Jeropeeske Sintrale Bank

De Jeropeeske Sintrale Bank (JSB) is ien fan de wichtichste banken op 'e wrâld, ferantwurdlik foar monetêre wetjouwing foar de 19 lidsteaten fan de eurosône.

Jeropeeske Sintrale Bank
It gebou fan de Jeropeeske Sintrale Bank yn Frankfort.
Jeropeeske Sintrale Bank
Euroteken bûten it haadkantoar fan de JSB yn Frankfurt.

De JSB is op 1 juny 1998 oprjochte, mei it haadkantoar yn Frankfurt, Dútslân.

Struktuer en organisaasje

De organisaasje fan de JSB is basearre op dat fan de Dútske Bundesbank en Landesbanken.

De JSB wurdt regearre troch in bestjoer fan direkteuren, mei oan it haad in presidint, en in bestjoerskolleezje, dat bestiet út leden fan it bestjoer fan direkteuren en fertsjinwurdigers fan lokale sintrale banken yn it Jeropeesk Systeem fan Sintrale Banken (JSSB).

Banken

It Jeropeesk Systeem fan Sintrale Banken is gearstald troch de Jeropeeske Sintrale Bank en de lokale sintrale banken fan de 28 lidsteaten fan de Jeropeeske Uny. Om dizze reden is it monetêre bewâld fan it Euro-gebiet/Eurosysteem in gearstalling fan de JSB en de bestjoeren fan nasjonale banken yn it Euro-gebiet.

Missy

It JSB en de bredere JSSB hawwe ta doel "it noedzjen fan ekonomyske stabiliteit" yn de euro-sône, om ûnder oaren de ynflaasje leech te hâlden. Op it stuit besykje se de ynflaasje leech te hâlden, mar wol om de 2% hinne.

Mei de doelstelling fan ekonomyske stabiliteit moat de bank it ekonomyske belied fan de Jeropeeske Uny stypje. Dat belied is der kaam om in heech nivo fan wurkgelegenheid en djoersume en net-ynflatoire ekonomyske groei te hoedzjen yn it ramt fan kêst 2 fan it Ferdrach fan de Jeropeeske Uny (ek wol it Ferdrach fan Maastricht).

Taken

De haadtaak fan de JSB is it tapassen fan monetêre wetjouwing foar it euro-gebiet, yn neifolging fan de doelen lykas hjirboppe beskreaun. De aktuele monetêre wetjouwing kin fûn wurde op it JSB-webstee.

Keppeling om utens

Jeropeeske Sintrale Bank  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory European Central Bank fan Wiki Commons.

Tags:

Jeropeeske Sintrale Bank Struktuer en organisaasjeJeropeeske Sintrale Bank MissyJeropeeske Sintrale Bank TakenJeropeeske Sintrale Bank Keppeling om utensJeropeeske Sintrale BankEuro

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fiktoriaanske TiidDútslânDe Tocht fan de ArgonautenAgnostisismeArabyskBesnijenisKollumersweachKya TropicTaalkundeLondenNoelle EastonJulianna VegaEuroKatedraal fan CataniaLira KissyMinskeFerdjippingEreksjeFuotbalFroulike ejakulaasjeISSNPaulina Seikola22 augustusSineeskHalletsjerkeAmerikaanske LoftmachtFêsteljûnSavana GingerScatlers kroandoYndo-Jeropeeske talenHelpStrawelteTwadde WrâldkriichThe New York TimesWytsingenEve MadisonJoadedomAuke VisserRia RodrigezIngelskSint-Joariskatedraal (Jeruzalim)Aubrey KateFrijaYndoneezjeLiuwe H. WestraDûbele puntAquaZoo Friesland45Kanadeeske beverLev TolstojLuna CorazónMakro-Sjê-talenLolle RondaanKrúsgetalpuzel21e iuwEnsyklopedyMoriah MillsWurdTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenDzjibûtyTwizelEmiel StoffersSauwerdMikromoanneMediaWikiBibliobusSloveenskFaginaMegan SalinasSensual Jane🡆 More