christiania Theater waard, in funksje dy't er oant 1864 behold. Op 18 juny 1858 troude er mei Suzannah Thoresen, dy't op 23 desimber 1859 harren iennichste bern te wrâld brocht, in soan, Sigurd Ibsen, dy't letter minister-presidint fan Noarwegen wurde soe. Ibsen en de frou wennen yn Kristiania yn tige earmoedige omstannichheden, en al mei al krige Ibsen alhiel syn nocht fan syn libben yn Noarwegen. Yn 1864 sette er mei syn gesin ôf om utens, en hy kearde pas 27 jier letter, yn 1891, wer yn syn heitelân werom.

Hichtepunt fan 'e karriêre

Yn it bûtenlân, dêr't er ek belutsen rekke by de frijmitselderij, wenne Ibsen earst fjouwer jier yn it Italjaanske Sorrento, wêrnei't er yn 1868 nei it Dútske Dresden ferfear, en yn 1875 nei München. It wie yn dy selsopleine ballingskip dat Ibsen syn bêste en meast ferneamde stikken skreau. Mei Brand (1866) briek er einlings en te'n lêsten troch, en it mearkeseftige Peer Gynt (1867), dat troch komponist Edvard Grieg op muzyk setten waard, makke him net inkeld ferneamd, mar ek bemiddele. Yn 1873 kaam fan him Kejser og Galilæer ("Keizer en Galileeër") út, in stik oer de Romeinske keizer Julianus de Offallige, dêr't er jierrenlang oan wurke hie, en dat er sels as de hoekstien fan syn oeuvre beskôge, al wie frijwol nimmen dat mei him iens.

Henrik Ibsen 
Henrik Ibsen let yn syn karriêre.

Wat minder oft er finansjeel ôfhinklik wie fan it súkses fan syn stikken, wat mear oft er der eigen opfettings en ideeën yn ta utering doarst te bringen. Yn Ibsen syn tiid wie it noch wenst dat toaniel útslutend foar fermaak wie; it wie net de bedoeling dat men der in maatskippijkrityske fyzje yn op 't aljemint brocht of it publyk wat joech dêr't it oer neitinke moast. Ibsen begûn tsjin 1870 al dy ûnskreaune regels oan syn lears te laapjen, en syn publyk te skandalisearjen troch alle hillige húskes om te wâdzjen. Syn earste reälistyske drama wie Samfundets Støtter ("Pylders fan 'e Maatskippij", 1877), twa jier letter folge troch it ferneamde Et Dukkehjem (In Poppehûs), wêryn't Ibsen de flier oanfage mei de akseptearre houliksrollen fan syn tiid. Yn Gengangere ("De Geasten", 1881) trout in frou op oanrieden fan dûmny dochs mei har skeanskermjende ferloofde, yn it leauwe dat er troch har leafde syn libben betterje sil, mar dat blykt net sa te wêzen. Krekt oarsom: hy jout de by syn ûntrou oprûne syfilis sels troch oan syn soan. It neamen fan in seksueel oerdraachbere sykte allinnich al wie al skandalich yn Ibsen syn tiid, mar om sjen te litten hoe't sa'n geheim in fierders respektabele famylje fergiftigje koe, waard troch in protte fan syn tiidgenoaten beskôge as ûntalitber.

Mar Ibsen sette fierder it paad del dat er ynslein wie mei En Folkefiende ("In Folksfijân", 1882), wêryn't de smjunt net in inkele liddichgonger wie, mar in hiele mienskip. Yn it stik ûntdekt in nije dokter yn in fakânsje-oard dat de pleatslike leartouwerij it baaiwetter sasear fersmoarget dat de baaiers der siik fan wurde. Hy ferwachtet priizge te wurden foar syn wurk, mar ynstee keart de hiele mienskip him tsjin him en wurde by him thús de ruten yngoaid. It stik einiget mei syn folsleine ferstjitting troch syn plakgenoaten. Yn Vildanden ("De Wylde Ein", 1884), dat troch in protte saakkundigen beskôge wurdt as Ibsen syn bêste stik, nimt er it liberalisme fan syn tiid op 'e hak, mei't de haadpersoan Gregers Werle, dy't leaut dat folsleine iepenheid alles oplosse sil, sa raar yn it libben fan syn jeugdfreon omreaget dat it mei de selsmoard fan 'e jonge dochter fan syn freon einiget.

Henrik Ibsen 
Stânbyld fan Ibsen foar it Nationaltheater yn Oslo.

Lettere jierren en dea

Yn 'e lêste tsien jier fan syn karriêre as skriuwer lei Ibsen him mear ta op selsbespegeljend drama, dat tsjintwurdige teäterbesikers faaks mear oansprekt as de polemyk fan syn wat datearre anty-fiktoriaanske eardere wurk. Yn stikken as Hedda Gabler (1890) en Bygmester Solness ("Boumaster Solness", 1892) gie er yn op psychologyske konflikten dy't fierder rikke as in ienfâldige ôfwizing fan 'e noarmen en wearden fan syn tiid. Tsjintwurdich is Hedda Gabler nei alle gedachten syn meast opfierde toanielstik, en de titelrol wurdt beskôge as de meast útdaagjende fan syn hiele oeuvre.

Tsjin 'e iuwwiksel hie Ibsen de regels fan 'e toanielkeunst folslein werskreaun mei in reälisme dat opnommen waard troch generaasjes toanielskriuwers nei him. Sels kearde er yn 1891 werom nei Noarwegen, dêr't er him wer nei wenjen sette yn Kristiania. Mar it lân dêr't er weromkaam, wie net itselde as dêr't er út ôfset wie. Yn in goede fearnsiuw wie der op maatskiplik mêd safolle feroare dat er it suver net weromkoe, en dêr hied er sels yn hege mjitte ta bydroegen. Yn 1900 krige Ibsen in rige oerhalen, dy't him slim yn 'e minnichte brochten, sadat er mei syn skriuwen ophâlde moast. Hy stoar op 23 maaie 1906 thús, yn 'e âlderdom fan 78 jier. Hy waard begroeven op it Vår Frelsers gravlund ("Begraafplak fan Us Ferlosser"), yn it sintrum fan Kristiania/Oslo.

Wurk

    toanielstikken
  • 1850 - Catilina
  • 1850 - Kjæmpehøjen ("De Grêfheuvel fan de Kriger")
  • 1851 - Norma
  • 1852 - Sancthansnatten ("Sint-Jehannesnacht")
  • 1854 - Fru Inger til Østeråd ("Frou Inger fan Østeråd")
  • 1855 - Gildet på Solhaug ("It Feest te Solhaug")
  • 1856 - Olaf Liljekrans
  • 1858 - Hærmændene på Helgeland ("De Wytsingen op Helgelân")
  • 1862 - Kjærlighedens Komedie ("Leafde's Komeedzje")
  • 1863 - Kongs-Emnerne ("De Troanpretendinten")
  • 1866 - Brand
  • 1867 - Peer Gynt
  • 1869 - De Unges Forbund ("It Bûn fan 'e Jongerein")
  • 1873 - Kejser og Galilæer ("Keizer en Galileeër")
  • 1877 - Samfundets Støtter ("Pylders fan 'e Maatskippij")
  • 1879 - Et Dukkehjem
  • 1881 - Gengangere ("De Geasten")
  • 1882 - En Folkefiende ("In Folksfijân")
  • 1884 - Vildanden ("De Wylde Ein")
  • 1886 - Rosmersholm
  • 1888 - Fruen fra Havet ("De Frouwe út 'e See")
  • 1890 - Hedda Gabler
  • 1892 - Bygmester Solness ("Boumaster Solness")
  • 1894 - Lille Eyolf
    • Henrik Ibsen  Fryske oersetting: Lytse Eyolf (fert. Harke Bremer en Jarich Hoekstra, 1990)
  • 1896 - John Gabriel Borkman
  • 1899 - Når Vi Døde Vågner ("As Wy Deaden Untweitsje")
Henrik Ibsen 
Henrik Ibsen (tekening).
    poëzij
  • 1862 - Digte ("Gedichten"; Ibsen syn iennichste publisearre dichtbondel, mei dêryn û.m. it epysk gedicht Terje Vigen, út 1862)

Ferfilmings

  • 1917 - Terje Vigen (A Man There Was) - rezjy: Victor Sjöström
  • 1934 - Peer Gynt - rezjy: Fritz Wendhausen
  • 1935 - Stützen der Gesellschaft - rezjy: Detlef Sierck
  • 1937 - Ein Volksfeind - rezjy: Hans Steinhoff
  • 1943 - Nora - rezjy: Harald Braun
  • 1972 - Nora - rezjy: Joseph Losey
  • 1973 - Nora Helmer - rezjy: Rainer Werner Fassbinder
  • 1973 - Ein Puppenheim (A Doll's House) - rezjy: Patrick Garland
  • 1975 - Hedda Gabler (Hedda) - rezjy: Trevor Nunn
  • 1976 - Die Wildente - rezjy: Hans W. Geißendörfer
  • 1978 - Ein Feind des Volkes (An Enemy of the People) - rezjy: George Schaefer (oanpast troch Arthur Miller)
  • 1984 - Die Wildente (The Wild Duck) - rezjy: Henri Safran
  • 1987 - Peer Gynt - rezjy: István Gaál
  • 2003 - Nora - rezjy: Thomas Ostermeier (mei Anne Tismer as Nora); tillefyzjedaptaasje
  • 2004 - Sonntagsluft (nei it stik Gengangere) - rezjy: Frank Alva Buecheler
  • 2006 - Hedda Gabler - rezjy: Thomas Ostermeier; tillefyzjeadaptaasje
  • 2006 - Peer Gynt - rezjy: Uwe Janson

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Further reading, op dizze side.


Tags:

Henrik Ibsen LibbenHenrik Ibsen WurkHenrik Ibsen FerfilmingsHenrik Ibsen Keppeling om utensHenrik Ibsen1828190620 maart23 maaieBokmålDeenskDichterEt DukkehjemIn PoppehûsNoarwegenOsloPeer GyntRegisseurSkien (Telemark)SkriuwtaalTeäter (gebou)ToanielToanielskriuwerToanielstikWilliam Shakespeare

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

LychtensteinClara TrinityWikipedyVanessa SkyTwadde WrâldkriichFlensburchWyt-RuslânAdolf HitlerJune CrespoAda SanchezKlaaifryskSpinifeksdoTiemen GroenCreative CommonsKoöperaasjeAlle SmedingFerdjippingMoslimAmerikaansk FilmynstitútManedoJurjen DreeuwsOerwûn bernWaskbearHomo erectusMarijn KuipersJoyce Oliveira9 septimberFêreu-eilannenLoftfartúchAbel TasmanWite TongersdeiFriezenSeksuele penetraasjePoalenLuna SilverBou (lânbou)BoekhâlderJade JantzenCarles PuigdemontRoplettersWillem de OermasterderFideospultsjePeta JensenCandy MansonNoelle EastonDe Eerste PrijsJan Hepkes WoudaTwitterOldehoveISO 3166-1Fidel CastroMinnie BeetsMårten Eskil WingeSúdwesthoekskIt OranjewâldOekraïne1862Saaremaa (eilân)Jayden LeeSensual JaneAnneke DoumaWestlike rotsmûsHTMLCharley AtwellFinskCody BryantYnternasjonaal Systeem fan IenhedenGrutte Slink🡆 More