Gerrit Zalm

Gerrit Zalm (Inkhuzen, 6 maaie 1952) is in Nederlânsk politikus en bankier, dy't fjouwer kear minister fan Finânsjes west hat yn in Nederlânsk regear.

Yn dy hoedanichheid wie hy û.m. ferantwurdlik foar de gong fan saken omtrint de ynfiering fan 'e euro, yn 2002, en teffens foar de nei him ferneamde Zalmnoarm en Zalmsnip. Yn it kabinet-Balkenende III wie Zalm njonken syn ministerskip ek fise-premier fan Nederlân. Nei't er yn 2007 syn politike karriêre beëinige hie, ferfolle er bestjoerlike funksjes by DSB Bank, ABN-AMRO en Danske Bank.

Gerrit Zalm
Gerrit Zalm politikus
Gerrit Zalm
echte namme Gerrit Zalm
nasjonaliteit Gerrit Zalm Nederlânsk
bertedatum 6 maaie 1952
berteplak Inkhuzen (Noard-Hollân)
etnisiteit Gerrit Zalm Nederlânsk
Gerrit Zalm Frysk
Gerrit Zalm Skotsk
partij VVD
Nederlânsk minister fan Finânsjes
amtsperioade 20032007
foargonger Hans Hoogervorst
opfolger Wouter Bos
fise-premier fan Nederlân
amtsperioade 20032007
foargonger Johan Remkes
opfolger Wouter Bos
Nederlânsk interim-minister fan
Ekonomyske Saken
amtsperioade 30 juny7 july 2006
foargonger Laurens Jan Brinkhorst
opfolger Joop Wijn
fraksjefoarsitter fan de VVD
amtsperioade 20022004
foargonger Hans Dijkstal
opfolger Jozias van Aartsen
Nederlânsk minister fan Finânsjes
amtsperioade 19942002
foargonger Wim Kok
opfolger Hans Hoogervorst
direkteur fan it Sintraal Planburo
amtsperioade 19891994
foargonger Peter de Ridder
opfolger Henk Don

Libben en karriêre

Komôf

Zalm waard yn 1952 berne yn Inkhuzen, as de soan fan branjeman Gerrit Zalm sr. (1923-1995) en dy syn Fryske frou Klaaske de Vries (1922-2007) út Koudum. Hy hie in âldere broer, Sjirk (1947-2014). Zalm wurke mei oan in ôflevering fan it geneälogyske tillefyzjeprogramma Verborgen Verleden, dy't op tongersdei 24 jannewaris 2019 op NPO 2 útstjoerd waard troch de NTR. Dêryn die bliken dat de ôfstamming fan syn mem weromfolge wurde koe nei Thiedt Gerlofs Donia (b. ±1490), de suster fan 'e Fryske frijheidsstrider Grutte Pier. Dat is sa ticht as men yn ôfstamming mar by Grutte Pier yn 'e buert komme kin, mei't hy sels gjin oerlibjende bern hie.

Zalm syn oerpake Jacob Vijn (1869-1952) út Opperdoes wie troud mei in Geertje Visser (1872-1948) fan Starum. De line fan Geertje Visser gie werom op 4 generaasjes Fryske predikanten út it slachte Horreus, ûnder wa in Petrus Horreus (1695-1772), dy't troud wie mei in Berber Abels Siccama (1700-1725). Hja wie de dochter fan abbekaat Abel Douglas Willems Siccama (1674-1704), in soan fan Willem Abels Siccama (1644-1708), ek abbekaat, dy't troud wie mei Benjamina Douglas (1637-1675). Dy Benjamina Douglas wie wer de dochter fan in jhr. Archibald Douglas (±1600-1639), in kaptein yn it Skotske rezjimint dat tsjin 'e ein fan 'e Tachtichjierrige Oarloch legere wie yn De Bosk.

Archibald Douglas wie de pakesizzer fan sir William Douglas, 6e greve fan Morton (±1540-1606), in ridlik ferneamd persoan yn 'e Skotske skiednis. Yn 1567 waard yn syn Kastiel fan Loch Leven keninginne Marije I fan Skotlân finzen set, mar yn 1568 wist se dêrwei te ûntsnappen. Morton wie troud mei Agnes Leslie, grevinne fan Rothes (1541-1606). Agnes har âlden wiene George Leslie, 4e greve fan Rothes (1484-1558) en Margaret Crichton, en Margaret wie wer in dochter fan in William Crichton († 1494) dy't troud wie mei Margareta Stuart (b. ±1455), de dochter fan kening Jakobus II fan Skotlân (1430-1460). Sa stammet Gerrit Zalm dus ôf fan 'e keningen fan Skotlân, en sels, fia in reachfine froulike line, fan 'e legindaryske held Robert the Bruce (1274-1329).

Oplieding

Zalm learde nei de legere skoalle troch oan 'e HBS yn Inkhuzen. Nei't er dêrfoar syn eksamens helle hie, studearre er algemiene ekonomy oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam. Yn 1975 lei er dêr syn doktoraaleksamen ôf. Yn syn studintetiid wie Zalm aktyf yn 'e sosjaal-demokratyske PvdA, dêr't er it sels brocht ta foarsitter fan 'e ôfdieling Inkhuzen.

Gerrit Zalm 
Gerrit Zalm yn 1989.

Amtlike karriêre

Nei't er yn 1975 syn stúdzje ôfrûne hie, fûn Zalm wurk by it Nederlânsk Ministearje fan Finânsjes. Hy begûn dêr as meiwurker by it buro Ekonomyske Oangelegenheden fan 'e ôfdieling Begruttingstarieding. Fan 1977 ôf stie hy oan it haad fan dat buro, en yn 1978 waard er haad fan 'e hiele ôfdieling. Yn 1981 waard er beneamd ta plakferfangend direkteur Begruttingssaken, in funksje dy't er ferfolle njonken dy fan haad fan 'e ôfdieling Begruttingstarieding. Yn 1983 folge in oanstelling ta plakferfangend direkteur Algemiene Ekonomyske Politiek op it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn 1988 stapte Zalm oer nei it Sintraal Planburo (CPB), dêr't er earst wurke as ûnderdirekteur, en fan 1989 ôf as direkteur. Sûnt 1990 wied er dêrnjonken aktyf as bysûnder heechlearaar ekonomyske polityk oan 'e Frije Universiteit.

Politike karriêre

Hoewol't Zalm yn syn studintetiid aktyf wie yn 'e PvdA, stapte er yn 1984 oer nei de liberale VVD. Foar dy politike partij wied er fan 22 augustus 1994 oant 22 july 2002 minister fan Finânsjes yn it earste en twadde kabiniet-Kok, better bekend as de 'pearze koälysjes', ûnder premier Wim Kok. Yn dy tiid yntrodusearre Zalm de nei him ferneamde Zalmnoarm, wêrby't er troch in skieding oan te bringen tusken ynkomsten en útjeften fan 'e ryksoerheid rêst brocht yn it Nederlânske begruttingsbelied. Fierders waard ek de Zalmsnip nei him ferneamd. Dat wie in lêsteferlichting foar boargers yn 'e foarm fan in koarting op 'e gemeentlike belestings fan likernôch ƒ100 (in 'snip', nei de ôfbylding fan dy fûgel op it biljet fan hûndert gûne). De Zalmsnip waard yn jannewaris 1998 ynfierd en yn febrewaris 2005 (ek troch Zalm) wer ôfskaft.

It wichtichste barren ûnder Zalm syn ministerskip wie de ynfiering fan 'e euro, de mienskiplike muntienheid fan 'e lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny. Yn 'e oanrin dêrhinne lies Zalm Frankryk en Dútslân it leksum om't dy lannen yn harren ryksbegruttings oer it yn it Ferdrach fan Maastricht fêstleine maksimale tekoart fan 3% hinne giene. Doe't yn Nederlân letter itselde drige foar te fallen, liet Zalm it kabinet stielhurde besunigings trochfiere, sadat it tekoart op 'e ryksbegrutting ûnder de 3% bleau. Mei dat belied makke Zalm himsels lykwols tige ympopulêr by grutte dielen fan 'e befolking.

Nei de foar 'Pears' (PvdA, VVD en D66) jammerdearlik ferrûne parlemintsferkiezings fan maaie 2002 folge Zalm Hans Dijkstal op as polityk lieder fan 'e VVD en as fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn 'e Twadde Keamer. Dêrmei wied er ek de listlûker fan syn partij by de parlemintsferkiezings fan 2003. Neitiid waard Zalm op 27 maaie 2003 op 'e nij beneamd ta minister fan Finânsjes, en teffens waard er doe fise-premier yn it twadde kabinet fan CDA-premier Jan Peter Balkenende. Fan 10 oktober 2005 ôf wied er de langstsittende minister fan Finânsjes yn 'e Nederlânske skiednis.

Njonken syn ministerskip fan Finânsjes wie Zalm fan 30 juny oant 7 july 2006 ek interim-minister fan Ekonomyske Saken, nei't syn kollega Laurens Jan Brinkhorst ûntslach nommen hie. Nei in goed wike op 'e winkel past te hawwen, waard Zalm yn dy hoedanichheid ôflost troch syn eigen steatssekretaris fan Finânsjes Joop Wijn. De rest fan syn ministerskip moast Zalm it doe sûnder in eigen steatssekretaris stelle, mei't der foar Wijn yn 't plak gjin oarenien beneamd waard. Nei de Nederlânske parlemintsferkiezings fan 2006 kundige Zalm oan dat er ophold as politikus. Dêrby joech er oan dat er dat beslút al fier foar de ferkiezings nommen hie, en dat it neat te krijen hie mei de foar de VVD ôffallende ferkiezingsútslach.

Karriêre as bankier

Yn juny 2007 gie Zalm oan it wurk foar de DSB Bank, it finansjele bedriuw fan ûndernimmer Dirk Scheringa. Hy wie dêr haadekonoom en finansjeel direkteur, en hie teffens sit yn 'e ried fan bestjoer. Doe't de DSB Bank yn 2009 romleas fajyt gie, mei beskuldigings fan wanbestjoer dy't oer en wer fleagen, wist Zalm de dûns frijwol ûnskansearre te ûntspringen. Yn deselde tiid wied er ek foarsitter fan 'e International Accounting Standards Committee Foundation (IASCF) en adviseur by it private-equityfûns Permira.

Op 23 desimber 2008 waard Zalm as fise-foarsitter lid fan 'e ried fan bestjoer fan it bankconcern ABN-AMRO. Yn 2009 stied er oan it haad fan it team dat de fúzje beävensearje moast tusken ABN-AMRO en Fortis Bank Nederland. Op 28 febrewaris fan dat jier waard er nettsjinsteande in negatyf advys datoangeande fan 'e Autoriteit Finansjele Merken (AFM) troch ABN-AMRO beneamd ta foarsitter fan 'e ried fan bestjoer. Under Zalm syn bewâld fûn de yntegraasje plak fan ABN-AMRO en Fortis Bank Nederland, folge troch de beursgong fan 'e nije bank. Doe't dy der yn 'e Bankekrisis ûnder strûpte en mei belestingjild rêden wurde moast troch de Nederlânske oerheid, bleau Zalm lykwols oan as bestjoerder fan wat doe in oerheidsbank wurden wie.

Gerrit Zalm 
Gerrit Zalm yn 2006.

Yn dyselde tiid publisearre Zalm yn maart 2009 in boek mei as titel De Romantische Boekhouder. Dat is in autobiografysk ferslach fan syn wurkpaad yn 'e amtnerij en de polityk.

Yn maart 2015 late in troch Zalm oan syn mei-direkteuren fan ABN-AMRO takende salarisferheging fan €100.000,– yn 't jier ta grutte maatskiplike opskuor. De measte minsken fûnen dat ABN-AMRO neat leard hie fan syn eardere swierrichheden dy't mei belestingjild oplost wiene, en no gewoan op 'e âlde foet fierder gie. De algemiene ferûntweardiging dêroer wie sa grut dat de bank in nije beursgong útstelle moast. Yn maaie 2015 betsjûge Zalm iepentlik syn spyt oer it beslút ta de salarisferheging. Neitiid kundige er yn septimber 2016 oan dat er yn 'e earste helte fan 2017 opstappe soe as foarsitter fan 'e ried fan bestjoer fan ABN-AMRO.

Ein juny 2017 kearde Zalm foar koarte tiid werom yn 'e Nederlânske polityk, doe't er as ynformateur beneamd waard fan it kabinet-Rutte III. Oars as Edith Schippers en Herman Tjeenk Willink, dy't him yn dy funksje foargien wiene, slagge it Zalm wol om in trochbraak yn 'e kabinetsformaasje te forsearjen. Op 9 oktober bea er syn einferslach oan.

Anno 2018 ferfolle Zalm noch ferskate bestjoersfunksjes, lykas dy fan net-útfierend bestjoerder by Keninklijke Shell, in amt dat er al sûnt 2013 beklaaide. Yn maart 2019 waard er troch de oandielhâlders fan de Deenske Danske Bank beneamd as lid fan de Ried fan Kommissarissen. Nei't it Iepenbier Ministearje (OM) yn Nederlân Zalm offisjeel oanmerke as ien fan trije fertochten dy't belutsen west hawwe soene by in earder troch ABN AMRO feroarsake wytwaskskandaal, lei er syn funksje by de Danske Bank op 19 april 2021 del. Oft strafrjochtlike ferfolging fan dat trijetal nedich is wit it OM noch net.

Underskiedings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side.


Tags:

Gerrit Zalm Libben en karriêreGerrit Zalm UnderskiedingsGerrit Zalm1952200220076 maaieBankierBestjoerEuroFise-premierInkhuzenKarriêreMinisterNederlânNederlânsk Ministearje fan FinânsjesPolitikePolitikusRegear

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

22 novimber1969PornoakteurJeropa1951IngelskTongerblomAnnejoke SmidsSieds Johannes Rienks25e iuwManedoWurdlPlantenSineesk1 febrewarisKunnilingusItalyske talen2001J.R. CarringtonLuna SilverTamboraMary DresselhuysGemme fan BurmaniaKeatsenFriezenFrankrykFries8 febrewarisSaritha OlivieriAsia (pornografysk aktrise)LatynIt Dronkene SkipMozilla Firefox19452014Martin Luther KingFacebookDyami Millarson8 junyMaya BijouSisca FolkertsmaLongûntstekkingMina LuxxHaadsideAld SelskipMerknammeGuyanaEkwador19015 desimberFeriene KeninkrykGymnomyza samoensis24 aprilVanessa PrideJacht (aktiviteit)Cassandra WildeDeaSensual JaneNoardfryskBudget1935Joo Min LeeAustraalje (lân)NeakenensTaeke Jitze BotkeMegan Salinas418OentsjerkHelen DuvalNigeariaFiere Easten🡆 More