Feminisme (fan it Frânske féminisme, dat komt fan it Latynske femina, frou) is de beneaming foar alle maatskiplike e en politike krêften en organisaasjes dy't stribje foar de emansipaasje fan froulju en de lykweardige behanneling fan froulju mei manlju.
Dizze gelikensens wurdt neistribbe op ekonomysk, polityk, sosjaal en persoanlyk nivo. Dêrby nimt it trochbrekken fan tradisjonele rolpatroanen in wichtich plak yn.
It feminisme bestiet út in grut ferskaat oan ferskillende streamings, dy't fierhinne gearwurkje en fuortbouwe op inoars wurk. Hoewol't se it der ornaris wol oer iens binne wat it doel (fan feminisme) is, hawwe se soms sterk tsjinstelde fisys oer hoe't dat doel berikt wurde moat. De feministyske beweging begûn om 1880 hinne en hie doe de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht as earste doel. Dat waard yn 'e measte Westerske lannen omtrint 1920 berikt. Yn 'e sechtiger en santiger jierren fan de tweintichste iuw kaam der in nije feministyske beweging op dy't stried foar û.m. it rjocht op abortus.
In ferneamde manlike oanhinger fan it feminisme wie Friedrich Engels.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Feminisme, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.