Hans Willem Fan Randwijck

Hans Willem fan Randwyk (Ksanten, 6 april 1581 - 1629) wie in soan fan Floaris (troch Spaanske ruters út de besetting fan Meurs, ûnder Camillo Sachini bûten Gennep fermoarde 3 juny 1588) en fan Mechteld fan Boeckholt.

Hy wie luitenant-kolonel en kapitein yn tsjinst fan de Steaten. Nei it einigjen fan it Bestân dienen streupende Spanjerts út de garnizoenen fan Oldenzaal, Grol en Lingen in ynfal yn Fryslân (1622), dêr't se lykwols tusken Aldskoat en It Hearrenfean troch it manmoedich gedrach fan de Fryske kapiteins Bootsma, Eysinga en Donia weromdreaun waarden. Wyls lichten de kolonels fan Randwyck en Nicolaas Schmelsing (in Eastenryksk ealman yn steatetsjinst) út de garnizoenen fan Swol, Dimter en Sutfen kriichsfolk en lutsen dêrmei de weromsleine Spanjerts temjitte. As ferhastiging en krêftebesparring lieten se de manskippen op weinen ride. Se stuiten by Ommen op de Spaanske bindes, dreaunen se foar har út, omsingelen se op it tsjerkhôf fan neamd plak en needsaken har ta oerjefte. De finzennimming fan om-ende-by 1000 man makke foarearst in ein oan de streuptochten yn dizze kontreien. Yn de Mémoires de Fr. H. wurdt it getal kriichsfinzenen 1200, - by Aitzema lykwols op 800 man en 70 hyns steld.

Hans Willem boaske yn 1615 Margriet fan Straelen († 1 jannewaris 1626), dochter fan Arend en fan Geertruyd fan Beringen. Ut dat houlik kamen fjouwer bern, dêr't twa fan jong stoarn binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Mémoires de Fr. H.;
  • Aitzema I, 123;
  • Bosscha, Ned. Held. te land I, 330;
  • Genealogy Her. Bl. II, 113-115.

Tags:

1581158816293 juny6 april

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

23 maaieErotykRosa CaraccioloClara TrinityNigeariaAbortedSwierwêzenNoardsee1901Leppeltsje-leppeltsje1 jannewarisWesterlauwerske FriezenFrysktalige WikipedyNoelle EastonEmiel StoffersKollumJezus (tradisjoneel-kristlik)Noard-AmearikaTennisDeaPsychology4 aprilGermaanske talenWim KanISBNJoyce OliveiraMustafa Kemal AtatürkKroandowenPornofilmNRJ Music AwardGrutte OseaanList fan Fryske jongesnammenWolkekliuwerCarmel MooreFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)J. MacYnternetWrâldkampioenskip fuotbalRommert de BreeSlowakijeSkotskWreck-It RalphMoriah MillsSoesterberg1981Vanessa PrideLexxxi LockhartRicki RaxxxAmerikaanske dollarSherlock Holmes418Bist9 oktober15 aprilHeather Lee4 novimber1907Krystal SwiftOarlochsmisdieFingerjenPolitykJureka del MarPenisHelen DuvalIrakKetsjûa (taal)Luna Silver🡆 More