Ekologyske Ferbiningssône

In ekologyske ferbiningssône (EFS) is in ferbining tusken natoergebieten (mei 'nije' of ophelle natoer).

Ekologyske ferbiningssônes wurden oanlein om it migrearjen fan (isolearre rekke) bisten en planten tusken natoergebieten mooglik te meitsjen. Dit makket it útwikselen fan genen mûglik, wat liede moat ta sûnere populaasjes.

Ekologysk belang

Libbensmienskippen reitsje tsjintwurdich nochalris isolearre troch libbensgebiettesnipeling: diken, bebouwing en yntensive lânbousônes trochbrekke it gaadlik wengebiet. It is normaal dat de omstannichheden yn in libbensmienskip net hieltyd en oeral gelyk binne. At in populaasje yn in minne perioade efterút giet, kinne eltse libbensmienskip op himsels te lyts wurde om fuort te bestean. Dan soe it organisme ferdwine kinne. Troch libbensgebieten fan organsmen mei elkoar te ferbinen kin it draachflak foar it fuortbestean fan in beskate soart grutter wurde.

Oare belangen

De oanlis fan ekologyske ferbiningssônes kin ek oare belangen tsjinje. De oanlis fan reidlân en ûndjipten lâns marren, rivieren en fearten kin it wetter skjinner meitsje en jout fisk in gaadlik plak om te ridzjen. Ek wurde sokke gebieten ynrjochte as leitegebiet sadat se in beskermjende wurking hawwe foar de diken derefter.

Natuerlike ferbiningssônes yn besprek jûn

As neidielen fan EFS wurde wol neamd:

  1. Interferinsje mei besteande of winsklike misklike aktiviteiten. Foarbylden:
    1. it ferpleatsen fan bedriuwsterreinen kostet jild. Der is ferskil fan miening oer oft projekten as 'Hert oan de Ryn' yn Renkum de kosten foar ûndernimmers hielendal fergoedzje moatte.
    2. beheining fan rekreaasjemooglikheden fan gebieten.
  2. Kosten foar ynfrastruktuer as wyldfiadukten.
  3. Fersprieding fan sykten en parasiten troch bisten dy't migrearje fia EFS's. Foarbylden hjirfan binne:
    1. it tanimmen fan tiken dy't dragers binne fan de Sykte fan Lyme (fia komplekse ekology fan harten en kjifdieren)
    2. ferbiningssônes foar dassen kinne fersprieding fan tuberkuloaze fan gefolgen hawwe
    3. migraasje by foksen kin hûnsdûmens ferspriede.
Ekologyske Ferbiningssône 
Brede reidseame as part fan in Ekologyske ferbiningssône

Realisaasje

EFS's kinne op alderhanne wizen realisearre wurde. It binne seamen mei poelen by in feart del (b.g. Drait), brede gersrânen dêr't in útsoartich meanrezjym foar jildt. Ek binne der fiskpassaazjes en dykoanpassings om risiko's foar oerstekkend wyld te beheinen.

Wat ek spilet is dat wat foar de iene soarte in ferbiningssône is, foar in oare soarte in barriêre wêze kin.

Planologysk lizze EFS's fêst yn in Ekologyske haadstruktueren.

Eleminten fan in ekologyske ferbiningssône

In ekologyske ferbiningssône kin de neikommende eleminten befetsje:

    It ekodukt
    In breed begroeid fiadukt dêr't grut wyld feilich diken, benammen sneldiken, oerstekke kin.
    De fisktrep
    In oanpassing, fral by slûzen en yn diken, dat fisk dy hindernissen nimme kin.
    De wyldtrep
    In opgong dy't it bisten mooglik makket om by de wâl op te kommen en sa kanalen oer swimme te kinnen.

Tags:

Ekologyske Ferbiningssône Ekologysk belangEkologyske Ferbiningssône Oare belangenEkologyske Ferbiningssône Natuerlike ferbiningssônes yn besprek jûnEkologyske Ferbiningssône RealisaasjeEkologyske FerbiningssôneGen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Truus Postma5 desimberBitcoinFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952ÛndersoarteBrân fan Kopenhagen (1728)1 maartJulie SkyhighGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Lexxxi LockhartCassidy BanksGermaanske talenAlexa FlexyGrutte Heitelânske KriichSúdlarenHinKeltyske talenMediaWikiYves Baillat4 novimberEkwadorLycklama à Nijeholt2012Creative CommonsPortegalJoy KissAustraalje (lân)Domtsjerke fan ParmaKya TropicLofthaven SkipholBoarstferlytsingKeunstriden op de Olympyske Winterspullen 2018Aeolus SeisbierrumNigeariaSieds Johannes RienksTrio (seksualiteit)WordleMeso-AmearikaVienna Black17801939KrúswurdpuzelJ.K. RowlingKryptogramAssenFiere EastenRocco SiffrediBlaudokeBoarstfergruttingJongfryske MienskipGina GersonKrystal Swift9 maartRepublykManedoSalvador AllendeHelen Duval7 febrewarisAlbertina SoepboerSitaatpuzelJoo Min LeeNatoer1969Rain Man🡆 More