Emmy Award

De Emmy Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde oan programma's, produsinten en yndividuën yn 'e tillefyzjewrâld.

Se wurde rûnom beskôge as de wichtichste Amerikaanske tillefyzjeprizen, en korrespondearje datoangeande mei de Oscars (foar film), de Tonys (foar toaniel) en de Grammys (foar muzyk).

Emmy Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Emmy Award Amerikaansk
útrikt foar tillefyzje
útrikt troch ATAS
NATAS
IATAS
frekwinsje 1x jiers
datum [mear as 1 seremoanje]
plak Los Angeles (Kalifornje) /
Burbank (Kalifornje
ynsteld 1949
1e útrikking 1949
offisjele webside
www.emmys.tv/awards (ATAS)
www.emmyonline.tv (NATAS)
www.iemmys.tv (IATAS)

Underskate Emmys

Om't de Emmys oan tige ferskate sektors fan 'e tillefyzje-yndustry útrikt wurde, besteane der 6 ferskillende útrikkingsseremoanjes jiers, dy't organisearre wurde troch 3 ferskillende organisaasjes. It bekendst en meast prestizjeus binne de Primetime Emmys (foar jûnstillefyzje), dy't útrikt wurde troch de Academy of Television Arts & Sciences (ATAS), en de Daytime Emmys (foar deitillefyzje), dy't útrikt wurde troch de National Academy of Television Arts & Sciences (NATAS). De NATAS organisearret dêrnjonken ek de útrikking fan 'e Technology and Engineering Emmy Awards (foar tillefyzjetechnyk), de Sports Emmy Awards (foar sportferslachjouwing) en de News and Documentary Emmy Awards (foar nijsprogramma's en dokumintêres). Fierders binne der dan noch de International Emmy Awards, foar ynternasjonale tillefyzje, dy't útrikt wurde troch de International Academy of Television Arts & Sciences (IATAS). Dêrnjonken wurkje de NATAS en de ATAS gear by de útrikking fan Regional Emmy Awards, foar regionale tillefyzje yn tweintich ûnderskate regio's fan 'e Feriene Steaten.

Skiednis

De ATAS rjochte yn 1949 de Emmy Award op as in middel om it medium tillefyzje te promoaten, dat doe noch yn 'e berneskuon stie. De earste jierren wie de útrikking in regionaal barren, dat folslein op Los Angeles en omkriten taspitst wie, en ek allinnich dêr útstjoerd waard. Yn 'e fyftiger jierren waard der in nasjonaal evenemint fan makke, en yn 1955 waard yn New York de NATAS oprjochte as susterorganisaasje fan 'e ATAS, om 'e leden oan 'e eastkust te tsjinjen en teffens om dêr tafersjoch op 'e útrikking te hâlden. De NATAS stifte yn 'e jierren dêrnei njoggentjin regionale ôfdielings ferdield oer de hiele Feriene Steaten, dy't (mei de ATAS foar de krite fan Los Angeles) ferantwurdlik waarden foar de útrikking fan 'e regionale Emmys. Oarspronklik waarden de nasjonale Emmys ienris yn it jier allegear tagelyk útrikt, mar nei't de ATAS en de NATAS yn 'e santiger jierren spul krigen hiene, waard yn 1977 besletten om 'e boel op te dielen en elk har eigen paad te gean. De ATAS behold de (wichtichste) útrikking fan 'e prizen foar jûnstillefyzje, wylst alle oare prizen nei de NATAS giene. De beide organisaasje kamen wol oerien om 'e rjochten op 'e trofee en it hannelsmerk te dielen. Underwilens wie 1969 de IATAS oprjochte om in ynternasjonale ferzje fan 'e Emmy Awards op te setten.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Emmy Award Underskate EmmysEmmy Award SkiednisEmmy Award Keppelings om utensEmmy AwardFeriene SteatenFilmGrammy AwardMuzykOscarTillefyzjeToanielTony Award

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

731TearnsSeksuele penetraasjeSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 19761981Jouke Annes BakkerSean LawlessToby AlderweireldFeankeninginneNút (lichemsdiel)SoarteIt Heitelân (liet)Tom ClancyJerine FleurkeBrazilian waxISO 3166-1Yuichi KomanoOmgong fan FrankrykComité flamand de FranceList fan hûnerassenGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2021Koji SasakiSlowakijeSUP 11 City TourAmbigram14e iuwGrimalkin (mytysk wêzen)Annebuorren (It Hearrenfean)Pappegaaidowen17 junyCassandra WildeStoomgemaal MastenbroekJapanAtoomKlaarkampster MarTwadde WrâldkriichLulu ChuJ. MacGloria SwansonDKWVeronica RodriguezLúksemboarchskBommesmiterJoyce OliveiraOrale seksBoarstfergruttingTreron aromaticusKilesturtpappegaaidoAfrikaKacie CastleSrylankaanske pappegaaidoSkoatter UterdikenMonumint foar it Swarte Leger (Reims)ItaaljeHein OtterspeerLâningteKya Tropic1967KampenOlympyske Winterspullen 2018KleanMinsklike seksuele aktiviteitNoard-Fryslân🡆 More