Evakuaasje

In evakuaasje (fan it Frânske évacuation) of ûntromming is it urginte en direkte fuorttsjen of ferpleatsen fan groepen minsken (en soms bisten) nei in feilich of alteast feiliger plak, fanwegen de driging foar harren feilichheid dy't útgiet fan in beskaat barren of fan in oare driuwende omstannichheid.

In evakuaasje kin plakfine op frijwillige basis, wêrby't eltsenien sels útmakket oft de driging grut genôch is om fuort te gean, of troch de oerheid fan boppe-ôf oplein wurde. Yn dat lêste gefal wurde boargers ferplichte om foar har eigen feilichheid fuort te gean út it te evakuëarjen gebiet, oft se dat no wolle of net. Yn 'e measte lannen binne der yngeande regels opsteld op it mêd fan evakuaasjes. Ek yn ynternasjonale ferdraggen, lykas it Ferdrach fan Sjenêve, binne dêrfoar oanwizings opnommen.

Evakuaasje
Evakuees yn Teksas op 'e flecht foar de orkaan Rita, by Houston, yn 2005.

Redens foar evakuaasje op lytse skaal (bygelyks fan 'e oanwêzigen út in beskaat gebou) kinne wêze dat der brân útbrutsen is of dat der in bommelding dien is. Op gruttere skaal komt de evakuaasje fan ien of mear plakken of fan in hiele krite foar. Redens dêrfoar binne yn 'e regel dat der yn it ramt fan oarloch mei in bombardemint drige wurdt, of dat der in natoerramp driget, lykas in fulkaanútbarsting, in lawine, in natoerbrân, in oerstreaming, in orkaan, tyfoan of sykloan, in tornado of wynhoas, of in tsûnamy. By guon natoerrampen, lykas in ierdbeving, sjocht men it gefaar net yn 't foar oankommen, en moatte minsken faak neitiid noch út it troffen gebiet wei evakuëarre wurde. Yn sitewaasjes wêrby't gefaarlike materialen in rol spylje, moatte evakuees soms ûntsmet wurde ear't se út 'e gefaarsône helle wurde kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BistBoargerFerdraggenFrânskLânMinskeOerheid

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1 febrewarisEkwadorFilosofyGriken19815 oktoberMediaWikiDyami MillarsonNasjonaal parkNel BenschopBedrigingEuropean Girls Adult Film DatabaseDelotta BrownFryske talen9 oktoberMya NicholeGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007ISBNThundermotherNeakenmodelMoriah MillsClara Trinity7 febrewarisFingerjenJoy KissBang BrosPablo PicassoISSNYves BaillatUrkFuotbalDiezerpoarteWreck-It RalphSkamte (anatomy)Olaf ScholzMasturbaasjeIngeborg Uyt den BoogaardArwen Gold8 febrewarisFerspriedingsgebietNoardseeRegisseurSpaanskJ. MacSasha BeartNeakenfotografyHistoaryskDriuwdongFrankrykKrúswurdpuzelMartin Luther KingAlbertus Samuel Carpentier AltingList fan sterke tiidwurden yn it FryskYnterbellumKeunstriden op de Olympyske Winterspullen 20189 maaie1980HertpuzelOmnibus (boek)PolitykRocco SiffrediMuskusrôtHûntsjeshâldingMarten LutherEliaTiidsôneFiere EastenHoutNigeariaIt Dronkene SkipRachel Aziani1937Lexi Diamond🡆 More