Heldersjendheid

Heldersjendheid of klearsjendheid, soms ek wol omskreaun mei de Ingelske term fan Frânsk komôf clairvoyance, is in paranormaal fermogen dat beskate persoanen sizze te hawwen, om op bûtensintúchlike wize bylden te sjen fan foarfallen dy't har op in oar plak en/of op in oare tiid foardogge.

Faak giet it dêrby om dingen dy't noch barre moatte, wêrmei't sokke heldersjendheid in reitsflak kriget mei wiersizzerij. Dat hoecht lykwols net sa te wêzen, want it is ek mooglik dat it giet om bylden fan eat dat yn it ferline bard is. Immen dy't sa'n fermogen hawwe soe, wurdt in heldersjende neamd, of ek wol in paragnost. Oan heldersjendheid besibbe, mar folle minder bekende bûtensintúchlike fermogens binne helderhearrendheid, helderrûkendheid en helderfielendheid.

Heldersjendheid
In kristallen bol wurdt soms as attribút brûkt foar wiersizzerij.

Heldersjenden miene (of sizze te mienen) dat se wat oer ûnbekende minsken en sitewaasjes gewaarwurde kinne troch harren paranormale fermogen. Sa wolle se bygelyks faak hawwe dat se gedachten, gefoelens, oantinkens of fisualisaasjes fan in kliïnt of groep kliïnten opfange kinne. Faak jouwe heldersjenden fierders op eigen inisjatyf advizen oan 'e plysje as der bygelyks in foarwerp of in persoan (net selden in bern) fermist wurdt. Hiel inkeld komt it foar dat de plysje sels kontakt mei in heldersjende of paragnost opnimt om't se net fierder komme mei in saak. Ut in ûndersyk yn Ingelân die lykwols bliken dat by saken dy't oplost wiene nei advys fan in paragnost de oplossing fan 'e saak net ien kear it gefolch fan dat advys wie. Yn 2012 liet minister fan Justysje Ivo Opstelten op fragen fan 'e KristenUny witte dat de Nederlânske plysje, yn tige seldsume gefallen, de ynset fan "ûnotterdokse opspoaringsmetoaden" (d.w.s. de ynset fan in paragnost) net útslút.

De tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk docht nei de mooglikheid fan heldersjendheid is de parapsychology. Dy hat oant no ta lykwols gjin bewiis fine kinnen foar it bestean fan bûtensintúchlike fermogens. Oer de jildichheid fan beskate eksperiminten mei heldersjendheid bestiet, sels binnen de parapsychology, ûniennichheid. It bestean fan alles dat paranormaal is, wurdt net akseptearre troch serieuze wittenskippers, dy't de parapsychology faak yn ferbân bringe mei pseudowittenskip. Dat byld wurdt noch fuortsterke om't in soad heldersjenden yn it ferline ûntmaskere binne as oplichters of yn elts gefal as bedragers.

Guon bekende heldersjenden binne:

  • Robbert van den Broeke (1980), in Nederlânske heldersjende dy't sûnt 2004 geregeldwei op 'e tillefyzje wie. Yn 2006 ferskate kearen ûntmaskere as oplichter troch de Stichting Skepsis, Dossier X en De Telegraaf.
  • Char Margolis (1951), in Amerikaanske spiritiste dy't seit troch har yntuysje kontakt lizze te kinnen mei ferstoarne dierbaren fan har kliïnten.
  • Derek Ogilvie (1965), in Skot dy't bekend stiet as "de babyflústerer" en troch telepatysk kontakt begripe kinne soe wat der yn poppen omgiet. Yn 2007 ûntmaskere troch de Amerikaanske ûndersiker en gûchelder James Randi en yn 2012 jitris troch it VARA-programma Rambam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

FerlineFrânskIngelskKomôfParanormaalPersoanTiid

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mina LuxxVina SkyAnusNeakenmodel1907NoardhoekskDetroitFêsteljûn4 aprilMustafa Kemal AtatürkCassandra WildeLeppeltsje-leppeltsjeGrutte-boarstesjenreMårten Eskil Winge5 oktoberKatEmiel StoffersBang BrosFeriene KeninkrykMia KhalifaSeptember Reign1 augustusBelesting1939PornoakteurList fan Fryske jongesnammenAdam en EvaHidde Boersma16 april1975DûbaiNyomi Marcela24 aprilGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007Hertpuzel8 desimberSwurdWurdspulSpaanskRachel AzianiAudree JaymesTaeke Jitze Botke5 desimberTynaarloSan DiegoAeolus SeisbierrumAsa fan JudaAubrey KateMidden-Amearika1839Ramon (pornografysk akteur)Rommert de BreeChesty PullerBrazzersRepublykUnbreakable (film)Bedriging (misdriuw)Katee Owen25e iuw1482De Holder (literêr tydskrift)24 julyPieter BreukerNigeariaFilipinenUpskirtPûn sterlingYnterbellumLuna Silver🡆 More