Felice Gimondi

Felice Gimondi (Sedrina, 29 septimber 1942 - Giardini-Naxos 16 augustus 2019) wie in Italjaansk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Itaalje.

Dêrneist wûn er ien kear de Omgong fan Frankryk en ien kear de Omgong fan Spanje. Dermei is Gimondy ien fan de hurdfytsers dy't alle trije de grutte omgongen wûn hat.

Felice Gimondi
Felice Gimondi sporter
Felice Gimondi (1966)
Felice Gimondi (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Felice Gimondi
nasjonaliteit Felice Gimondi Italjaansk
bertedatum 29 septimber 1942
berteplak Sedrina
stjerdatum 16 augustus 2019
stjerplak Giardini-Naxos
lingte 181 sm
gewicht 71 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1964
karriêre-ein 1979
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1965),
Omgong fan Itaalje (1967, 1969, 1976) (3x),
Omgong fan Spanje (1968)

Kariêrre

De yn Sedrina by Bergamo berne Gimondi wie as amateur al in fertsjinstlik hurdfytser, mei ûnder mear winst yn de Omgong fan de Takomst. Hy bruts folslein troch yn syn debútjier by de profs yn 1965 doe't er as debutant de Omgong fan Frankryk op syn namme skreau. Twa jier letter wûn Gimondi de Omgong fan Itaalje, eat dat er yn 1969 en 1976 werhelje koe. Yn 1968 wûn er ek de Omgong fan Spanje, wêrmei 't er ien fan de hurdfytsers is dy 't alle trije de Grutte Omgongen wûn hawwe. De oaren binne Jacques Anquetil, Eddy Merckx, Bernard Hinault, Alberto Contador, Vincenzo Nibali en Chris Froome. Gimondi einige alle fiif kearen dat er meidie oan de Omgong fan Frankryk yn de top tsien. Syn leechste klassearring yn de Toer wie in sânde plak en hy wûn yn totaal sân etappes yn de Omgong fan Frankryk.

Gimondi ried net allinnich sterk yn de grutte omgongen, mar hy wie ek in spesjalist yn iendeistige wedstriden. Sa wûn er twa kear de Omgong fan Lombardije (1966 en 1973). Parys-Roubaix (1966) en Milaan-San Remo (1974) skreau er ien kear op syn namme. Yn 1973 waard Gimondi wrâldkampioen.

Felice Gimondi ferstoar yn 2019 yn de âldens fan 76 jier oan in hertoanfal by it swimmen yn see foar de eastkust fan Sisylje.

Dielnimming oan grutte omgongen

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk

  • 1965 - Felice Gimondi  1e; winner 3e, 18e en de 22ste etappe.
  • 1967 - 7e; winner 10e en de 20ste etappe.
  • 1969 - 4e; winner 12e etappe
  • 1972 - 2e;
  • 1975 - 3e; winner 10e etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje

  • 1968 - Felice Gimondi  1e; winner 17e etappe

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje

Ploegen

  • 1965–1972 - Salvarani
  • 1973–1979 - Bianchi

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Felice Gimondi KariêrreFelice Gimondi Dielnimming oan grutte omgongenFelice Gimondi PloegenFelice Gimondi16 augustus1942201929 septimberHurdfytserItaaljeOmgong fan FrankrykOmgong fan ItaaljeOmgong fan Spanje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HistoaryskPornografysk aktriseVVDProai1951JeropaAustraalje (lân)Leilani Vega8 junyToskdoLeppeltsje-leppeltsjeFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Lofthaven Skiphol16 aprilRegisseurDoekle TerpstraNatoerMount RushmoreJoyce OliveiraAudree JaymesKeatsenJarre2010-er jierrenSherlock HolmesSarah YoungRain Man5 augustusKetsjûa (taal)PornoakteurKrúswurdpuzelKoreaanskFilipinenGrikenWikidataDownload2014Clara TrinityMustafa Kemal AtatürkList fan Fryske jongesnammenIan KershawJohan KaartpriisPersia MonirMasturbaasjeJ.K. RowlingPriya PricePsychologyOflûken (seksualiteit)San DiegoJade KushJapanskNASAHawaïFiere EastenMinske1937Gymnomyza samoensisYnterbellumJoo Min LeeKanieldo1482Martin Luther KingVanessa PrideGuyanaJohann Wolfgang von GoetheRosa CaraccioloJ.R. CarringtonKatedraal fan Piazza ArmerinaWikipediaSavannah Gold1977ISBNPortegalFideospultsje🡆 More