Gerrit Stulp

Gerrit Stulp (Huzum, 13 septimber 1935 - Ljouwert, 6 april 2019) wie in Nederlânsk organist, dirigint en komponist.

Hoewol't er fan grifformeard komôf wie, foel er al mei trettjin jier yn as oargelist yn de doperske tsjerke yn Ljouwert. De earste lessen op it oargel krige er fan B.J. Makkes van der Deijl. Letter ferfolge er syn oplieding by George Stam en Piet Post. Op it Grinzer konservatoarium krige er les fan ûnder mear Wim van Beek en op it Haachsk konservatoarium fan Nico van den Hoven. Fierders folge er in masterclass by professor Siegfried Reda en fan 1992 ôf noch de stúdzjes komposysje en muzykwittenskippen.

Organist en dirigint

Syn earste oanstelling as organist krige er by de Skrânstsjerke yn Ljouwert yn 1951. Dêrnei folgen de Parktsjerke, Salvatortsjerke en de Koepeltsjerke, allegear yn Ljouwert. As syn spesjaliteit gou de begelieding fan de gemeentesang en ymprovisaasje. Hy wie fan betinken dat in tsjerke-organist him foar adekwate begelieding ferdjipje moat yn de tekst en ek teologyske foarming hawwe moat om him ferpleatse te kinnen yn gemeenteleden dy't by ferskillende tsjerklike streamingen hearre.
Hy wie yn Ljouwert de ienige tsjerkemusikus dy't ferbûn wie oan de Grifformearde Tsjerke fan Ljouwert en late dêr de kantorij. Stulp wie ek dirigint fan it ensemble Consortium Vocale Frisia.

Komponist en resinsint

Schulp komponearre koarwurken en oargelwurken. Teffens hat er wurk foar tsjerkelieten makke. Sa wie syn Koraalboek, voorspelen voor en harmonisaties van de psalmen, koartwei ek Koraalboek voor de Psalmen neamd út 1995, yn 2007 oan syn alfte printinge ta. Ek skreau hy in Liturgische Matthéuspassie, basearre op Matthäuspassion fan Johann Sebastian Bach foar útfiering binnen in tsjerketsjinst yn de hjoeddeiske tiid. De earste útfiering wie op Goedfreed 1972 yn de Salvatortsjerke. Joop Rinzema, dy't in grut oandiel hân yn de tastânkomming dêrfan hie de rol fan ferteller, efterelkoar evangelist. Letter waard der in dûbelelpee makke fan dy passy. Hy hat tegearre mei Jacq. Huisman de muzykonderwiismetoade Musica Practica skreaun. Foar it Friesch Dagblad skreau hy resinsjes fan muzykútfieringen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

13 septimber193520196 aprilDirigintHuzumKomponistLjouwert (stêd)NederlânOrganist

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Veronica BrazilFranklin D. Roosevelt2 aprilDoede VeemanHylperskSwahily (taal)Saya SongArmeenskMuzykferiening Hâld MoedJeruzalimAnita BlondFryslân (Nedersaksen)KeppelingJade Kush15 aprilTaiwan2024Proto-Yndo-JeropeeskPurmereinZaya CassidyMegan SalinasBuorljuNovialDe JouwerOffisjele taal2006Lea HalpernRae Lil BlackMidsiuwen9 aprilKrúsgetalpuzelRomi RainSimone HorváthKuorbalNeakenensBlesgoesCharles III fan it Feriene KeninkrykDomeinnammeTerritoarium HawaïKroandowenCharley AtwellSweedskAfro-AmerikanenMoardnerij fan Oradour-sur-GlaneWurdBlaudokeWillem de VriesMaya BijouDútslânKanadaParlemintBruce VenturePornoaktriseBrêgeHavana GingerHoutdo11 febrewarisSûdanOflûken (seksualiteit)DzjibûtyTonger (god)SyryskHaïty1968IrminsulLânmachtAfrika🡆 More