Flevolân

Flevolân (Nederlânsk: Flevoland) is in provinsje fan Nederlân en waard as sadanich oprjochte yn 1986.

It hat 450.920 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 2.412 km².

Flevolân
Flevolân     Flevolân
folksliet: Waar Wij Steden Doen Verrijzen...
Flevolân
polityk
lân Flevolân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1986
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Lelystêd
tal gemeenten 6
kommissaris fan
   de kening
Arjen Gerritsen
  (VVD)
geografy
geograf. koördinaten 52°31' NB 5°29' EL
oerflak 2.412,31 km² (2015)
  •  dêrfan lân 1.410,12 km²
  •  dêrfan wetter 1.002,19 km²
  rang provinsjes 12e fan 12
demografy
ynwennertal 450.9201
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 11e fan 12
befolkingstichtens 315 / km²
grutste plak Almeare
religy (2015) 55,2% ateïsten en agnosten
15,5% protestanten
12,2% roomsk-katoliken
7,2% moslims
9,9% oaren
oar
NUTS NL23
ISO 3166-2 NL-FL
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.flevoland.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Flevolân
Flevolân (2019)

Geografy

Der kin in ûnderskie makke wurde tusken it âldlân en it nijlân. It âldlân fan Flevolân bestiet út de eardere eilannen Urk en Skoklân, dy’t troch ynpoldering harren eilannestatus yn 1942 ferlearen. It nijlân kin yn trije polders opdield wurde: de Noardeastpolder (Suderleech) mei Urk en Emmeloard, Eastlik Flevolân mei Lelystêd en Dronten en Súdlik Flevolân mei Almere en Zeewolde.

Skiednis

Plannen om de Sudersee yn te polderjen kamen healwei de 18e iuw op it aljemint. De Iselmar ûntstie yn 1932 troch de oanlis fan de Ofslútdyk. Dêrnei waard de Noardeastpolder yn 1942 drûchlein. Skoklân en Urk waarden part fan it fêstelân fan de Noardeastpolder. Yn 1943 setten de earste minsken har nei wenjen yn Emmeloard. Eastlik-Flevolân waard yn 1957 drûchlein, tsien jier dêrnei sette de earste minsken har nei wenjen yn Lelystêd. Súdlik-Flevolân waard yn 1968 drûchlein. Yn 1976 wienen de earste huzen Almere boud. Tusken 1963 en 1976 waard de Houtribdyk boud. Dêrtroch ûntstie de Markermar De Houtribdyk ferbynt Inkhuzen mei Lelystêd. Stadichoan setten hieltyd mear minsken har nei wenjen yn polders. De gebieten dy't drûchlein waarden foelen earst ûnder bysûnder bestjoerlik gesach. Súdlik-Flevolân foel it langste ûnder it bysûnder bestjoerlike gesach, yn 1984 ûntstienen de gemeente Zeewolde en Almere. Yn 1986 waard de provinsje Flevolân formeel oprjochte.

Untwikkeling ynwennertal

  • 1986 – 177.000
  • 2000 – 317.000
  • 2020 – 423.000
  • 2023 – 445.000

Gemeenten

Flevolân bestiet sûnt de oprjochting in 1986 út 6 gemeenten.

  1. Almere
  2. Dronten
  3. Lelystêd (haadstêd)
  4. Noardeastpolder
  5. Urk
  6. Zeewolde
Flevolân 
Gemeenten in Flevolân

Keppelings om utens


Flevolân 
It lânskip fan Flevolân

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Flevolân
Flevolân 
Flagge fan de provinsje Flevolân
Almeare - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Urk - Zeewolde
wizigje
Provinsjes fan Nederlân
Flevolân 
Flagge fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
wizigje

Tags:

Flevolân GeografyFlevolân SkiednisFlevolân Untwikkeling ynwennertalFlevolân GemeentenFlevolân Keppelings om utensFlevolân1986NederlânNederlânskProvinsjeSintraal Buro foar de Statistyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Noard-NederlânNika NoireSúdwesthoekskWestlike rotsmûsKraachdoAlice RomainAssenPearsKoöperaasjeRichard LanginMoanneVictoria JuneJan Hepkes WoudaFryskKeatsenMay ThaiNoarskKryptogramStasjon Vries-SúdlarenKlone (band)Oflûken (seksualiteit)MuzykEala Frya FresenaMoannedoBoekhâlderDrinteVina SkyMonica BeetsGrutte grize fûgelSasha BeartRegearAshley OceanDomein (taksonomy)Nicole BexleyVanessa SkyGrammy AwardHelpCharley AtwellMinnie BeetsNeakenmodelSasha GreyHoiThe New York Times90BelgjeGrinslânBombayCarles PuigdemontBeropZSierra LeöaneSnitsAafke BijlsmaEjakulaasjeDe Eerste PrijsSansibaroarlochJasmine BlackManedoYnternasjonaal Systeem fan IenhedenOlatz otaloraSkiednis fan de provinsje FryslânLaura LionFreeska Landriucht19411 septimberSúd-KoreäTsiis🡆 More