European Girls Adult Film Database

De European Girls Adult Film Database, almeast ôfkoarte ta EGAFD, is in fergees te rieplachtsjen Britske kennisbank (database) op it ynternet, dy't besiket en hâld gegevens by oer alle pornografyske films en pornoaktrises út Jeropa.

De namme betsjut: "Pornofilmkennisbank fan Jeropeeske Fammen". Nettsjinsteande dat binne manlike pornoakteurs ek opnommen. De EGAFD waard yn 2000 oprjochte. Yn 2015 omfieme de webside beskriuwings fan mear as 21.000 films en mear as 15.000 aktrises.

European Girls Adult
   Film Database
European Girls Adult Film Database
algemien
nasjonaliteit European Girls Adult Film Database Britsk
type privaat
sektor ynternet / pornografy
oprjochte 2000
offisjele webside
www.egafd.com

Beskriuwing

De EGAFD hâldt sels út dat de webside nea folslein wurde sil, mei't der altyd nije ynformaasje tafoege wurde kin. Nettsjinsteande dat besiket de webside om safolle mooglike gegevens op it mêd fan 'e Jeropeeske pornografyske filmyndustry te sammeljen en yn te dielen en dêrby sa mooglik as oanfolling op 'e IMDb en de IAFD te fungearjen. De gearstallers fan 'e EGAFD jouwe dúdlik de foarkar oan feature-films, d.w.s. films mei in plot, ynstee fan gonzopornografy: in opienfolging fan losse sekssênes. Om't der yn 'e 1970-er jierren mar kwealk ûnderskie makke waard tusken hurde en sêfte pornografy, wêrby't aktrises yn beide sjenres tagelyk wurksum wiene, binne yn 'e EGAFD, alteast út dy tiid, ek softcore-films en -aktrises opnommen.

De EGAFD hat foar aktrises sawol in alfabetyske ynhâldsopjefte as in sykfunksje. De ûnderskate lemma's hawwe in foto mei in seksje mei biografyske gegevens (pseudonimen, bertedatum en -jier, nasjonaliteit en eventuële boarstfergruttings en tatoeaazjes), en fierders in filmografy, in list mei wûne prizen, keppelings nei offisjele websiden en/of fansites en in link nei in fotogallery. De lemma's fan manlike akteurs binne beheinder, mei allinnich persoanlike ynformaasje en yn guon gefallen in foto. Foar films is in wiidweidige seksje mei gegevens opnommen, mei û.m. jier fan makkelei, regisseur, filmstudio, akteurs en aktrises en keppelings nei websiden dêr't de film ferkocht wurdt.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

20002015AktriseFeriene KeninkrykFilmJeropaKennisbankManlikNammePornoakteurPornoaktrisePornografyske filmWebsideYnternetÔfkoarte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

East-Jeropa9 july18 febrewarisTuneezjeIslamismeKontraktDniproCassidy BanksFuotbalBallet28 aprilIuwBaaikleanVanessa Sky800Somme (rivier)Spanje1952Rae Lil BlackEksplosyfGazastripePûn sterling1852Video Art Holland1954ISO 3166WebsideAldfrysk1941Krystal SwiftPornoaktriseMoleLoftmachtBeauty DiorHongarijeFaksismeFideospultsje1960FrankrykWolfArtefakt (archeology)StockholmVina SkyItaljaanskTongeYndoneezje29 desimberHardenbergSinne-enerzjySjapoer IYves BaillatGrutte-boarstesjenre19802010-er jierrenFryslânPornoakteurOrkestKeatsenLannen en territoariaYnternasjonaal Systeem fan IenhedenNegevGreefskip Bentheim (Landkreis)Scarlett JohanssonWittenskiplike nammeFeriene Arabyske EmiratenFrankfurt am MainOezbekistanSam WaltonISSNSneonKarnivoar12 desimberHearke Tjerks WitteveenFerspriedingsgebiet🡆 More