De EyeToy is in digitale kamera, dy't wol wat hat fan in webkam, foar de PlayStation 2 en de PlayStation Portable.
Mei help fan dy kamera kin de spiler sels meispylje yn it spultsje. Yn it earstoan waard de EyeToy makke troch Logitech, lettere ferzjes komme fan Nam Tai.
De EyeToy kin mei in USB 2.0-ferbining oansletten wurde. Hy brûkt 50 mA en is 173 gram. De maten binne 44 mm × 53mm × 89mm en de kabel is 2m lang.
De EyeToy wie earst in idee fan Dr. Richard Marks, hy woe in webkam kombinearje mei Playstation 2. Hy wie lykwols net de earste mei it idee, want de Game Boy Kamera wie der al earder, lykas de DreamEye fan Sega. Mei it krêftigere Playstation 2 en modernere kamera's wiene der wol mear mooglikheden, dy't net kind hiene mei de Game Boy en Sega. SCEE London Studio die wat mei it idee, en kaam yn 2002 mei in konsept en fjouwer spultsjes. It idee wie in súkses en yn july 2003 waard de EyeToy mei it earste spultsje EyeToy: Play útbrocht.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article EyeToy, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); EyeToy Wiki additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.