Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy | |
![]() | |
Ofkoarting | VVD |
Partijlieder | Mark Rutte |
Partijfoarsitter | Eric Wetzels |
Fraksjelieder Twadde Keamer | Sophie Hermans |
Fraksjelieder Earste Keamer | Annemarie Jorritsma |
Delegaasjelieder Europeesk Parlemint | Malik Azmani |
Sitten yn Twadde Keamer | ![]() |
Sitten yn Earste Keamer | ![]() |
Sitten yn Provinsjale Steaten | ![]() |
Sitten yn Europeesk Parlemint | ![]() |
Oprjochte | 24 jannewaris 1948 |
Fúzje fan | Partij fan de Frijheid en Komitee-Oud |
Rjochting | Sintrumrjochts |
Ideology | Konservatyf-liberalisme |
Ledetal | 25.035 (2021) |
Jongereinorganisaasje | JOVD |
Europeeske partij | Partij fan de ALDE |
Europeeske fraksje | ALDE |
Ynternasjonaal | LI |
Webstee | www.vvd.nl |
De partij waard oprjochte op 24 jannewaris 1948 út in geargean fan de Partij fan de Frijheid en de saneamd groep-Oud, dy't yn oktober 1947 út de Partij fan de Arbeid stapt wie. De VVD wol as liberale partij it ferieningspunt wêze fan "alle Nederlanners, dy't de oertsjûging hawwe dat frijheid, ferantwurdlikheid, ferdraachsumheid en sosjale gerjochtichheid de fûneminten hearre te wêzen fan elke mienskip".
Yn de provinsje Fryslân is de oanhing fan de VVD tusken 1956 en 1974 groeid fan 8,4 % nei 11,8%. Yn de jierren '70 bleau de elektoarale groei fan de VVD provinsjaal efter by de lanlike tendins. Dit kin gearhingje mei in fêstere bining fan de Fryske kiezers mei de eigen partij, wêrtroch 't politike ferskowings hjir minder yngripend binne. Oan de oare kant wie by de Steateferkiezings de konkurrinsje fan de FNP in mooglike faktor. Gemeenten dêr't de VVD by de Steateferkiezings fan 1974 measr as 15% fan de stimmen helle wienen Skylge (34%), Flylân (13,7%), It Amelân (24,4%), Skiermûntseach (18,9%), Weststellingwerf (17,2%), Baarderadiel (16%) en Utingeradiel (15,1%).
Gemeentlik arbeidet de VVD faak op mei oare (benammen RK) politike minderheden ûnder de namme 'gemeentebelangen'. Troch de groei by Keamer- en Steateferkiezings yn 1972 en 1974 waard it yn in oantal fan dizze gemeentes mooglik, mei in eigen VVD-list út te kommen.
By de gearstalling fan it provinsjaal bestjoer wurke de lanlik sterke tsjinstelling tusken PvdA en VVD minder dúdlik: sûnt 1970 makket de VVD-er Lammert Hilarides diel út fan it Koleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân, dêr't ek PvdA-ers in sit hawwe.
Provinsje Fryslân:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wiki Frysk article Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply. (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
#Wikipedia® is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.