Hearresylbrêge

De Hearresylbrêge waard yn 1969 iepene oer de Hearresyl, de ferbining tusken de Terkaplester Puollen en de Snitser Mar.

De iepening fan 'e brêge waard fierd as in heuglik feit en in stimulâns foar de wettersport yn dizze kontreien. Der wienen doe al jierren fan praten oan foarôfgien; oer it wol of net opnij iepen meitsjen fan de ferbining tusken Snitser Mar en Terkapelster Poel. Foar de oarloch wie der hielendal gjin iepening tusken dizze twa wetters. Oan wjerskanten fan de dyk nei Terherne wienen reidpôlen mei dêrefter de mar en de poel. Dochs hie der yn de 16e iuw al in syl yn dizze dyk sitten.

Yn de lette midsiuwen waard dizze slachtedyk oanlein as kearing tsjin it wetter fan de Middelsee. It lân fan de Lege Wâlden en fierder eastlik waard sa beskerme tsjin oerstreamings. Doe’t om 1530 hinne de gebieten by It Hearrenfean ôfgroeven waarden foar turf, moast dy turf ôffierd wurde mei skippen. Dêrom waarden ferskate sleatten en kanalen groeven en waard troch de bekende feanbazen Dekema, Cuyck en Foeyts ek in trochgang makke yn dizze slachtedyk, om sa de turf fia de Snitser Mar ôffiere te kinnen nei de Sudersee. De Hearesyl waard oanlein, neamd nei de trije hearen.

De slûs hat in pear iuwen tsjinst dien, maar slûs en dyk waarden net goed ûnderhâlden. It ûnderhâld moast mienskiplik dien wurde troch de feanhearen en de gebieten oan de eastkant van de dyk, want dizze gebieten waarden beskerme troch de dyk en syl. It wienen de gemeenten Utingeradeel, Haskerlân en Aenjewier. Mar der wie in soad strideraasje ûnderling, sadat slachtedyk en slûs fersuteren. De dyk koe it wetter net goed mear keare; de lannen yn ús omkriten strûpten der geregeld wer ûnder by heech wetter. By in swiere stoarm yn 1718 ûntstie in gat yn de dyk dat hoe langer hoe grutter waard. De syl ferdwûn en der ûntstie in “trekgat”. Op it lêst hie it in breedte fan ±200m. en waarden Terkaplester Poel, Sâltpoel en Snitser Mar ien gehiel. Skippen fearen sa troch it gat de poel op. Der kaam in pont om minsken oer it gat te setten.

Yn 1882 kaam der in ein oan dizze sitewaasje. De provinsje lei in nije slachtedyk oan. It farferkear waard omlaat troch Terherne en it gat waard ôfdamme en tichtgoaid. Der kaam in dyk foar it ferkear oerhinne, de pont koe ferfalle. Sa is it bleaun oant der ± 1963 plannen ûntstienen om it eardere gat wer iepen te meitsjen en der in brêge mei slûs te pleatsen. Dit yn it kader fan stimulearing fan rekreaasje en wettertoerisme. De plannen binne trochsetten en sa koe op 30 juny 1969 de nije trochgong iepene wurde troch Linthorst Homan, kommissaris fan de keninginne. Hy die dit mei de belle fan de eardere pont. Dizze belle wie bewarre bleaun op it gemeentehûs fan Utingeradiel, dêr’t de Hearresyl en Terkaple-Eagmaryp doe diel fan útmakken.

Dat der twifels wienen oer it wol of net wer iepenjen fan it gat seit it folgjende stikje út de Leeuwarder Courant fan septimber 1963: wie ter plaatse een kijkje neemt, ontdekt aan de ene zijde een rietkraag waarin de golven van de Zoutpoel tot rust komen, en aan de andere zijde en tweede rietzoom, waarachter het prachtige gebied van de Terkaplester poelen schuilgaat en waar menig zeiler de zo zeldzame rust vindt. Het is een fraai hoekje daar bij de voormalige zijl. Talrijke toeristen toeven daar om een blik te werpen over de schilderachtige plassen aan weerszijden en te genieten van de rustige omgeving, waar de zwartbonten de groene greiden stofferen, waar de dorpjes de horizon markeren en in het boomgewas verscholen boerderijen her en der verspreid liggen. Het zou dan ook wel veel verandering geven als de plannen verwezenlijkt zouden worden. Ten goede, maar ook ten kwade.

Tags:

16e iuw1969Snitser MarSylTerkaplester PuollenWettersport

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Pornofilm1000Nederlânske Herfoarme TsjerkeOekraïneProvinsjes en territoaria fan KanadaStút (lichemsdiel)20e iuwVladimir PûtinJeropeeske UnyList fan planetoïden 17001-18000Krypetski-kleaster1979IngoesjetiëStasjon AppingedamTibearius6 augustusList fan planetoïden 47001-48000Olympyske Simmerspullen 1956Sanskryt3 maaieLavish StylesMaarten de JongStasjon LoppersumMia LiSolovetski-kleasterUntsliepeniskatdraal (Tomsk)IranMarije CornelissenStoomauto5 septimberTrio (seksualiteit)Stasjon BedumHybride (biology)SuffolkList fan Romeinske steatshadenYnternetSensual JaneFeriene Keninkryk9 febrewarisFulkaanGandzasarRuslânImerkes (fûgel)SKnivskjelloddenWarsjaupaktVienna BlackJeanne d'ArcStalkingDef RhymzHarmony WonderLânfâd2018RomeinenKeizerAnton WachterpriisShae SummersMona LisaBorneroordSûger (plant)Tuberkuloaze1 julyNapelsNoardatlantyske FerdrachsorganisaasjeEve MadisonShakey SamCarles PuigdemontRjochtsaakFerstoarMinnie BeetsPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Wite BrânnettelBoazum🡆 More