It Standertfrysk is de standerdisearre foarm fan it Nijfrysk dy't fêstlein is yn 'e offisjele Fryske stavering.
Dizze taalfoarm is fierhinne gearstald út 'e Klaaifrysk/Noardhoekske en Wâldfryske dialekten. De Súdwesthoekske ynbring yn dat proses hat mar hiel beheind west, wylst it Hylpersk en de eilândialekten (Skylgersk, Aastersk en Skiermûntseagersk) der alhielendal part noch diel oan hân hawwe. De boarnen fan it Standertfrysk binne teksten dy't sûnt 1800 op papier setten binne. De noarm fan it Standertfrysk wurdt helle út WB-I en -II en oanfoljende wurdlisten fan de Fryske Akademy.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Standertfrysk, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.