Han Peekel

Han Peekel (Rotterdam, 6 oktober 1947 - Sanur, Yndoneezje, 14 desimber 2022) wie in Nederlânsk telefyzjeprodusint, radio- en televyzjepresintator, produsint, skriuwer en sprekker.

Hy wie benammen bekend as presintator fan telefyzjeprogramma's as Wordt Vervolgd en TV Monument.

Han Peekel
Han Peekel tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Han Peekel (jierren 90)
Han Peekel (jierren 90)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Han Peekel
nasjonaliteit Han Peekel Nederlânsk
berne 6 oktober 1947
berteplak Rotterdam
stoarn 14 desimber 2022 (lokale tiid Baly, UTC+8)
stjerplak Sanur flagge fan Yndoneezje
wurkpaad
wurksum as Telefyzjeprodusint,
Telefyzje presintator,
Skriuwer
Sjonger
medium Telefyzje
wurksum by AVRO,
Kindernet,
Omrop MAX
bekend fan Wordt Vervolgd
jierren aktyf 1963-2022

Karriêre

Op jonge leeftiid begûn Peekel mei it skriuwen fan ferskes. Peekel begûn syn karriêre begjin jierren sechtich as sjonger fan Nederlânsktalige harkferskes. Ek wie er radiopresintator by Radio Veronica dêr't Peekel fan septimber 1963 oant jannewaris 1964 in programma oer harkferskes presintearre. Peekel wie oant 1970 aktyf as sjonger en song neist eigen lieten in soad wurk skreaun troch Hans van Deventer. Nei syn karriêre as sjonger krige er in baan by de KRO en wurke mei oan radioprogramma's as Zonnebloem, Letter M en Vroege Vogels. Ek wurke er foar de NCRV en de NOS. Peekel wie dêrneist ek muzykprodusint by Bovema in foarrinner fan EMI.

Peekel waard lanlik bekend troch de jierrenlange presintaasje fan AVRO's Wordt Vervolgd, in programma oer Tekenteltsjes en tekenfilms. Peekel soe it programma úteinlik 17 jier lang presintearje. Nei't Peekel troch de rjochtbank yn 1991 feroardiele waard ta in taakstraf en in boete foar belestingfraude, mocht er Wordt Vervolgd net mear presintearje fan de AVRO. Syn opfolger waard Judith de Bruijn, dy't it programma oant en mei 1993 presintearre by de AVRO. Dêrnei sette Han Peekel it programma fan 1994 oant 1997 fuort op Kindernet in Nederlânske telefyzjestjoerder mei berneprogramma's. Dêrneist hat Han Peekel mear as 120 ôfleveringen makke fan it programma TV Monument, in earbetoan oan de makkers fan telefyzjeprogramma's, lykas Floortje Dessing, André van Duin, en Joop van den Ende.

Han Peekel ferstoar op 14 desimber 2022, yn 'e aldens fan 75 jier oan de gefolgen fan hertfalen, wylst er op fakânsje wie op Baly.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL

Tags:

14 desimber194720226 oktoberNederlânRotterdamTelefyzjeprogrammaYndoneezje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DemokrasyHannelKoördinearre WrâldtiidHarmony WonderAdolf HitlerGreefskip Bentheim (Landkreis)Meet Me in St. Louis (film út 1944)Reality Kings1564FloaridaKatalaanskItaaljeFellatioLatécoère 300HongaarskRynFenus (mytology)Gansu1858Nederlân22 aprilLytse leppelbekKeunstnerArcheologyLiberalismeOomramKatedraalUrkSkiednis1990-er jierrenRembrandt van RijnDinnewrotmûsVina SkyPausRicki RaxxxApplikaasjeDyami MillarsonHulk (film)Maya BijouPears19e iuwWringeleazenTucsonSpanjeList fan sterke tiidwurden yn it FryskQuatrebras (buorskip)BibelAngelica RavenAbbey BrooksPakistanBlauKya TropicJeropaBosnyskHantsjemierGrut-BrittanjeTreron pembaensisEkwatoriaal-GuineeOflûken (seksualiteit)OntarioJureka del MarAulacomys1616websteeYnterprovinsjaal OerlisBlanche BradburryHarley RaineGazastripeBiologyDeepwater Horizon (boarplatfoarm)List fan planetoïden 89001-90000🡆 More