Evert Klazes Boorsma

Evert Klazes Boorsma (Tsjummearum, 22 jannewaris 1835 – dêre, 9 jannewaris 1872) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw twa kear de PC wûn.

Evert Klazes Boorsma
Evert Klazes Boorsma sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Evert Klazes Boorsma
nasjonaliteit Evert Klazes Boorsma Nederlânsk
bertedatum 22 jannewaris 1835
berteplak Tsjummearum (Fryslân)
stjerdatum 9 jannewaris 1872
stjerplak Tsjummearum (Fryslân)
etnisiteit Evert Klazes Boorsma Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút <1854
karriêre-ein 1867
wichtige prestaasjes
Evert Klazes Boorsma PC: 2× earste priis
Evert Klazes Boorsma PC: 5× trêde priis

Libben en karriêre

Boorsma waard yn 1835 berne yn Tsjummearum, yn 'e doetiidske gritenij Barradiel. Hy moat al foar 1854 úteinset wêze mei in karriêre yn it keatsen, mar út dy tiid is gjin ynformaasje oerlevere. Yn elts gefal wûn er yn 1855 de PC yn Frjentsjer mei in partoer dat fierders bestie út syn bruorren Willem Klazes Boorsma en Jan Klazes Boorsma.

Yn 1856 behelle Boorsma it twadde plak op 'e PC mei in partoer dêr't syn beide bruorren gjin diel fan útmakken. Yn 'e finale moasten hy en syn maten it dat jiers ôflizze tsjin 'e trije bruorren Felkers fan Winsum. Yn 1857 hie de PC in unike finale, wêryn't twa partoeren fan elts trije bruorren it tsjininoar opnamen. Soks is neitiid nea wer foarkommen. De bruorren Boorsma fersloegen de winners fan it foargeande jier, te witten: Johannes Frearks Felkers, Pieter Frearks Felkers en Frans Frearks Felkers. De bruorren Boorsma wûnen sulverne tabaksdoazen, en de bruorren Felkers sulverne leppels.

Neitiid behelle Evert Klazes Boorsma noch fjouwer kear it twadde plak op 'e PC, yn 1860, 1861 en 1863 mei syn bruorren Willem en Jan, en yn 1865 mei in oar partoer. Dêrmei garre er yn totaal 16 punten op foar it Ivich Keatsklassemint foar't er yn 1867 ophold mei keatsen. Hy kaam yn 1872 yn 'e âlderdom fan krapoan 40 jier yn syn berteplak Tsjummearum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1835187222 jannewaris9 jannewarisFryslânKeatserNjoggentjinde iuwPCTsjummearum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Noardatlantyske FerdrachsorganisaasjeKalkulatorStalkingJudeä (Romeinske provinsje)5 maartDiana, prinsesse fan WalesISSNPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Moriah MillsÛntslach1945Kanonike evangeeljesList fan planetoïden 31001-32000Dôve NettelDionysusBruorren GrimmUnbemanne fleanmasineElektronGauke Boelens1952Noelle EastonTatjana ŠimićJ.R. CarringtonJeanne d'ArcBelfast1 maartHoratio NelsonPoëzySingapoer2024HichtefreesNitraatHybride (biology)FerstoarArtefakt (archeology)BarnstienVladimir PûtinWest YorkshireAlaskaJuliaanske kalinderDûbele penetraasje1989BestjoerGeorgjePetrus- en Paulustsjerke (Pskov)Krystal SwiftNoardfryskList fan planetoïden 17001-18000Grut-BrittanjeCassidy BanksAndrej RûbljovGokkenFryslân BoppeAldfrysk2022May ThaiJacobus Henricus van 't HoffWiskundeOpstanningstsjerke (Tomsk)CowgirlhâldingKomeetLybjeEarymarFear yn 'e Broek🡆 More