Gosse Blom

Gosse Blom (Hylpen, 6 oktober 1946 – dêre, 2 novimber 2014) wie in Hylper taalkundige dy't fan 1975 oant 2011 wurksum wie by de Fryske Akademy as assistint by de fakgroepen Skiednis en Taalkunde.

Hy wie dêr û.m. de autoriteit op it mêd fan it Hylperske dialekt, en yn dy hoedanichheid wied er ferantwurdlik foar de gearstalling fan it Hylper Wurdboek, dat ferskynde yn 1981, en dêr't er sûnt 1975 oan wurke hie. Ek lei er it grûnwurk foar it fiif jier nei syn dea ferskynde Graet Hylper Wordebook.

Gosse Blom
Gosse Blom skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gosse Blom
nasjonaliteit Gosse Blom Nederlânsk
berne 6 oktober 1946
berteplak Hylpen (Fryslân)
stoarn 2 novimber 2014
stjerplak Hylpen (Fryslân)
etnisiteit Gosse Blom Frysk
wurk
taal Hylpersk, Nederlânsk, Frysk
sjenre non-fiksje (sport, skiednis, taalkunde)
bekendste
  wurk(en)
Hylper Wurdboek,
Om Priis en Eare
jierren aktyf 70-er jierren – 2014
offisjele webside
n.f.t.

Fierders publisearre Blom yn it Frysk, Hylpersk en Nederlânsk oer sport en oer de skiednis fan 'e Súdwesthoeke. Ek fersoarge er yn 2012 in Hylperske oersetting fan it mearke Fan 'e Fisker en Syn Frou, foar de útjefte Mearkes fan Grimm, fan Anne Tjerk Popkema. Datselde jiers wied er belutsen by it gearstallen fan lesboekjes dêr't skoalbern it Hylper dialekt mei oanleard wurde moast.

Yn it ferlingde fan syn ynset foar it Hylper dialekt siet Blom yn it bestjoer fan 'e Stichting to Behaald Ymmaterieel Erfgoed Hylpen, en dêrnjonken wied er ek belutsen by de Stichting Vrienden van het Schaatsmuseum Hindeloopen. Blom kaam yn 'e nacht fan 1 op 2 novimber 2014 te ferstjerren. Hy waard 68 jier. Hy wie net troud, mar bleau oant syn memme dea by har ynwenjen. Neitiid ferhuze er nei in likhús ("lyts hûs"), in earder simmerhúske yn 'e Hylper buorren, dat er oan 'e nok ta folloege mei syn samling fan alderhanne guod dat op 'e iene of oare manear mei Hylpen te krijen hie.

Wurk (kar)

  • 1981: Hylper Wurdboek
  • 1997: Kleine Encyclopedie van de Elfstedentocht
  • 2004: Om Priis en Eare, Utslaggen fan it Skûtsjesilen
  • 2007: Het Kaatsen: Een Inleiding
  • 2010: Het Skûtsjesilen: Een Inleiding
  • 2010: Lemsters op it Iis: 150 Jaar IJsvereniging Lemmer
  • 2012: De Fisker en Syn Frou (yn: Mearkes fan Grimm)
  • 2019: Graet Hylper Wordebook

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • ——, Kenner Hylper taal overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 4 novimber 2014.
  • ——, stjerberjocht, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2014.
  • Vogelzang, Elizabeth, ‘Geaven’ Gosse Blom was mister Hylpen, yn: de Ljouwerter Krante (rubryk In Memoriam), 21 novimber 2014.

Tags:

1946197519812 novimber201120146 oktoberDeaDialektFryske AkademyHylpenHylperskTaalkundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)The New York TimesSpanjeMediaWikiDanijel DizdarevicISO 3166-1FilmstudioFilosoofIvan IV fan RuslânAmmoniakDútslânNoardwâlde (Grinslân)14e iuw11e iuwTrije-ienheidskatedraal (Pskov)Mir (romtestasjon)Frysktalige WikipedyHavana GingerRussyskAndrej RûbljovRjochtsaakInga RidereRoarikGandzasarLexi DiamondDaasjeStasjon SauwerdList fan planetoïden 1001-2000ReklamefilmkeJohan Frieswijk26FaginaKoördinearre WrâldtiidSeksualiteitChakassiëSkotlânKneppelfreedFear yn 'e BroekFerstoar1922KristendomEastersk SkismaKjifdieren2006Wim Kan1952TransportNoardlike NjonkenlinenIvy SherwoodFrouSanskrytImerkes (fûgel)Wite BrânnettelSuffolkReidhintsjeSpoar fan Grins nei de Eemshaven3 maartYndo-Jeropeeske talenVienna BlackNicole Oring1979Stille BrânnettelFrânskFerkundigingskatedraal (Kazan)Oblast TsjitaDiana, prinsesse fan WalesSûdanEarste WrâldkriichDominion Nijfûnlân🡆 More