De etymology is it dielgebiet fan de taalkunde dat it komôf fan wurden bestudearret.
De etymology fan in wurd is de histoaryske ferklearring foar de wize wêrop't de foarm fan it wurd ta stân komd is; dêrom wurdt it ek wol de wurdôfkomst (Dútsk: Wortherkunft) neamd.
Ien dy't him mei etymology dwaande hâldt is in etymolooch. Etymologen wurkje faak by útjouwerijen fan wurdboeken en ensyklopedyën.
Ferneamde Nederlânske etymologen binne Jan de Vries (1890-1964) en Nicoline van der Sijs (°1955).
Frysk | Nederlânsk | Dútsk | Ingelsk | Oergermaansk |
---|---|---|---|---|
(nei) ta | (naar) toe | zu | to | *tō- |
tsien | tien | zehn | ten | *tehun |
tiid | tijd | Zeit | tide | *tīd- |
tún | tuin | Zaun | town | *tūn- |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Etymology, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.