Emmen

Emmen is in stêd yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Drinte en de haadstêd fan de gemeente Emmen.

De stêd hat 56.640 ynwenners (2021, boarne: CBS). De stêd leit op it súdeastlike punt fan de Hûnsrich.

Emmen
Sintrum fan Emmen
Sintrum fan Emmen
Emblemen
Emmen               Emmen
Polityk
Lân Emmen Nederlân
provinsje Emmen Drinte
gemeente Emmen Emmen
Sifers
Ynwennertal 56.640 (2021)
Oar
Postkoade 7811-7815, 7821-7828
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 46' 52" NB, 6° 53' 58" EL
Loftfoto fan it sintrum fan Emmen
Loftfoto fan it sintrum fan Emmen
Kaart
Emmen (Drinte)
Emmen
Lizzing fan Emmen yn Drinte
Kaart
Sintrum fan Emmen
Topografyske kaart fan Emmen
    Emmen Dizze side giet oer de stêd Emmen. Foar de gemeente Emmen, sjoch: Emmen (gemeente).

De stêd is nijsgjirrich opboud. Der is in soad griene romte tusken de wiken, dy't dêrtroch relatyf fier fan de stedskearn ôflizze. Yn Emmen is de Wildlands Adventure Zoo Emmen, de opfolger fan it Noorder Dierenpark, fêstige.

Skiednis

Iere skiednis

Emmen 
Hunebêd D46 yn Emmen

Yn de prehistoarje wennen der al minsken op de Hûnsrich. Bewizen dêrfan binne de hunebêden, dêr't der wol tsien yn de beboude kom fan Emmen fan steane. Dy hunebêden komme fan de Trachterbekerkultuer. Ek fynsten fan grêfheuvels, Keltyske ikkers, in feanwei, in timpeltsje en it Pear fan Weardinge litte sjen dat der 5.000 jier ferlyn al minsklike aktiviteiten wiene.

Emmen ûntstie nei alle gedachten as in iesdoarp, dêr't hjoed-de-dei de noch oanwêzige iezen en brinken it bewiis dêrfoar binne. Wannear't Emmen ûntstien is, is net wis, mar mooglik yn de achtste iuw. De earste (houten) tsjerke komt fan dy tiid, dy't yn de trettjinde iuw troch in stiennen ien ferfongen waard. Emmen waard foar it earst neamd yn in oarkonde fan 1139 as Emne en Empne, dêr't oer in hôf of pleats sprutsen waard. Wat de namme betsjut is net wis. Mooglik dat it "flak" of "leech lân" betsjut. Yn 1229 waard Emmen platbaarnd troch biskop Wilbrand fan Aldenburch as in ferjildingsaksje nei de Slach by Ane. It doarp waard dêrnei fannijs opboud, mar it bleau ynearsten mar in lyts doarp.

Feanterij

Yn it midden fan de njoggentjinde iuw begûn Emmen te groeien troch de feanterij om it plak hinne. Emmen sels leit op sângrûn fan de súdeastlike Hûnsrich, mar dêromhinne leit feangrûn, de Emmer Feanen. De earste pioniers dêrfan kamen om 1850 hinne en om te oerlibjen setten se útein mei it ferbouwen fan boekweet. Nei 1900 kaam de feanterij echt op gong. Nije delsettings súdlik en eastlik fan Emmen ûntstiene doe, lykas Emmer-Compascuum, Erica, Klazienaveen en Nij-Amsterdam. De feanwurkers libben yn grutte earmoede en wennen benammen yn spitketen.

Yn 1881 krige Emmen syn earste gemeentehûs. Dat waard yn 1974, mei útsûndering fan it foarhûs ôfbrutsen. In jier letter baarnde it foarhûs ôf en doe moast it gebou folslein ôfbrutsen wurde.

Yn de 1920-er en 1930-er jierren rûn it winnen fan turf tige by tige werom, omreden it opkommen fan stienkoal as brânstof. Yn de Earste Wrâldkriich libbe de turfwinning in bytsje op troch brekme oan stienkoal, dochs hat in net in soad holpen. Wurkleazens en earmoede bleaune yn de omkriten oant de 1950-er jierren. Yn Emmen sels foel de earmoede wol wat ta. Sa krige it doarp ferskate foarsjennings, lykas de Noorder Dierenpark yn 1935 op it plak dêr't earder in lângoed stie. Yn 1938 waard it earste sikehûs yn Emmen iepen, it Diakonessehûs Emmen.

Twadde Wrâldkriich

Emmen 
Loftfoto fan Emmen tusken 1920-1940

Op 10 maaie 1940 foelen Dútske legers Nederlân yn en lutsen de grins by Emmen oer. It ferset yn Emmen hold him ynearsten dwaande mei it helpen fan ûntsnapte kriichsfinzenen, alliearde piloaten en ûnderdûkers. Nei de simmer fan 1943 kaam it organisearre ferset, lykas yn de rest fan it lân, op gong. Foar de kriich wennen der 180 Joaden yn Emmen, mar nei de kriich wiene der likernôch 30 oer. De measten fan harren kamen om yn konsintraasjekampen. De synagoge hat de kriich lokkigernôch al oerlibbe. Op 2 janewaris 1945 fêstige de oerbefelhawwer fan de Dútske Wehrmacht, Friedrich Christiansen, syn haadkertier yn filla Lindenhof yn Emmen. Op 22 febrearis dat jiers fierden alliearde bommesmiters in bombardemint út, dochs misten de filla. Wol waarden der inkelde wenten troffen en foelen der seis deaden. De filla sels kaam der net skeind foar wei en is hjoed-de-dei sels in ryksmonumint. Op 10 april dat jiers waard Emmen troch de alliearden ûnder lieding fan generaal Maczek befrijd. In plantsoen yn Emmen is nei him neamd.

Nei de Twadde Wrâldkriich

Nei de kriich waard it ekonomysk swakke gebiet yn it súdeasten fan Drinte oanmurken as ûntwikkelingsgebiet. Foar de kriich hiene guon bedriuwen Emmen al ûntdutsen as in te ûntjaan yndustrygebiet foar ienfâldige yndustry-arbeid. Nei 1945 woeks Emmen út ta de grutste regionale yndustrykearn troch it fêstigjen fan filialen fan meardere tekstyl- en metaalfabriken, lykas Danlon en ENKA/AKU. Troch it kommen fan dy filialen waard it needsaaklik om nije wenwiken oan te lizzen. Dy waarden frij fier fan de besteande kearn ôf boud, om gebieten mei lânskiplike wearden te bewarjen.

Mei dy bysûndere stêdeboukundige opset waard Emmen ynternasjonaal ferneamd. Niek de Boer wie de ferantwurdlike stêdeboukundige. Hy oppenearre dat de eardere feanwurklju yn en om Emmen hinne it dreech hawwe soene en pas harren libben oan yn in stêd te wenjen. Dêrom kaam er mei it idee foar in iepen griene stêd, in plak mei in doarps wenklimaat mei stêdlike foarsjennings. Ek de earste hiemen waarden yn it ramt fan de griene stêd ûntwurpen.

Emmen waard yn it yn- en bûtenlân bekend troch it Noorder Dierenpark. Dy koe him yn de 1990-er jierren troch ynnovaasjes ûnderskiede fan oare bistetunen. Dêrnei rûn it park lykwols yn it neigean en koe allinnich de gemeente in fallisemint keare. Doe waard besletten it park te sluten en oan de oare kant fan it sintrum in folslein nij park oan te lizzen. Dat waard yn 2012 dien yn 'e mande mei it grutste projekt ea yn Emmen, de sintrumfernijing. Der waard yn totaal mear as 500 miljoen euro ynvestearre yn it sintrum. Dat plan moast Emmen in stêdliker oansjen jaan. De wichtichste parten fan it plan wiene de bou fan it nije Atlas Theater, it oanlizzen fan de Hondsrugtunnel mei dêrboppe in nij Riedhûsplein, de bou fan in 65 meter "wolkekliuwer", de Hondsrugtoren, it ferhûzjen fan de bistetún en it omfoarmjen fan it âlde bistetúnterrein ta it Rensenpark.

Geografy

Emmen 
It Riedhûsplein

Emmen leit op in súdeastlike útrinner fan de Hûnsrich, in sânrêch fan 70 km dy't fan Emmen nei Grins ta rint mei in trochsneed hichte fan 20 meter boppe seenivo. It súdlikste punt, Hoantsjedún leit yn de stêd en is mei in hichte fan 26,5 meter de heechste natuerlike hichte fan Drinte. De bosk Emmerdennen leit suver yn de stêd oan de noardkant tusken it sintrum en de wyk Emmermeer oan iene kant en de wiken Emmerhout en Emmerschans oan oare kant. Earder leine der twa marren by Emmen, de Bargermar en Emmermar, dy't drûchlein waarden. Yn de eardere Bargermar leit hjoed-de-dei it yndustryterrein Bargermeer. Hjoed-de-dei lizze der twa keunstmjittige marren yn Emmen-Súd: Grote Rietplas en Kleine Rietplas. Súdeastlik fan de stêd is it Ynternasjonale Natuerpark Boertanger Moor-Bargerfean. Westlik fan it sintrum is noch in foar in part yntakt iesgea. De âlde brink is foar in part bewarre bleaun en is hjoed-de-dei part fan it Merkplein. It noardlik part fan it sintrum is it âldste part fan Emmen dêr't noch histoarysk weardefolle gebouwen steane. Fierder wurdt it sintrum skaaimerke troch in soad heechbou mei nijmoadrge arsjitektuer. It heechste gebou is de 65 meter hege Hondsrugtoren (Hûnsrichtoer) dat it heechste gebou fan Drinte is. Nijsgjirrich is de opbou fan Emmen. Yn it ramt fan de iepen griene stêd binne de wiken reedlik fier fan it sintrum ôf boud, en kaam it sintrum net sintraal yn de stêd te lizzen, mar suver earder oan de westkant. Troch de stedsútwreidings binne doarpen lykas Noordbarge, Weerdinge, Westenesch en Zuidbarge wiken fan Emmen wurden. Fan de súdkant fan it sintrum oant de A37 rint it bedriuweterrein Bargermeer.

Wiken en yndieling

Emmen 
Haadstrjitte
Emmen 
Wyk Angelslo
Emmen 
Wyk Emmerhout

Emmen bestiet út it sintrum en sân grutte wenwiken mei elts eigen winkelsintrums. Dêrnjonken binne der lytsere wiken en buorskippen dy't yn de stêd lizze.

Yndieling Oersichtskaart
Wiken, buerten en buorskippen:
  1. Sintrum
  2. Emmermeer
  3. Angelslo
  4. Emmerhout
  5. Barger-Oosterveld
  6. Bargeres
  7. Rietlanden
  8. Parc Sandur
  9. Delftlanden
  10. Westenesch
  11. Noordbarge
  12. Zuidbarge
  13. Over 't spoor
  14. 't Appeltje en Boschoord
  15. Emmerschans
  16. Weerdinge
  17. Bargermeer
Emmen 

It besjen wurdich

Emmen 
Grutte Tsjerke oan de Merkplein
Emmen 
Riedhûsplein mei Theater Atlas
  • Wildlands Adventure Zoo Emmen
  • Grutte Tsjerke, romaanske tsjerke mei toer fan de tolfde iuw
  • Paulustsjerke, roomsk-katolike tsjerke
  • Gerardus Majellatsjerke, roomsk-katolike tsjerke fan 1906 yn Barger-Oosterveld.
  • Synagoge fan 1878, de iennige synagoge yn Drinte.
  • Emmerskâns, in redûte út de achtjjinde iuw
  • Stikmannich Saksyske pleatsen
  • Tsien hunebêden
  • Veenpark, in iepenloftmuseum
  • Theater Atlas
  • Hello Festval, earder Retropop, in jierliks weromkearend muzykevenemint

Ekonomy

Emmen foarmet ien fan de ekonomyske kearnsônen fan Noard-Nederlân mei goed 47.500 arbeidsplakken en likernôch 5.500 bedriuwen. Emmen is part fan it gruttestêdebelied fan de ryksoerheid en foarmet mank mei Assen, Grins en Ljouwert de saneamde NG4, de fjouwer grutte stêden fan Noard-Nederlân.

Emmen hat in totaal fan goed 1.000 bunder yndustry- en bedriuweterreinen. Multinationals lykas Teijin Aramid, Acordis en DSM binne fêstige yn Emmen. Bargermeer, it grutste bedriuweterrein fan de stêd, is ûnderferparte yn Bargermeer-Noard, Bargermeer-Súd, Bargerpoort (yn ûntjouwing), Bedriuwepark A37, Businesspark Eigenhaard, Emmtec Industry and Business Park en Nijbracht Center. Oare bedriuweterreinen yn de stêd binne; Bedriuweterrein Barger-Oosterveld, Businesspark Meerdijk en Waanderveld.

Emmen hat in regionaal sikehûs, Scheper Ziekenhuis, mei 1.500 meiwurkers, 82 medysk spesjalisten en 381 bêden.

FC Emmen is de fuotbalklup fan Emmen dy't yn de Earedifyzje spilet, dy't syn thús hat yn stadion De Oude Meerdijk.

Underrjocht

Alle wiken hawwe skoallen foar primêr ûnderwiis, mei yn totaal 34 skoallen. Der binne trije skoalmienskippen foar it fuortset ûnderwiis (fmbû oant fwû-plus). Fierders is der AOC-Terra op it mêd fan agrarysk ûnderwiis op fmbû-nivo en in skoalle foar praktykûnderwiis. It Drenthe College is foar it middelber beropsûnderwiis.

Heger beropsûnderwiis wurdt jûn oan de NHL Stenden Hogeschool op it Kennis Campus Emmen dat in part fan Stenden Hegekoalle is.

Ferkear

De A37 rint súdlik fan Emmen fan Hoogeveen nei de Dútske grins by Zwartemeer, dêr't er oanslút op de Dútske A31 en B402. De N34 rint fan Hardenberg oer Coevorden en Emmen nei Grins ta. De N381 rint fan Emmen nei Drachten ta en wurdt yn Drinte wol de Fryslânrûte (Frieslandroute) neamd.

Oer it spoar is Emmen ferbûn troch it spoar fan Swol nei Emmen mei Swol. Emmen hat twa spoarstasjons: Stasjon Emmen en Stasjon Emmen-Súd.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch op nl:Emmen (Drenthe)

Emmen  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emmen, Netherlands fan Wiki Commons.
Emmen 
Wiken en buerten yn Emmen
Emmen 
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
wizigje
Emmen 
Emmen
Emmen 
Stêd:
Emmen
Doarpen:
Barger-Compascuum • Emmer-Compascuum • Erica • Klazienaveen • Nieuw-Dordrecht • Nieuw-Schoonebeek • Nieuw-Weerdinge • Nij-Amsterdam • Roswinkel • Schoonebeek • Veenoord • Weiteveen • Zwartemeer
Buorskippen:
Amsterdamscheveld • Barger-Erfscheidenveen • Barger-Oosterveld • Barger-Oosterveen • Emmer-Erfscheidenveen • Ermerveen • Foxel • Klazienaveen-Noard • Koelveen • Middendorp (Schoonebeek) • Munsterscheveld • Noordbarge • Oosterse Bos • Oranjedorp • WeerdingeWestenesch • Westersebos • Wilhelmsoord • Zandpol • Zuidbarge
wizigje

Tags:

Emmen SkiednisEmmen GeografyEmmen It besjen wurdichEmmen EkonomyEmmen FerkearEmmen Keppelings om utensEmmenDrinteEmmen (gemeente)HûnsrichNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Karibyske lamantynRussenSiren ThornKascha PapillonAazjeNobelpriisParkAfrikaKante kilometerAulacomysBo SinnPetra VerkaikApplikaasjeJeropa1909Misjonarishâlding2003Anglikaanske TsjerkeLuna RivalFloaridaBrazilian waxBaskyske wrotmûsPolitykFûgelsPerzyskNeakenmodelKrystal SwiftAlde MaaieGansuMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)ItaaljeAafke BijlsmaGedichtFlechtleaze fûgelTechnologyTekkelTresoarSosjologyNoard-FryslânAngelica RavenLexi DiamondZaya CassidyMinsklike seksuele aktiviteit1616Flammewerper1 aprilProto-Yndo-JeropeeskList fan Fryske jongesnammenWest-FryslânLIt's a Beautiful DayPylksturtpappegaaidoEritreäHylpenSalma HayekMirka Antolović-TipurićOperaHoutkapPornhub1508Liza MinnelliLouis DaguerreSweden7e iuwAmerikaanske steatMilitêr transportfleantúchKâlde KriichKartaachske Ryk🡆 More