De Hânze wie in fan oarsprong Dútsk bûn fan hannelsstêden, letter útwreide mei stêden yn de omlizzende lannen, mei as doel ûnderlinge beskerming te bieden by de hannel yn bûtenlânske gebieten.
De Hânze wie aktyf fan de 12e iuw oant de 17e iuw; op it hichtepunt wie it in bûn fan likernôch 200 stêden.
Oarspronklik wie hansa it rjocht dat frjemde keaplju betelje moasten om te hanneljen yn in stêd, hearlikheid of lân. Fakentiden joegen keaplju fan ferskillende stêden elkoar "frijheid fan de hânze". De ynternasjonale ferienigen dy't sa ûntstienen krige ek de namme hânzen. Yn de 12e en 13e iuw kamen de belangen fan Dútske stêden mei hannel en bysûndere rjochten yn it bûtenlân gear yn in bûn fan hannelsstêden. Earst yn 1357 waard lykwols formeel de Hânze stifte.
Yn de bloeitiid (14e-15e iuw) omfieme de Hânze mear as 150 stêden, dêr't Lubeck de wichtichste fan wie yn it gebiet dat har útstrekke tusken de Sudersee, de Finske Golf, de Baltyske See en Turingen.
It bûn wie net ticht assosjearre; it wie fral in groep stêden dy't mienskiplike belangen op Noardsee en Eastsee ferdigene, ek mei oarlochsskippen at dat nedich wie. Beslissings wienen naam op de Hânzedei, ien kear yn it jier yn Lubeck. Fierders wie Lubeck ek de arbitraasje at de stêden ûnderinoar konflikten hienen. Der wienen sa'n santich wichtige hannelsstêden yn it bûn, en nochris hast dûbeld sa folle hannelsposten en oare hannelsrelaasjes dy't ek lid wienen.
De wurde trije faktoaren oanwiisd foar de delgong fan de Hânze:
Nei 1600 wie it bûn net mear as organisaasje aktyf. De lêste Hânzedei waard lykwols oan de ein fan de iuw holden, yn 1699. Formeel wie de Hânze doe lykwols net ôfsletten, en Lubeck, Hamburch en Bremen bleaunen as de lêste trije leden oer, en neame harsels hieltyd noch Frije en Hânzestêd.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Hânze, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.