Feluwe

De Feluwe (Nederlânsk: Veluwe) is in oer it algemien beboske lânstreek yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en in earder kertier fan it hartochdom Gelre.

Der binne in soad ferskate lânskippen, bygelyks bosken, heide, marren en grutte sânferstowings. It gebiet is fan noard nei súd likernôch 60 kilometer lang.

Feluwe
In satellytfoto fan de Feluwe.

Mei de klok mei fan it stêdsje Hattem yn it noarden ôf wurdt it gebiet beheind troch Apeldoarn, Dieren, Arnhim, Wageningen, Ede, Barneveld en Hurderwyk. Somtiden wurdt it gebiet wol lyksteld oan it Nasjonaal Park de Hege Feluwe, mar dat beslacht minder as in tweintichste part fan de Feluwe.

Natoergebiet

Feluwe 
De flagge fan de Feluwe.

De Feluwe is it grutste leechlânnatoergebiet fan noardwest-Jeropa, it mjit likernôch) 1000 km². Grutte parten fan de Feluwe besteane út stowâlen út de Saale-Iistiid. Benoarden Rheden, yn it Nasjonaal Park Feluweseame leit by it Roozendaalske fjild it heechste punt fan de Feluwe op 110 meter hichte. Dit is de heechste stowâl en it heechste punt fan Nederlân bûten Súd-Limburch. Yn it noarden lizze ûnder oare it stosângebiet Leuvenhorst en de Leuvenumske Bosk.

Wetters

Feluwe 
Bosk op de Feluwe.

Fan de Feluwe ôf rinne ferskate beken nei de râne fan it gebiet. Guon fan dizze beken binne groeven (sprengen), oare binne natuerlik. Foarbylden fan dizze beken binne: De Hierdenske Beek, de Leuvenumske Beek, de Groevebeek, de Soerenske Boek, de Beekhuzer Beek en de Tongerenske Beek. De beken befetsje fakentiden skjin wetter, al is de kwaliteit troch de jierren hinne wol efterút gien. Op in soad plakken lâns dizze beken is der in foar Nederlânske begripen bysûndere floara en fauna te finen; de elritse komt hjir noch foar.

Bewâld

De natuer op de Feluwe bestiet út ferskate bewâldsienheden, dêr't de Keninklike Houtfesterij It Loo (97 km²) de grutste fan is. In soad bosk op de Feluwe is yn it tiidrek 1895-1920 oanlein om stostân fêst te lizzen. Om 1850 hinne wie in tredde fan de Feluwe bedekt mei stosân, no is dat om en de by de ien prosint. Benammen de din wie geskikt om stosân fêst te lizzen. Yn it tiidrek 1895-1932 waarden grutte parten fan de Feluwe ynroastere, yn hast alle gefallen omdat de eigners jeie woenen. De wyldstân op de Feluwe wie tige leech, en oan it lytse formaat fan bewarre bleaune hoarnen út dy tiid is de minsklike druk ôf te lêzen. Dat der waarden bisten ymportearre en útset yn parten fan de Feluwe mei hikken dêrom hinne.

Fauna

De wylde baarch bygelyks, waard opnij yntrodusearre op de Feluwe troch Prins Hindrik, de man fan Keninginne Wilhelmina. Reaharten wienen der noch wol, mar de oerbleaune populaasjes waarden útwreide mei ymport. Op syn jachtterrein De Hege Feluwe liet de Rotterdamske hannelsman Anton Kröller harten út East-Jeropa komme, hy sette se út nei dat de oerbleaune Feluwske harten ôfsketten wienen. Nei alle gedachten die hy dat om de sloppe populaasje te ferfangen foar in sûnere. It hat mar tydlik holpen, want de slopte waard feroarsake troch de minsklike druk. De nije populaasje ferswakke ek en kaam pas nei de Twadde Wrâldkriich wer op sterkte troch better bewâld. Kröller liet foar syn jachtwille ek mûflons út it Middellânske-Seegebiet komme, en kangoeroes út Austraalje. Letter is de raven mei súkses op ‘e nij yntrodusearre op de Feluwe, en der libje op it stuit tsientallen dy’t ek swalkje nei oanswettende gebieten.

Feluwe 
Sânferstowing op de Feluwe.

Natoerûntwikkeling

De provinsje Gelderlân hat 35 miljoen euro beskikber steld foar it plan Veluwe 2010. Veluwe 2010 is in grut natoerûntwikkelingsprogram. Parten fan de Feluwe dy’t yn it ferline fan elkoar skieden wienen troch diken, plakken en lannen wurde wer mei elkoar ferbûn, bygelyks mei ekodukten. Yn 2007 waarden trije fan sokke oerstekplakken boud, elk fan likernôch 50 meter breed, sa moat bistemigraasje stipe wurde. Foar 2013 moatte der noch seis ekodukten bykomme. It is de bedoeling om sa isolearre populaasjes mei elkoar te ferbine, wêrtroch it genetysk ferskaat en dêrmei ek de oerlibbingskans grutter wurdt. Ek wurdt der nij ferbinings bûten de Feluwe sneupe, der binne plannen foar ekologyske ferbiningsgebieten rjochting de Eastfardersplassen en Dútslân. Omdat de reaharten op de Feluwe in oare genetyske komôf hawwe as dy yn Dútslân en de Eastfardersplassen, hopet men sa op in ienwurding fan de soarte. Yn septimber 2006 is de Lanlike Feriening fan Freonen fan de Feluwe (Landelijke Vereniging van Vrienden van de Veluwe) stifte, om as net-gûvernemintele organisaasje ek ynfloed te krijen yn de nasjonale wurdstriid, de polityk en de media.

Minsklike bewenning

De befolking konsintrearret him histoarysk sjoen benammen oan de rânen fan de Feluwe dêr’t doarpen ûntstienen dy’t libben fan de lânbou dy’t op de skrokke grûn mooglik wie. Dizze kearnen binne yn de ôfrûne desenniums bot groeid en de grutste plakken lâns de Feluwe binne Apeldoarn, Arnhim en Ede. De Feluwe is oangeande de godstsjinst in protestantske hoeke. Der is in twadieling sichtber tusken de noardlike en westlike helte fan de Feluwe, dêr’t de minsken foar it meastepart reformatoarysk binne, en de eastlike en súdlike helte fan de Feluwe, dêr’t de minsken foar it meastepart sekulier binne. It noarden en westen fan de Feluwe meitsje ûnderdiel út fan de Bibelriem dy’t fan it noarden fan Oerisel oant yn Seelân rint.

Toerisme

Feluwe 
De Feluwe wurdt in soad brûkt foar rekreaasje.

De Feluwe is in populêre toeristyske bestimming, benammen foar Nederlanners dy’t foar in koarte fakânsje yn harren eigen lân geane. Der binne mear as 500 kempings en bungalowparken yn it gebiet. De measte dêrfan lizze oan de râne fan de Feluwe. Yn 2004 waard in bungalowpark sletten dat midden op de Feluwe stie, yn de takomst sille mear fan sokke parken ferdwine om te foldwaan oan de easken fan de IUCN om fan de Feluwe ien grut Nasjonaal Park te meitsjen. Neist it ferwiderjen fan bungalowparken út it gebiet binne der ek al oare aksjes ûndernaam. Sa waard yn 2001 begûn mei de sloop fan de Generaal Winkelkman kazerne by Nunspeet, it gebiet waard yn 2007 oan Steatsboskbehear oerdragen. En yn it ramt fan in ferbiningssône foar bisten waard yn Renkum in yndustryterrein weromjûn oan de natoer. De provinsje Gelderlân wol de ferbliuwsrekreaasje hieltyd mear konsintrearje lâns de minder kwetsbere rânen fan it gebiet. Sa wurdt besocht de grutte druk fan de rekreaasje op de natoer lytser te meitsje.

Ferneamde toeristeplakken binne Beekbergen, Elburg, Epe, Heerde, Hoenderloo, Kootwijk, Putten, Ermelo, Hurderwyk, Otterlo, Nunspeet, Garderen, Loenen, Vierhouten en Voorthuizen. Der binne fjouwer bistetunen, en mear as 50 museums, wêrûnder it Kröller-Müller Museum.

Etymology

Feluwe is ôflaat fan it Germaanske “falwa” (feal, skier, bleek) It wurd moat dan sjoen wurde as in braak lizzend lân en wie mooglik yn tsjinstelling ta de “goeie lannen” fan de Betuwe.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Feluwe NatoergebietFeluwe WettersFeluwe BewâldFeluwe Minsklike bewenningFeluwe ToerismeFeluwe EtymologyFeluwe Sjoch ekFeluwe Keppelings om utensFeluweBoskGelderlânHeideMarNederlânNederlânsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MontanaGrutte pappegaaido29 juny1978Louis PasteurLongûntstekkingSpanjeAneGeslachtsmienskipAntonie Frederik ZürcherGokkenMarilyn CrystalThe BeatlesShae SummersHolon (plak)13 junyTonge16 julyAmerikaanske dollarNoarskJeropa1980FlorânsFrankfurt am Main96PakistanOanslachFilipynske pappegaaidoHaadsideTekenteltsjeBallet199527 septimberOera Linda BoekKnier (lichemsdiel)Feriene KeninkrykOerisel22 junyToplessGesinArtefakt (archeology)Algemien direkteurNeakenfotografyKompjûterkloftFleanboatIranJonkheid1941MisjonarishâldingLexi DiamondFotografy7 aprilYnternasjonaal Systeem fan IenhedenFloarida2021EgypteEastseeFolksmuzyk16 aprilIngelskNovial4 junyEvelyn LinLetlânFingerjenKaliningradDouglas DC-31904Saûdy-AraabjeLexxxi LockhartSybren fan RoptaPortegalTermodynamikaRocco Siffredi🡆 More