Hendrik C. Van De Hulst

Hendrik Christoffel (Henk) van de Hulst (Utert, 19 novimber 1918 - Leien, 31 july 2000) wie in Nederlânsk astronoom.

Hendrik C. Van De Hulst
Van de Hulst op de Nederlânske Astronomekoferinsje, Dalfsen, maaie 1967
Hendrik C. Van De Hulst
Henk van de Hulst in 1977

Libben

Van de Hulst wie in soan fan berneboekeskriuwer W.G. van de Hulst sr. Hyn studearre yn Utert en behelle yn 1946 by Marcel Minnaert syn doktoraat, mei it proefskrift "Optics of spherical particles". Nei syn promoasje wurke er as postdoc oan de Yerkes-stjerrenwacht fan de Universiteit fan Chicago.

Yn de Twadde Wrâldoarloch berekkene er, ynspirearre fan Jan Hendrik Oort, dat wolken fan neutraal waterstof yn us Molkweistelsel elektromagnetyske strieling mei in golflingte fan 21 sintimeter útstjoere moasten. Dy strieling waard yn 1951 ek yndie ûntdutsen en yn 'e mande mei Oort en Christiaan Alexander Muller sette Van de Hulst út ein mei in projekt dat it neutrale wetterstof yn it Molkenpaad yn kaart bringe moast. De spiraalfoarmige struktuer fan it Molkenpaad waard dêrtroch foar it earst fêstlein.

Tusken 1948 en 1984 wie Van de Hulst ferbûn oan de Universiteit Leien, earst as lektor en fân 1952 ôf as gewoan heechlearaar. Hy levere in wichtige bydrage op it mêd fan radio-astronomy en ek oan nasjonale en ynternasjonale organisaasjes op it mêd fan romteûndersyk. Van de Hulst krige yn 1955 de Henry Draper Medal, yn 1964 de Rumford Medal, yn 1978 de Bruce Medal en yn 1995 de Karl Schwarzschild Medal. 'Planetoïde 2413 van de Hulst' is nei him ferneamd en '2412 Wil' is nei syn oare helte ferneamd. Hy wie lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).

Van de Hulst waard 1958 der earste presidint fan COSPAR, in nije ynternasjonale organisaasje foar romteûndersyk. Teffens wie er nau belutsen by de oprjochting fan de Jeropeeske Romtefeartorganisaasje ESA en spile er in rol fan belang by it ta stân kommen fan it Europeeske Romtefeartûndersyk en Technologysintrum ESTEC yn Noardwyk yn Súd-Hollân.

Promovendussen

Promovendy fan Van de Hulst binne ûnder oare Gart Westerhout (1958), Alexander Ollongren (1962), Harm Habing (1968), Vincent Icke (1972), Elly Dekker (1975), Wim Hermsen (1980), Tim de Zeeuw (1984) en Marijn Franx (1988).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H.J. Habing, 2000. InMemoriam H.C. v/d Hulst, Nederlands Tijdschrift voor Natuurkunde. S. 283-284

Tags:

Hendrik C. Van De Hulst LibbenHendrik C. Van De Hulst PromovendussenHendrik C. Van De Hulst Keppelings om utensHendrik C. Van De Hulst19 novimber1918200031 julyAstronoomLeienNederlânUtert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Frysktalige WikipedyKunnilingusJoo Min Lee27 maartOrale seks9 julyTechnykVictoria CakesFryske talenVienna BlackNieuwlandeMediaWikiStrawelteHistoaryskAmerikaanske dollarKortikosteroïdeTuneezjeISSNFlorânsPornhubSarah YoungFalomBernemisbrûk1915NeakenfotografyAfrica SexxKatee Owen29 junyHeldMegan Salinas1971Yndustriële RevolúsjeFideoSûchdieren6 augustusBitcoinFotografyAstronoomProstitúsjeMisjonarishâldingSensual JaneSkiednisPersia MonirRuri SaijoCassandra WildeMassachusettsEnsyklopedy28 novimberOrkestMichelle TuckerFotosynteze2016SekshâldingKartaachske RykPappegaaidowenIerdbevingKatolisisme2003Midden-AmearikaSean LawlessWittenskiplike nammeKosmetikaYves BaillatMarijn Kuipers31 desimberGrutte Depresje2005Feriene Arabyske EmiratenDe factoEkshibisjonismeAngelica RavenIran🡆 More