Koninklijk Fries Genootschap Voor Geschiedenis En Cultuur

It Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur/Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, fuortkaam út it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, waard op 27 septimber 1827 troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein oprjochte en is no fêstige yn Ljouwert.

It Genoatskip wie, foaral yn de begjintiid, fan wat de 'hegerein' neamd wurde kin. Eeltsje Halbertsma betanke yn 1834 as lid. De reden skreau er oan syn broer Joast: Es gibt Narren aller Art (Gekken binne der yn soarten en mjitten) en hy woe dêr net ien fan wêze. It Frysk waard troch it Genoatskip dan wol bestudearre, fiertaal wie it by harren yn dy begjinjierren út noch yn net. Ek it sûnt 1839 ferskinende (en noch altyd besteande) tydskrift "De Vrije Fries" wie foar it meastepart yn it Hollânsk. Wol binne der foar de tiid fan de "De Vrije Fries" noch in seistal nûmers fan in Frysktalich "Friesch Jierboeckjen" ferskynd.

Koninklijk Fries Genootschap Voor Geschiedenis En Cultuur
It Eysingahûs, Ljouwert.

Kolleksje

It Frysk Genoatskip liet fan him sprekke yn 1877. Yn it paleis fan Willem III oan it Hofplein yn Ljouwert waard in grutte tentoanstelling organisearre yn ferbân mei it 50-jierrich bestean fan it Genoatskip. De provinsje en de gemeente Ljouwert wurken der oan mei. Terpfynsten, skilderijen, silverwurk, hânskriften, kaarten, alles wat te toanen wie waard toand. It wie in grut sukses: Der kamen tritichtûzen besikers op ôf en der waard rûnom yn Nederlân omtinken oan jûn yn de parse. De bleau genôch jild fan oer om oan de Turfmerk it "Eysingahûs" oan te tugen, dêr't de samlingen fan it Genoatskip en provinsje in fêst plak krigen. Dêrmei stie it Genoatskip oan de widze fan it Frysk Museum. In grut part fan de kolleksje is noch altyd yn brûklien by it Frysk Museum.

Publikaasjes

It genoatskip jout neist it jierboek De Vrije Fries it Histoarysk tydskrift Fryslân út en organisearret aktiviteiten op histoarysk mêd, lykas ekskurzjes, lêzingen en symposia.

Keppelings om utens

Tags:

182727 septimberDe Vrije Fries (Frysk Genoatskip)Eeltsje HalbertsmaFranciscus BinkesFreerk FonteinFriesch JierboeckjenHendrik AmersfoordtHollânskLjouwert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Saya SongMarika FruscioPornofilmAnne Tjerk PopkemaUnbreakable (film)LongûntstekkingEigenskipswurdYnternasjonale Kynologyske Federaasje8 desimberNel BenschopWolkekliuwerWreck-It RalphJade KushNyomi Marcela8 augustusTiidsôneDampkring11 septimberGrutte OseaanMasturbaasje23 maaie1945Pornografysk aktriseHistoaryskBrazilian waxNikki AndersonMiljuschka WitzenhausenFeanster FeartPûn sterlingCharlie ChaplinUpskirtYves BaillatOezbekistanMarijn KuipersMartin Luther KingRicki RaxxxEreksje8 junyGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Persia MonirLeppeltsje-leppeltsjeBeieren8 febrewarisKryptogramYslânHoutVina SkyCassandra WildeNovial9 maartGrutte Heitelânske KriichBoarstfergruttingUnderwiisIrak1901ÛndersoarteYvette BovaShalina DevineMinnie BeetsEuropean Girls Adult Film DatabaseAchille DevériaLetterFranklin D. RooseveltChesty PullerOmnibus (boek)HawaïRachel AzianiWikidataMicrosoft🡆 More