Gangster

Gangster (útspr.: , likernôch: gêng-stu(r)) is in frij resint lienwurd út it Ingelsk foar in krimineel dy't lid is fan in binde (Ingelsk: gang).

Yn it gebrûk fan it wurd leit lykwols besletten dat it net samar in binde is, mar ûnderdiel fan 'e organisearre misdie, lykas de maffia. In synonym foar 'gangster' is sadwaande mobster, in Ingelsk wurd dat ôflaat is fan mob (letterlik: "kliber"), in eufemisme foar "maffia".

Gangster
Al Capone, in maffiabaas út Chicago, wie de sprekwurdlike gangster.

Bindes dy't diel útmeitsje fan 'e organisearre misdie biede harren leden in nivo fan organisaasje en helpboarnen dat folle gruttere en mear yngewikkelde misdriuwen mooglik makket as dat in yndividuele misdiediger berikke kinne soe. Gangsters besteane sadwaande al sûnt de Aldheid, al waarden se doe fansels noch net sa neamd. Guon gangsters winne wrâldferneamd wurden, lykas maffiabaas Al Capone, dy't yn 'e 1920-er en 1930-er jierren Chicago en omkriten yn syn greep hold.

Gangsters foarmje in graach brûkt ûnderwerp foar wurken fan fiksje, lykas romans, films, tillefyzjesearjes en fideospultsjes.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BindeEufemismeIngelskKrimineelLienwurdMaffiaOrganisearre misdieSynonymÚtspr.

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Iran1671PortegalKrêft3 aprilNoarskAzerbeidzjanWesterske wrâldAlawitenLongûntstekkingSpienHearlikheid FryslânGedachtestreekjeEeltsje Boates FolkertsmaAafke BijlsmaReligy1852Pûn sterlingTiidKatolisismeEjakulaasjeAccraMaasFlorânsJade KushMiddellânske See7 aprilHolon (plak)UraniumCowgirlhâldingStutenSitaatSalomonseilannenEastseeFrankfurt am MainTuneezjeKirgyzjeDniproSlavernij1977Dead Horse RunningItaaljeDútslân1963BitcoinNijverdalSinne-enerzjyOezbekistan22 juny2010-er jierrenFryskYnternasjonaal Systeem fan Ienheden9 septimberKoarte film1960Cassandra WildeMontana1945Daphne RosenHellendoornSeksuele opwiningCharlie ChaplinFloaridaMidden-AmearikaAngelica RavenEgypteArsjitektJapan🡆 More