Fay Weldon

Fay Weldon (Alvechurch, 22 septimber 1931 - Northampton, 4 jannewaris 2023) wie in feministysk Ingelsk skriuwster.

Har boeken gean faak oer froulju dy't troch de patriarchale struktuer fan de mienskip yn de knipe komme.

Fay Weldon
Fay Weldon skriuwer
Fay Weldon (lofts) op de Book Fair yn Kopenhagen, novimber 2008
Fay Weldon (lofts) op de Book Fair yn Kopenhagen, novimber 2008
persoanlike bysûnderheden
echte namme Franklin Birkinshaw
nasjonaliteit Fay Weldon Britsk
berne 22 septimber 1931
berteplak Alvechurch
stoarn 4 jannewaris 2023
stjerplak Northampton
etnisiteit Fay Weldon Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
tema's Feminisme
jierren aktyf 1963-2018

Fay Weldon waard 1931 yn Ingelân berne as Franklin Birkinshaw, yn in literêre famylje: sawol har pake Edgar Jepson as ek har mem Margaret (ûnder pseudonym Pearl Bellairs) wienen skriuwer. Doe't hja fiif wiken âld wie gie hja mei har mem werom nei Nij-Seelân. Weldon wenne oant har fjirtjinde yn Auckland, dêr't har heit dokter wie, mar nei de skieding fan har âlden ferfarre Weldon mei har mem en har suster Jane naar Ingelân. Har heit hat hja nea wer sjoen.

Weldon gong nei de Universiteit fan St. Andrews yn Skotlân, dêr't hja psychology en ekonomy studearre, mar ferfarre nei Londen doe't hja in bern krigen hie wylst sy net troud wie. Koart skoft dêrnei boaske hja oan Ronald Bateman, in 20 jier âldere learaar, en ferhuze nei Acton yn Londen. It pear gie lykwols twa jier letter út elkoar. Weldon gie oan 't wurk yn de reklame om mei har soantsje troch de tiid te kommen.

Op har 29e, yn 1962, moete hja Ronald Weldon, in antykhanneler. Sy trouden en krigen trije soannen. Weldon sette yn dy tiid útein mei skriuwen foar radio en tv. Yn 1967, publisearre sy hat earste roman: The Fat Woman's joke. Yn de neifolgjende 30 jierren boude se in súksesfolle karriêre as skriuwster op. Weldon publisearre goed twieintich romans, en boppedat ferskate bondels mei koarte ferhalen, films en artikels yn kranten en tydskriften, en hja waard in ferneamd gesicht en stim by de BBC.

Ronald en Fay Weldon skieiden yn 1994. Dêrnei troude hja mei dichter Nick Fox. It pear wennet yn Ingelân. Fay Weldon ferstoar op 4 jannewaris 2023, yn 'e aldens fan 91 jier.

Bibliografy (oersettings yn it Nederlânsk)

  • En mevrouw ging er vandoor (The Fat Woman's Joke, 1967)
  • Vrouwen onder elkaar (Down Among the Women, 1971)
  • Vriendinnen (roman) (Female Friends, 1975)
  • Vergeet me niet (Remember Me, 1976)
  • Zusjes (Little Sisters, 1977)
  • Praxis (roman)|Praxis (Praxis, 1978)
  • Stuifzwam (Puffball, 1980)
  • Het kind van de president (The President's Child, 1982)
  • Levens en liefdes van een duivelin (The Life and Loves of a She-Devil, 1983), ferfilme as She-Devil
  • Brieven aan Alice (Letters to Alice: On First Reading Jane Austen, 1984)
  • De oorlog tussen boven en beneden (The Shrapnel Academy, 1986)
  • Het hart van het land (The Heart of the Country, 1987)
  • De harten en levens van mannen (The Hearts and Lives of Men, 1987)
  • Met de muziek mee (Leader of the Band, 1988)
  • De klonen van Joanna May (The Cloning of Joanna May, 1989)
  • Het utopia van Darcy (Darcy's Utopia,1990)
  • Het huis van het huwelijk (Affliction, 1994)
  • Rijk worden (Growing Rich, 1992)
  • Levenslust (Life force, 1992)
  • Uit elkaar (Splitting, (1994)
  • Het poppenhuis (Worst fears, 1996)
  • Grote vrouwen (Big Women, 1997)
  • Rhode Island Blues (Rhode Island Blues, 2000)
  • De Bulgari-connectie (The Bulgari Connection, 2001)
  • Auto de Fay (Auto de Fay, 2002), autobiografy
  • Niks om aan te trekken (Nothing to wear and nowhere to hide, 2002)
  • Gestrikt (Mantrapped, 2004)
  • Wat vrouwen gelukkig maakt (What makes women happy, 2005)
  • Misschien blijft ze wel (She may not leave, 2005)
  • Saunageheimen (The spa decameron, 2007)
  • Dagboek van een stiefmoeder (The stepmother's diary, 2008)
  • Het huis aan Chalcot Crescent (Chalcot Crescent, 2009)
  • Macht der gewoonte (Habits of the house, 2012)

Keppelings om utens

Tags:

1931202322 septimber4 jannewarisAlvechurchFeminismeFeriene KeninkrykNorthamptonSkriuwster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MuntsjesylMoriah Mills1977Sana FeyEuropean Girls Adult Film DatabaseWrâldkampioenskip fuotbalKoreaanskBedrigingPûn sterling8 febrewarisBitcoinRain ManNoardhoekskRosa Caracciolo2001Sao Tomee en PrinsipeTel AvivKatedraal fan Piazza ArmerinaSitaatpuzel5 oktoberEtiopyske kalinderAudree JaymesNasjonaal parkKeninkryk FryslânGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008EeldePenisBrazzersBang BrosCharles Robinson (yllustrator)Gemme fan BurmaniaEliaWikidataChesty PullerFêsteljûnHidde BoersmaTer AardDoede VeemanLuna SilverFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952BesibskipPablo PicassoPriya PriceDampkringMegan VaughnKroandowenHurde pornografy15 aprilWielenpôleSamoähunningiter2012Ines Ridere7 maartGriisbealchiikhoarntsjeYnternetMisjonarishâlding3 febrewarisEmiel StoffersInga RidereYnterbellumMidden-AmearikaBelestingYslân9 oktoberLiifmoerSherlock HolmesRôfdierPornografy🡆 More