Evert Rinsema

Evert Rinsema (De Gerdyk, 28 augustus 1880 – It Hearrenfean, 4 july 1958) wie in Fryske skuonmakker en skriuwer/dichter en geastbesibbe fan keunstbeweging De Styl.

Evert Rinsema
Theo van Doesburg. Portret fan Evert Rinsema. Fermoedlik 1915. Pastelkryt op papier. 15,5 × 11,5 cm. Ljouwert, Frysk Museum.

Libben

Evert Rinsema 
Brief fan Theo van Doesburg oan Evert en Thijs Rinsema, dd. 28 febrewaris 1920

Hy wie in broer fan byldzjend keunstner Thijs Rinsema (1877-1947) en wenne yn Drachten. Hy wie skuonmakker en lies yn syn frije tiid yntinsyf it wurk en de libbensferhalen fan de grutte filosofen. Yn syn mobilisaasje-perioade, fan 1914 oant 1916, flakby it Noard-Brabânske Alphen, rekke hy befreone mei skriuwer en byldzjend keunstner Theo van Doesburg. Van Doesburg wie benammen ûnder de yndruk fan Rinsema omdat hy faak abstrakte en min te trochgrûnjen filosofyske tinkbylden yn it deistige libben weromseach. Hy makke om dy reden it hjir ôfbylde portret fan Rinsema, dêr't hy him yn werjoech as Friedrich Nietzsche. Van Doesburg soe letter faker by him yn Drachten op besite komme. Ek brocht Van Doesburg yn 1920 Rinsema syn dichtbondel Verzamelde volzinnen út. Yn septimber fan dat jier stelde Rinsema him foar oan arsjitekt Cees Rienks de Boer (1881-1966), dy't Van Doesburg beluts by it ûntwerp fan in oantal 'middenstânswenningen' en de Lânbouwinterskoalle yn Drachten. Begjin jierren tritich ferhuze Rinsema nei Assen, dêr't hy oan it Kanaal 175 in wenhûs yn modernistyske styl bouwe liet nei ûntwerp fan arsjitekt J.F.A. Göbel. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam hy werom nei Drachten. In bekende útspraak fan Rinsema is: 'Komt door te zwijgen niets tot stand, door spreken blijft niets staande' (1947).

Publikaasjes

  • Verzamelde volzinnen van Evert Rinsema. Leien: De Styl, 1920.
  • Wat ik dacht. Assen, 1947.
  • De mens is van nature hoekig. Bergen: Van der Wal, 1980.
  • Wat achterbleef. Volzinnen. Woubrugge: Avalon Pers, 1982.
  • Verwaaide bloemen. Gedichten en gedachten. Drachten: Streekmuseum "It Bleekerhûs", [1983].
  • Woorden op laag-water. Drachten: (eigen behear), 1984.
  • Geeft uw bloemen als u bloemen hebt, geleidelijk en langzaam water... [Woubrugge: Avalon Pers, 1995].

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Evert Rinsema LibbenEvert Rinsema PublikaasjesEvert Rinsema Keppelingen om utensEvert Rinsema1880195828 augustus4 julyDe GerdykDe StylDichterIt Hearrenfean (plak)SkriuwerSkuonmakker

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Helen DuvalPreeti en Priya YoungPornofilm2010-er jierrenJacht (aktiviteit)22 novimberFryskMaserati XXXHûnKoreaanskPake en beppePenis1769JarreBeierenYnternet5 oktoberDoede VeemanFryslânSamoähunningiterISBNEmiel StoffersJongfryske MienskipRamon (pornografysk akteur)WurdspulLexi DiamondNovialKollumSkiermûntseachSjongers15 aprilFryske gemeentenGrutte PierHarmony WonderMemOrale seksTonger (god)CowgirlhâldingTruus PostmaList fan geiterassen15e iuw1977FêsteljûnSalvador AllendeJulianna VegaPûn sterlingSwartnoasklapperiikhoarntsjeAustraalje (lân)JapanNoardhoeksk1935HinAlbertus Samuel Carpentier AltingJ.R. CarringtonSarah YoungMarijn KuipersBulgarijeSoesterbergMia Li23 maaieSineeskDriuwdongGymnomyza samoensisMichiganPornoakteurFranklin D. RooseveltMiljuschka WitzenhausenAlexa FlexyHavana GingerEtiopyske kalinder🡆 More