Epifanykatedraal Fan Jelochovo

De Epifanykatedraal fan Jelochovo (Russysk: Богоявленский собор в Елохове) is in otterdokske katedraal yn de Russyske haadstêd Moskou.

De hjoeddeiske katedraal waard foltôge yn 1845 en tsjinne tusken 1938 oant 1991 as haadkatedraal fan it Moskouse patriargaat.

Epifanykatedraal fan Jelochovo

Богоявленский собор в Елохове

Epifanykatedraal Fan Jelochovo
Epifanykatedraal Fan Jelochovo
Lokaasje
lân Epifanykatedraal Fan Jelochovo Ruslân
plak Epifanykatedraal Fan Jelochovo Moskou
koördinaten 55° 46' N 37° 40' E
Arsjitektuer
arsjitekt Jevgraf Tjoerin
boujier 1835-1845
boustyl let-klassisisme
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710115026
Webside
elohov.ru
Kaart
Epifanykatedraal fan Jelochovo (Moskou-Ringwei)
Epifanykatedraal fan Jelochovo

De katedraal leit krekt wat eastlik fan it stedssintrum yn it stedsdiel Basmanni, net fier fan it Baumanskaja metrostatsjon.

Skiednis

De earste tsjerke op it plak fan 'e katedraal waard yn 1687 boud yn it doedestiidske doarp Jelochovo. Dat doarp wie it berteplak fan Basilius de Sillige, in bekende Aldrussyske hillige. Oarspronklik wie de tsjerke fan hout. Sûnt 1712 droech de tsjerke de namme Epifany. Yn 1731 waard de âlde houten tsjerke ferfongen troch in stiennen bouwurk mei in klokketoer. Dy tsjerke hold it in goede iuw út en yn juny 1799 waard dêr de lettere dichter Aleksander Pûsjkin doopt.

Mei de ôfbraak fan dy twadde tsjerke waard yn it jier 1731 begûn om plak te meitsjen foar in nije katedraal. It ûntwerp foar de nijbou wie ôfkomstich fan de doe noch relatyf ûnbekinde let-klassisistyske arsjitekt Jevgraf Tjoerin (1796–1872). De nije katedraal waard yn 1845 foltôge en in oktober fûn de wijing plak troch de Moskouse metropolyt Filaret.

In grutte ferbouwing fûn yn 1889 plak, doe't oan 'e tsjerke in nije refter oanboud waard. Yn 1912 brocht men yn 'e tsjerke nije muorrebeskilderingen oan en waard de ikonostaze fergulde.

De katedraal yn de Sovjettiid

Epifanykatedraal Fan Jelochovo 
Ynterieur.

Sûnt 1933 lei yn 'e omjouwing fan 'e katedraal de residinsje fan 'e otterdokske metropolyt en lettere patriarch Sergius I. Om't de katedraal as ien fan 'e pear tsjerken sparre waard en ûntkaam oan 'e systematyske ferneatiging fan tsjerken troch de bolsjewisten, waard de katedraal nei it opblazen fan 'e Kristus de Ferlosserkatedraal de haadtsjerke fan it Moskouse patriargaat. Oan dy funksje is it te tankjen dat de katedraal ek yn de Sovjet-tiid net oan it ferfal priisjûn waard. Yn 'e jierren 1970 en 1980 folge in yngreven restauraasje fan it bouwurk. Sa waarden de ikonostaze restaurearre en it ynterieur modernisearre.

De katedraal ferlear yn 1991 de bysûndere status fan patriargaatstsjerke oan 'e Marije-Himelfeartskatedraal yn it Moskouske Kremlyn. Nei't de rekonstruksje fan 'e Kristus de Ferlosserkatedraal foltôge waard yn 2000, krige dy katedraal wer de status fan patriargaatstsjerke en sûnt wurde dêr de wichtichste tsjerklike plechtichheden fierd.

Arsjitektuer

Yn oerienstimming mei de tradysje fan 'e grutte Russysk-otterdokske tsjerken bestiet it sintrale diel fan 'e tsjerke út fiif koepels. Dêrfan binne fjouwer lytsere koepels om ien grutte koepel groepearre, sa't de fjouwer evangelisten om Jezus hinne steane. Oan 'e westlike kant is in klokketoer fan fjouwer ferdjippings oanboud. Tusken de toer en de tsjerke leit de refter. De haadyngong is te herkennen oan in heech, bôgefoarmich portaal en leit yn it sintrale diel.

De fresko's yn 'e tsjerke en ûnder de koepel stelle foarstellings fan Russyske hilligen en út it Evangeelje foar. De ikonostaze fan 18 meter heech stiet oan 'e eastlike kant en datearret út 'e ein fan 'e 19e iuw. De fersierings fan de ikonostaze steane yn 'e tradysje fan 'e Russyske houtfykkeunst.

Yn 'e katedraal leit de hillichferklearre metropolyt Aleksius begroeven. Ek patriarch Sergius I krige hjir syn lêste rêstplak. Op 5 desimber 2008 waard hjir Aleksius II byset.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [1].


Tags:

Epifanykatedraal Fan Jelochovo SkiednisEpifanykatedraal Fan Jelochovo De katedraal yn de SovjettiidEpifanykatedraal Fan Jelochovo ArsjitektuerEpifanykatedraal Fan Jelochovo Keppeling om utensEpifanykatedraal Fan Jelochovo1845KatedraalMoskouRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SnitsMaya BijouTreinSierra LeöaneEchte apolloflinters2017Sensual JaneLoni LegendCees DoumaWyts JuwsmaUniversiteitFoppe LandRichard LanginJaylene RioSkamhierCowgirlhâldingMia LiFersekeringWillem de Oermasterder17 aprilClara TrinityDyami MillarsonLulu ChuMaserati XXXAssenMarilyn CrystalWedaWiskonsinBakkefeanJurjen Dreeuws11 aprilEMoriah MillsNoard-WillemskanaalArgusflinterOkke Hel (sêge)ZMårten Eskil WingeRae Lil BlackFideospultsjeKristina LionTynaarloOflûken (seksualiteit)Peter PiotVictoria GivensBistNoarskNicole OringMoslim1733MisjonarishâldingGrinslânISO 3166YndoneezjeFresia (midsieuwen)Fidel CastroKimia KanvariFeriene SteatenJan RijpstraArwen GoldKryptogramIuwHeipealhâldingSjongerJ. Mac🡆 More