Fuotballer En Presintator Frank Kramer

Frank Kramer (folút: Franciscus Johannes Erik Kramer; Amsterdam, 27 novimber 1947 – dêre, 1 desimber 2020) wie in Nederlânsk presintator fan benammen tillefyzjekwissen, en fierders fuotballer en sportferslachjouwer.

Hy begûn syn wurkpaad as fuotballer by ferskate klubs, mar hie nea in soad súkses. Kramer wie altyd mear in showman. Wylst er noch fuotballe, wied er al aktyf as presintator, dêr't er folle bekender mei waard.

Frank Kramer
Fuotballer En Presintator Frank Kramer tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Frank Kramer yn 1979.
Frank Kramer yn 1979.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Franciscus Johannes
   Erik Kramer
nasjonaliteit Fuotballer En Presintator Frank Kramer Nederlânsk
berne 27 novimber 1947
berteplak Amsterdam
stoarn 1 desimber 2020
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Fuotballer En Presintator Frank Kramer Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintator, sportferslachjouwer
medium tillefyzje
wurksum by AVRO, KRO, Eurosport
bekend fan Hints
Boggle
De Frank Kramer Show
jierren aktyf 19772018
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Kramer waard yn 1947 berne yn Amsterdam yn in roomsk fermidden. As jonge fuotballe er by de amateurferiening RKAVIC yn Amstelfean.

Fuotbalkarriêre

Yn 1970, doe't er 23 jier wie, makke Kramer de oerstap nei it profesjonele fuotbal. Hy kaam by Blauw-Wit yn Amsterdam te spyljen, dat útkaam yn 'e Earste Difyzje. Troch de fúzje fan Blauw-Wit mei DWS kaam er yn 1972 by FC Amsterdam te fuotbaljen, in klub dy't útkaam yn 'e Earedifyzje. Fan desimber 1973 ôf waard er foar in healjier hierd troch MVV út Maastricht. Om't er spul krigen hie mei trainer Pim van de Meent woe Kramer neitiid net wer werom nei FC Amsterdam, mei as gefolch dat er yn it seizoen 1974-1975 klubleas wie.

Yn july 1975 tekene Kramer in kontrakt by Telstar yn Felsen-IJmuiden, en dêrwei makke er yn 1977 de oerstap nei FC Foalendam. Fan 1979 ôf kaam er foar ien seizoen út foar HFC Haarlim, wêrnei't er yn 1980 weromkearde by Telstar. Yn 1981 gied er op 'e nij nei FC Foalendam. Yn 1984 waard er lichaamlik ôfkeurd en moast er syn fuotbalkarriêre beëinigje. As fuotballer wie Kramer nea in heechfleaner; ynstee besocht er dêrom smaakmakker te wêzen en hong er geregeldwei de lolbroek út. Dat lei him ek folle better, mei't er fan karakter in showman wie.

Oar wurk

Njonken syn fuotbalkarriêre wurke Kramer yn it begjin ek as learaar Dútsk en as steward by de Dútske loftfeartmaatskippij Lufthansa. Yn 'e simmer fan 1976 makke er diel út fan 'e troch Ron Brandsteder formearre gelegenheidsformaasje Full House. Dêrmei skoarde er in hit mei in cover fan it nûmer Standing on the Inside fan Neil Sedaka. De ynbring fan Kramer bleau dêrby lykwols beheind ta it playbacken fan 'e liettekst en it útfieren fan wat dûnspaskes.

Tillefyzjekarriêre

Fan 1977 ôf wie Kramer as presintator op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, yn 't earstoan as sportferslachjouwer foar Sportpanorama, in programma fan 'e AVRO. Foar dyselde omrop presintearre er yn 1978, 1979 en 1980 ek Sterrenslag, in programma wêrby't ferskate teams fan bekende Nederlanners it op sportive wize tsjininoar opnamen.

Doe't er by de AVRO net mear in nij kontrakt oanbean krige, gie Kramer yn 1981 oer de KRO. Foar dy omrop presintearre er it spulprogramma De Frank Kramer Show, de tillefyzjekwis Hints en letter ek it wurdspulprogramma Boggle. Yn 1997 hold er nei jierren op mei de presintaasje fan Hints, dy't oernommen waard troch Anita Witzier. De presintaasje fan Boggle droech Kramer oer oan Dodi Apeldoorn.

Fuotballer En Presintator Frank Kramer 
Frank Kramer as fuotballer oan 'e bal yn 1978.

Fan 1994 ôf wie Kramer wer as sportferslachjouwer aktyf, diskear by tennis- sawol as fuotbalwedstriden op 'e sportstjoerder Eurosport. Nei 24 jier naam er dêr yn 2018 op opsjenjaande wize ôfskie troch ûnder de bylden fan syn lêste wedstryd inkeld fermaaklike anekdoates te fertellen dy't hielendal neat mei dy wedstryd te krijen hiene. Ek droech er in gedicht fan Willem Wilmink foar. Dat alles ta argewaasje fan syn wurkjouwer.

Priveelibben

Kramer hie fan 1976 oant 1983 in relaasje mei muzikante Judy Schomper. Tegearre mei har heit betocht er de namme foar har band: Flairck.

Yn desimber 2019 ferskynde de biografy fan Frank Kramer, mei as titel Eeuwig op de Vlucht, een Toevalstreffersleven, skreaun troch NOS-sportferslachjouwer Philip Kooke.

Ferstjerren

Op 27 novimber 2020, syn 73e jierdei, waard Kramer net goed en rekke er yn koma. Hy ferstoar fjouwer dagen letter, op 1 desimber. Nei't it skynt, wied er al langere tiid siik.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Fuotballer En Presintator Frank Kramer Libben en karriêreFuotballer En Presintator Frank Kramer Keppelings om utensFuotballer En Presintator Frank Kramer1 desimber1947202027 novimberAmsterdamFuotballerNederlânPresintatorSportferslachjouwerTillefyzjekwisWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FryslânDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)Stoomgemaal MastenbroekPornoaktriseOmgong fan Itaalje 1987SjongerMinsklike seksuele aktiviteitGeorgia O'KeeffeKacie CastleKartaachske RykEkshibisjonismeNoarwegenMaksintiusHessel van der WalBommesmiterVictoria GivensPorsha CarreraWynturbineRae Lil BlackFryskGenève444Grutte Priis Formule 1 fan Spanje 2007SinaKoji SasakiJ.A. Bruins jr.List fan Belgyske keunstskildersCarles PuigdemontNederlânsk19 maaieWalter BenjaminHenk AlkemaNightwishJoos de MomperSilkeborg (gemeente)1930Aileene DacostaVanessa SkySkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976Jake SteedJohan van SeijstPrins EdwardeilannenMoriah MillsFriedrich Nietzsche731Brent EverettSophie HilbrandKeatsenSumatraanske pappegaaidoShae SummersBehaNoardfryskPornografyGrutte Priis Formule 1 fan Eastenryk 2021Saya SongBoete (jildstraf)Mos EisleyPoerdersrampJaylene RioPake- en beppesizzerShalina DevineClaudia CardinaleFerdrach fan MaastrichtCocktail (film út 1988)🡆 More