It Fêreusk is in Noardgermaanske taal dy't troch 44.000 minsken op 'e Fêreu-eilannen praat wurdt.
It is slim te sizzen hoefolle memmetaalsprekkers oft der oer de hiele wrâld binne, mar it tal wurdt yn 'e regel tusken de 60.000 en 100.000 rûsd. In telling út 2007 kaam út op 66.000. It Fêreusk is mei it Deensk ien fan beide offisjele talen op 'e Fêreu-eilannen. It is lykwols nauwer besibbe oan it Yslânsk en de Westnoarske dialekten as oan it Deensk. It Fêreusk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, dêr't de neikommende letters oan taheakke binne: Á/á, Í/í, Ó/ó, Ú/ú, Ý/ý, Ð/ð (edh), Ø/ø en Æ/æ. De letters c, q, w, x en z wurde net brûkt. Oan it begjin fan de njoggentjinde iuw waard it Fêreusk foar it earst brûkt as skriuwtaal en doe pas hat der stadichoan in eigen literatuer ûntstien.
Fêreusk | ||
algemien | ||
eigen namme | Føroyskt | |
lânseigen yn | de Fêreu-eilannen | |
tal sprekkers | 66.000 (2007) | |
skrift | Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Noardgermaansk ● Westskandinavysk ● Fêreusk | |
taalstatus | ||
offisjele status | de Fêreu-eilannen | |
erkenning as minderheidstaal | Denemark | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | fo | |
ISO 639-2 | fao | |
ISO 639-3 | fao |
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Fêreuske ferzje. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Fêreusk, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.