Heliosintrisme

De heliosintristyske teory of heliosintrisme giet der fan út dat de sinne it middelpunt fan it universum is, dêr't alles om hinne draait, of it middelpunt fan it sinnestelsel, dêr't de planeten omhinne draaie.

Heliosintrisme
Heliosintrysk sinnestelsel út Andreas Cellarius's Harmonia Macrocosmica, 1708.

Algemien

Neffens de teosofy stean yn de âldste geskriften, de feda's, Shatapatha Brahmana (om de 9e-7e iuw foar Kristus), Aitareya Brahmana (om de 9e-7e iuw f.Kr.) en de Fishnu Purana (om de 1e iuw f.Kr.) iere eleminten fan in heliosintrysk systeem. En de âlde Grykske filosofen, lykas Pytagoras en syn folgeling Filolaos fan Kroton, kamen ek al op it idee dat de ierde net it middelpunt wie. Faak sitte yn harren teoryen lykwols al eigenaardichheden, lykas it bestean fan in 'tsjinierde' en de 'hurd fan it hielal'. Aristarchus (320-250 foar Kr.) wurdt faak neamd as besitter fan kennis fan heliosintrisme. Hy hie steund op de teory fan Herakleides (387-312 f.Kr.).

It heliosintrisme is yn it Westen op wittenskiplike basis fêstige troch it wurk fan Nicolaus Kopernicus en Galileo Galilei. Kopernicus' boek, Oer de omwinteling fan de himelske sfearen (De Revolutionibus Orbium Coelestium) waard yn 1543 publisearre doe't hy op it stjerbêd lei. Yn it earstoan joech it net folle argewaasje, benammen troch de tsjerke, dy't de passaazjes oer it heliosintrisme ferbea. It heliosintristyske wrâldbyld is pas echt populêr wurden troch Galilei en Johannes Kepler, dy't inkele hurde wittenskiplike bewizen oandroegen.

De foarnaamste arguminten foar it heliosintrisme wiene:

  1. De needsaak fan episykli, dy't it wrâldbyld fan Ptolemaeus tige komplisearre makken.
  2. It optreden fan parallaks.
  3. It feit dat Jupiter moannen hie, en dus net alles om de ierde draaide
  4. De fazes fan Fenus, en de wikseljende grutte fan Fenus.
  5. Beskriuwingen fan planeetbanen troch Galileo en Kepler oan de hân fan waarnimmings.

Dizze arguminten, en benammen de earste fjouwer, wjersprutsen wol it geosintryske wrâldbyld fan Ptolemaeus, mar net dat fan Tycho Brahe. Sjoch Kopernikus fersus Tycho Brahe hjirûnder.

De Roomsk-Katolike Tsjerke wie in grut tsjinstanner fan it heliosintrisme. Dat hie as redenen:

  1. De Bibel stelt yn ferskate fersen eksplisyt oan de oarder dat de ierde de midden is fan it universum, mids de himel, mei yn 'e midden fan de ierde de 'boaiemleaze put', de hel
  2. As ien fan twa foarwerpen om de oare hinne draait, en der fierders gjin punt is wêroan it stilstean fan ien fan beide foarwerpen relatearre wurde kin, moat it foarwerp dat it lêst komd is yn in baan om it earste foarwerp gean. De ierde is neffens Genesis 1 as earste makke, de sinne moat der dus om hinne draaie.
  3. Filosofysk-teologyske arguminten.
  4. De Grykske wittenskip: de yn dy tiid tige achtenearre wittenskippers as Ptolemeus, hienen in gesintrysk wrâldbyld.

Wittenskiplike ûnderbouwing

Dat Kopernicus mei in nij wrâldbyld kaam wil noch net sizze dat it algemien akseptearre waard. De tsjerke hie grutte beswieren en der wie noch gjin empiryske ûnderbouwing fan de troch him lansearre teory.

Tycho Brahe, dy't in geosintrysk wrâldbyld hie, besocht de teory fan Kopernicus te falsifisearjen troch waarnimmings te dwaan. Op basis fan syn gegevens, dy't sûnder teleskoop dien waarden, kaam hy ta in nije teory: de moanne en de sinne draaiden yn konsintryske sirkels om de ierde. De planeten op harren bar draaiden om de sinne. Dat wrâldbyld kin sa as oergong sjoen wurde fan it geosintrisme nei it heliosintrisme. Syn assistint en opfolger Kepler brûkte letter Tycho Brahe's observaasjes fan Mars as basis foar de formulearring fan syn ferneamde wetten.

De úteinlike oerwinning fan it heliosintrisme kaam troch de waarnimmingen dy't Galileo Galilei yn 1609 die mei de krekt útfûne teleskoop en troch de wetten fan Kepler, dy't binnen in heliosintrysk wrâldbyld de planeetbanen op folle ienfâldiger wize beskreaunen as oant dan ta mooglik west hie. Galilei waard yn 1616 foar syn opfettings troch de Ynkwisysje ta libbenslang feroardiele.

Tsjintwurdich binne der net folle minsken mear dy't tinke dat de ierde yn it sintrum fan it universum stiet, en it binne nea wittenskippers. Ien fan de grutste filosofen fan de moderne tiid, Friedrich Nietzsche (1844-1900), wie lykwols poer op de Koperniaanske teory tsjin: hy fûn dat se yngie tsjin de sintúchlike waarnimming. Sjoch hjiroer ek it geosintrisme.

Yn de 16e iuw waard troch Giordano Bruno it idee nei foaren brocht dat de sinne in stjer wie, krekt as in protte oaren. Om dy stjerren soenen dan wer planeten draaie, lykas om ús sinne. Hy beskreaun dizze gedachte yn syn boek De l'Infinito, Universo e Mondi.

Letter die bliken dat ek de sinne net yn it middelpunt fan it hielal stiet. In wichtige rol spile hjiryn it wurk fan William Herschel út 1802. Hy ûntdekte dat de sinne beweechde tsjinoer stjerren. Yn tweintich jier hie hy 90.000 stjerren bestudearre, en hy kaam ta de konklúzje dat it Molkenpaad in platte skiif fan stjerren wie, en dat de sinne net mear as ien fan dy stjerren wie.

Noch letter bliek ek it molkenpaad mar ien fan in hiel soad stjerrestelsels te wêzen, en neffens de hjoeddeiske ideeën is der gjin diel fan it hielal dat mear bysûnder wêze soe as de oaren, en sa as it 'middelpunt' beskôge wurde koe.

Kopernicus fersus Tycho Brahe

Men soe him ôffreegje kinne wêrom't de santjinde-iuwske gelearden, lykas Johannes Kepler en Galileo Galilei, de foarkar joegen oan it heliosintryske model fan Nicolaus Kopernicus ynstee fan it geosintryske model fan Tycho Brahe.

It model fan Tycho Brahe is net sa botte bekend. Dit model moat net betize wurde mei it (tagelyk geosintryske) model fan Klaudius Ptolemaeus. Tycho Brahe stelt dat de ierde yn 'e midden stiet, dat de moanne en de sinne om de ierde draaie, en de oare planeten om de sinne.

It is net dreech yn te sjen dat de ûnderlinge bewegingen fan de himellichems krektsa klopje mei it model fan Tycho Brahe. It beswier fan de episykels bestiet net, de troch Galilei ûntdekte fases fan Fenus klopke eksakt, lykas it feit dat Fenus en Merkurius altyd yn de buert fan de sinne stean. En it feit dat Jupiter moannen hat, hoecht ek gjin beswier te wêzen.

Mar Kepler en Galilei holden fêst aan het heliosintryske model. Kepler krige dêrtroch in konflikt mei Tycho Brahe, en de tsjerklike autoriteiten makken Galilei it libben soer. Dochs holden dizze minsken de foet by de kûle.

Tsjintwurdich witte wy dat de massa fan de sinne grutter is as dy fan de rest fan it sinnestelsel, en dat op grûn dêrfan de sinne wol yn de midden stean moat. Boppedat sjogge wy yn de rin fan it jier dat de stjerren in parallellaktyske beweging útfiere, en it is wol tige ûnwierskynlik dat de sinne yn har jierlikse beweging om de ierde alle stjerren meisleept. Mar yn de santjinde iuw wisten se allegear noch net.

In mear technysk argumint foar it heliosintrisme is te finen yn de Wetten fan Kepler. Dizze wet jout in relaasje tusken de omrintiid P fan in himellichem en de lingte fan de heale lange as a. Dizze is: P2/a3 = konstant. Allinnich de moanne foldocht net oan dizze wetmjittichheid.

Galilei ûntdekte de moannen fan Jupiter. Hy stelde fêst dat dizze moannen har ûnderling wol hâlde oan de tredde wet, mar mei in oare konstante as de planeten. Blykber is de tredde wet fan Kepler wol jildich, mar hat de konstante net altyd deselde wearde. Mar dan is de ierdske moanne net sa dissidint mear: foar de ierdske moanne jildt wer in oare konstante.

Wêrtroch wurdt dy konstante bepaald? Lit ús ris sjen nei de trije ferskillende konstanten:

In konstante fan 9,83.10-19 s2/m3 foar it stelsel

  • Ierde-moanne

In konstante fan 2,95.10-19 s2/m3 foar de stelsels

  • Ierde-sinne
  • Sinne-Merkurius
  • Sinne-Fenus
  • Sinne-Mars
  • Sinne-Jupiter
  • Sinne-Saturnus

In konstante fan 1,7.10-13 s2/m3 voor de stelsels

  • Jupiter-Io
  • Jupiter-Europa
  • Jupiter-Ganymedes
  • Jupiter-Kallisto

Wat kinne wy hjir foar konklúzjes út lûke? Besjogge wy de trije listkes, dan blykt dat alle wearden fan elk rychje in himellichem mienskiplik hawwe. Yn it twadde rychje is dat de sinne, en yn it tredde is it Jupiter. Blykber is der yn elk stelsel ien himellichem dat dikteart hoe grut de konstante is. Yn it gefal fan Jupiter is it boppedat dúdlik sichtber dat Jupiter grutter is as de fjouwer moannen, en dat Jupiter yn de midden stiet (dat wol sizze dat Jupiter in lykmjittiger beweging makket tusken de stjerren as de fjouwer moannen). Yn it twadde rychje dikteart de sinne hoe grut de konstante is, en lichtwol kin dêrút konkludearre wurde dat de sinne fierwei it grutste is, en boppedat dat de sinne yn de midden stiet.

Sjoch ek

Tags:

Heliosintrisme AlgemienHeliosintrisme Wittenskiplike ûnderbouwingHeliosintrisme Kopernicus fersus Tycho BraheHeliosintrisme Sjoch ekHeliosintrismeSinneSinnestelselUniversum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

George W. BushGrutte Synagoge (Tomsk)28 febrewarisPornofilm14e iuwRome (stêd)Vienna BlackStasjon LoppersumEgypteLavish StylesRuslânKubaRadioReklamespotsjesJuliaanske kalinderBruorren Grimm18 novimberGauke BoelensAmmoniakKateftigenFriezebrêgeIngelskLybjeAsteroïde13 febrewarisSotsjyFrancesca PetitjeanIran1200WikipedyMatearjeRicki RaxxxSeksualiteitChanto-Mansië14 julyFerstoarCassidy BanksList fan haadstêdenAldfryskIemshavenBoerjatië5 maartMona LisaCalgaryList fan spoarlinen yn NederlânIvanovski-kleaster (Pskov)WikiLeaksFulkaanKraj KamtsjatkaSylviaMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)14 septimberAlde EgypteAdam en Eva (plant)GoudHavana GingerBarnstien1505Untsliepeniskatdraal (Tomsk)Poalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Karelië (dielrepublyk)KanadaMissy ElliottIt JiskelânPrins EdwardeilânGrut-BrittanjeWurd🡆 More