Hans Galjaard

Hans Galjaard (Leien, 8 april 1935 - 26 oktober 2022) wie in Nederlânsk heechlearaar yn de humane genetika.

Hy wie in dokter en ûndersiker dy't by it grutte publyk troch geregelde tv-optredens wat bekendheid hie. Hans Galjaard wie de heit fan diskjockey Erland Galjaard.

Hans Galjaard
Hans Galjaard (2004)
Hans Galjaard (2004)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Galjaard
nasjonaliteit Hans Galjaard Nederlânsk
berne 8 april 1935
berteplak Leien
stoarn 26 oktober 2022
wurkpaad
aktyf as heechlearaar yn de humane genetika.

Libben en wurk

Galjaard studearre genêskunde oan de Leidske universiteit en promovearre (cum laude) yn 1962. Nei in perioade fan ûndersyk yn de radiobiology yn Harwell (Ingelân) en by it Medisch Biologisch Laboratorium RVO/TNO yn Rijswijk waard er yn 1965 belutsen by de oprjochting fan de Medyske Fakulteit Rotterdam ûnder lieding fan prof. dr. Andries Querido.

Fan 1968 oant 1993 wie Galjaard heechlearaar en ôfdielingshaad selbiology oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Yn dy perioade rjochte er syn omtinken op de prenatale diagnostyk, wêrby't sykten of ôfwikingen al by it noch net berne bern fêststeld wurde kinne. Letter waard er ôfdielingshaad klinyske genetika oan de Erasmus Universiteit Rotterdam.

Dêrneist wie er lid fan de Kommisje bio-etyk fan UNESCO en naam er sitting yn de Kommisje Terlouw oer genetysk modifisearre iten. Ek fertolke er syn wittenskiplike rol yn telefyzjeprogramma's lykas Wille wij weten (NCRV, 1981), Erfelijkheid en jij: Een film over erfelijkheid en aangeboren afwijkingen (1990) en Alle mensen zijn ongelijk (VARA, 1994).

Yn 1997 krige er de Van Walree Priis fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.

Yn 2000 waard oan Galjaard de Van Oldenbarneveltpenning takend; dat is de heechste gemeentlike ûnderskieding fan de stêd Rotterdam. Syn ôfskiedskolleezje joech er yn 2001.

Galjaard ferstoar yn de âldens fan 87 jier.

Boeken

  • Galjaard, H.: Histochemisch en interferometrisch onderzoek van hyalien kraakbeen. Proefskrift, Leiden 1962.
  • Diagnostiek en prenataal onderzoek van aangeboren afwijkingen (1976) (ISBN 9789060161029)
  • Voorkomen is beter dan niet genezen : medische- en psychosociale voorlichting over erfelijkheid en aangeboren afwijkingen (1977) (ISBN 9789026616259)
  • Genetic metabolic diseases : early diagnosis and prenatal analysis (1980) (ISBN 9780444801432)
  • Het leven van de Nederlander (1981) (ISBN 9789020434620)
  • The Future of prenatal diagnosis (1982) (ISBN 9780443026034)
  • Ziekte en erfelijkheid (1982) (ISBN 9789094000745)
  • Neuraalbuisdefecten (1988)
  • Denkers over dilemma's (1988) (ISBN 9789050180559)
  • Alle mensen zijn ongelijk: de verschillen en overeenkomsten tussen mensen : hun erfelijke aanleg, gezondheid, gedrag en prestaties (1994) (ISBN 9789050182416)
  • Erfelijke aanleg; noodlot of perspectief? (1995) (ISBN 9789039307380)
  • Prenatal testing : new developments and ethical dilemmas (2004) (ISBN 9789069844114)
  • Gezondheid kent geen grenzen + DVD; erfelijkheid en de toepassingen van DNA-technologie (2008) (ISBN 9789050188715)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1935202226 oktober8 aprilDokterGenetikaHeechlearaarLeienNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MerknammeYnternasjonaal Systeem fan IenhedenPierre WoodmanBoekDierenOrganisearre misdieHammetje1952FaksismeMinsklike seksuele aktiviteit1 jannewaris$143129 junyCowgirlhâldingSkiftEjakulaasjeSkipfeartJacht (aktiviteit)KortikosteroïdeSaûdy-AraabjeTongaFeriene Arabyske EmiratenSkiednisFalomNieuwlandeEastseeAddis Abeba1977Artefakt (archeology)MediaWikiAjaks (mytology)Midden-AmearikaRuri Saijo18 junyYnternetAbbey BrooksArsjitektRidelSS-Totenkopfverbände2020ProstitúsjeMegan SalinasFideoHTMLWittenskiplike nammeArgentynjeDe factoOpera (browser)SûchdierenGokken18 augustusLatynOekraïneFotografyCarles PuigdemontGenêsmiddelMinskTurkijeRivierDútskEmiraat DûbaiApheliumEvelyn Lin31 desimberBaaiklean27 maart10 desimberAken22 aprilCassidy BanksTonge🡆 More