Henk Gemser

Henk Gemser (Berltsum, 6 april 1940) is in earder sportlearaar, reedrydcoach en trainer út Aldehaske.

Henk Gemser
Henk Gemser en Bert de Jong, 1977

Libben

Nei de HBS gie er nei de Sportakademy yn Amsterdam. Yn it earstoan lei Gemser him ta op atletyk, hurdfytsen en swimmen. Hy hat ek meidien oan it Fryske kampioenskip koartebaanriden. Yn 1962/1963 wie er ien fan de 58 toerriders fan de Alvestêdetocht.

As sportoffisier yn it leger waard er frege as trainer fan de kearnploech en yn 1969 kaam hy yn tsjinst by de KNSB. Hy wie yn tsjinst by it CIOS mar waard detasjearre by it ridersbûn. Yn 1976 waard er trainer fan de sprintkearnploech mei Lieuwe de Boer, Eppie Bleeker en Sies Uilkema. It soe duorje oant 1979 doe't er ûntslein waard doe't er him net stil hâlde koe tsjin de bestjoerders.

Nei de mislearre Olympyske Spullen yn Sarajevo waard der wer in berop op him dien. Mei manlju as Hein Vergeer, Jan Ykema, Geert Kuiper, Hein Vergeer, Gerard Kemkers en benammen Ids Postma helle er as coach grutte suksessen.

Gemser stiet bekend om syn taalgebrûk. Sa kaam er mei de útdrukkings "Yn gesprek mei it iis", "Jonge hûnen", "op de winkel passe".

Hy is bestjoerslid fan sportkoepel NOC*NSF. Yn 2010 wie er Chef de Mission wêze foar de Olympyske Winterspullen yn it Kanadeeske Vancouver.

Keppeling om utens

Tags:

19406 aprilAldehaskeBerltsum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Cassidy BanksMisjonarishâldingTiffany Towers (pornografysk aktrise)Ines RidereGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2021Pornografysk aktriseHidetoshi NakataGoudjakhalsNon-profitTongaSpanjeTony van der MeulenSrylankaanske pappegaaidoRosamund PikeNeakenensMonumint foar it Swarte Leger (Reims)Luna SilverHeather LeeSasha BeartDialektHTMLJuliet E. McKenna19 maaieSkyy BlackEsfigmenou-kleasterRocco SiffrediAtoomBoerûpappegaaidoOflûken (seksualiteit)Skiednis fan Fryslân (wengebiet)Henk AlkemaPolo op de Olympyske Simmerspullen 1900Grutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2004LimaAustraalje (lân)Mia LinaMaksintiusAnneke DoumaHessel van der WalSybren JansmaDaisy SummersKleanVictoria GivensEkshibisjonismeJohnny CashGNU/FDLMinsklike seksuele aktiviteitGrypsturtJoos de MomperCassandra WildeSjinkie KnegtCocktail (film út 1988)Gewoane kjifstikelbaarchPenisOmgong fan Itaalje 1987YnternetList fan planetoïden 75201-753001924Pappegaaidowen🡆 More