Ferdivedaasjepark

In ferdivedaasjepark, attraksjepark, amusemintspark, temapark of pretpark (hollanisme) is in rekreaasje-oard dêr't men jin tsjin betelling fermeitsje kin mei almeast grutskalige attraksjes lykas achtbanen, reuzerêden, mearketunen en wyldwetterbanen.

Sa'n park ûnderskiedt him fan in merke trochdat it net ferpleatsber is, en fan in boarterstún trochdat it oer (folle) gruttere attraksjes beskikt. Dêrby binne ferdivedaasjeparken rjochte op it fermeitsjen fan grutte groepen minsken, almeast toeristen, mei't sa'n park te grut en djoer is om inkeld bestean te kinnen fan besyk troch de pleatslike befolking.

Ferdivedaasjepark
De wyldwetterbaan "Piraña", yn 'e Efteling.

Ferdivedaasjeparken hawwe har ûntjûn út 'e Jeropeeske tradysje fan it hâlden fan in jierlikse merke. Ek de wrâldtentoanstellings fan 'e njoggentjinde iuw hawwe der har ynfloed op hân. Faak hat in ferdivedaasjepark in beskaat tema (dêrfandinne de oantsjutting "temapark"), dêr't alle attraksjes mei te krijen hawwe. Yn guon parken betellet men by de yngong in alomfetsjende tagongspriis wêrnei't alle attraksjes fierders frij besocht wurde kinne; yn oare parken is de yntreepriis leech, mar moat foar alle attraksjes apart bybetelle wurde. Hoewol't ferdivedaasjeparken besocht wurde troch minsken fan alle leeftydskategoryen, lizze se har dochs benammen ta op it fermaak fan bern.

Guon fan 'e bekendste ferdivedaasjeparken fan 'e wrâld binne Disneyland, yn Anaheim, Disney World, yn Orlando, Euro Disney, yn Parys, en Warner Bros. Movie World, yn it Dútske Bottrop. Yn Nederlân is de Efteling, yn it Brabânske Keatsheuvel, fierwei it bekendste ferdivedaasjepark. Oaren binne Duinrell, yn Wassenaar (Súd-Hollân), Attraksjepark Slachharen, yn Slachharen (Oerisel) en Walibi Holland (de eardere Flevohof), yn Biddinghuzen (Flevolân).

Galery

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

FermaakHollanismeMerkeRekreaasjeToerisme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fryslân (Nedersaksen)Saya SongCarles PuigdemontAlexa FlexySensual JaneKeppelingIt Muzyk Giet troch de BuorrenKatedraal fan CataniaKim KardashianPompeblêdJohan van SeijstSêfte pornografyPornoaktriseLondenMariûpolRenaultJustin SlayerHurde pornografySintraal-JeropaApogeumWillem WestraMårten Eskil WingeMya NicholeWilfred GeneeTerritoarium HawaïSint-Joariskatedraal (Jeruzalim)FaginaSyrjeRoplettersMegan VaughnKroniken fan FredegarItaaljeProto-Yndo-JeropeeskAzerbeidzjaanskEjakulaasjeSupermoannePoalskKya TropicPornografyHûntsjeshâldingLolle RondaanTechnologyFaasjeNikkie PlessenSwedenAmerikaanske LegerFarusslachNicolette SheaDomeinnammeTwadde luitenantSjiïsmeDûbele puntWinchester (gewear)Stacie LaneSander WarmerdamMidsiuwenMakro-Sjê-talenSofia Rose1993Leppeltsje-leppeltsjeEuro9 aprilKanadeeske beverIngelskAlaska🡆 More