It Gilgamesj-epos komt út Sumearje en is ien fan de âldste ferhalen fan de wrâld.
It giet oer Gilgamesj, de heldekening fan de stêd Uruk yn Sumearje en datearret fan lang neidat Gilgamesj sels kening wie. De meast folsleine ferzje fan it ferhaal is oantroffen yn de gearstalling fan de Assyryske kening Assurbanipal út de 7e iuw f.Kr. Guon ferzjes datearje lykwols út noch eardere tiden.
De tekst koe bewarre bliuwe omdat it iuwenlang troch learlingen yn spikerskrift oerskreaun waard op klaaitabletten om de Sumearyske taal te learen, ek yn de tiid dat de taal troch it folk net mear sprutsen waard, mar allinne troch amtners brûkt, krekt sa as it Latyn yn de Midsiuwen. Mei help fan de archeologyske fynsten koe it ferhaal aardich rekonstruearre wurde.
Hiel nijsgjirrich is, dat sawol de Bibel as it Gilgamesj-epos de sûndfloed neame.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Gilgamesj-epos, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.