Eddy Dykstra

Eddy Dykstra, skûlnamme foar Ids Dijkstra, (De Jouwer, 31 desimber 1948) is in Fryske Kanadees dy't yn it Ingelsk en yn it Frysk sjongt.

Berne op 'e Jouwer as Ids Dijkstra, op 31 desimber yn 'e Midstrjitte. Soan fan Sjoerd Dijkstra en Elizabeth Idsinga. Yn maart 1949 mei de "Marine Shark" emigrearre nei Kanada. Ids wurdt Eddy. Yn oktober 1958 werom nei Fryslân mei mem, Thelma, Lowell en Harvey. Neidat Eddy syn heit yn it jier derfoar ferûngelokke wie it better dat de famylje werom gie nei Hollân, sa as dat doetiids hjitte.

Eddy Dykstra
Eddy Dykstra sjonger en/of muzikant
Eddy Dykstra
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsnk
berne 31 desimber 1948
berteplak De Jouwer
wurkpaad
sjongtaal Frysk, INgelsk
ynstrumint gitaar
jierren aktyf 1975 - no
offisjele webside
Hiemside Eddy Dykstra

Eddy song in protte en spile al op syn earste bakkeliten blokfluit. Krige blokfluitles yn Ousterhaule, as ienige jonge tusken fjouwer famkes. Yn 1963 wurdt der tamboer by it korps CSC op 'e Jouwer. Letter ek paukenist en in lyts skofke tamboer-maitre. Yn 1964 begjinne de earste oefeningen op de gitaar, dy't Eddy liene mocht fan in famke út Langwar. Dan wurdt it trio The Cads oprjochte (leadgitaar: Cees Slump, drums: jongere broer Lowell Dykstra, slachgitaar en sang: Eddy Dykstra). Yn Sint Jânsgea winne se in 3e priis op in talintejacht. It earste optreden mei de skoalband as sjonger mei it in hit fan doe: Lucky Lips. Yn 1965 folge it oprjochtsjen fan de skoalband The Movers (sang en gitaar: Eddy Dykstra, drums: Lowell Dykstra, gitaar: Minnesma, gitaar: Connie Boiten).

Earste útfiering fan klassike muzyk is yn 1966: Eddy sjongt mei syn mem op in âlderjûn lieten fan û.o. Buxtehude. Begelieding op 'e piano troch ien fan de leraren: Gerrit Bootsma. Dan folget it oprjochtsjen fan de beatgroep Spot'66. (sang en slachgitaar: Eddy Dykstra, leadgitaar: Cees Slump (letter ferfongen troch Lolke Eijzinga), basgitaar: Henk Ploegstra, drums en sang: Lowell Dykstra. In "bekend "eigen liet wie "Operation 45"

As tenoar sjongt er yn it koar sjonge yn Bach's Mattheüs Passion. De útfiering fynt plak yn in tsjerke oan De Fok op It Hearrenfean. As Eddy 21 jier is, kriget er syn earste pianolessen. Om stúdzjeredenen stap Eddy út de beatgroep Spot'66. Yn 1973 wurdt Eddy tsjerke-oargelist yn Terkaple. Hy siet faak in hiele sneontemiddei te oefenjen op acht ferskes. Dit hat him tige holpen om letter makliker de harmony-lear yn 'e macht te krijen. As solist- sjonger by it R.K-jongerenkoar "The Martin Singers" yn Snits. 1975: Eddy wurdt dirigint fan it mingd koar "Us lyts doarpke" yn Goïngaryp. Under syn lieding as dirigint hat it koar letter in 1e priis helle op in sjong-konkoers yn de AVRO-studio's te Hilfertsom. Utfierd waard "Pater Noster". "The Martin Singers" út Snits nimme in plaat op, wêrop Eddy yn in oantal lieten (û.o.: It's me , oh Lord) de solo-sang op him nimt. Dit is dan syn earste offisjele opname. Yn 1978 ferhuzet er en wurdt as gitarist aktyf yn It Stjittekabaret yn Oerterp. Eddy wurdt dêrnei dirigint fan it mingd koar Halleluja yn Ousterhaule. Foar in lyts skofke wurdt Eddy dirigint fan de gospelgroep Jaldei Tsion op De Gerdyk. Krijt alt-saksofoanles en lid fan De Fanfare yn Oerterp. Oprjochtsjen fan de Kantory yn Oerterp, dêr't Eddy dirigint fan wurdt, bart yn 1983. Yn 1989 is de earste professionele opname mei eigen Ingelsktalige lieten op piano by Telesound Recording yn Ljouwert, û.l.f. Ton Klein. De lieten wurde yn eigen behear opnommen en fêstlein op (kassette)tape. In pear jier letter it oprjochtsjen fan de band: Eddy-en-dy. (sang/toetsen: Eddy Dykstra, solo-gitaar: Lolke Eijzinga (âld - Spot'66) , bas: Lourens Reitsma (letter ferfong troch Ate Sietzema), drums: Eelco Sixma.) Twadde reûny-konsert fan Spot'66 yn it bowlingsintrum It Haske op 'e Jouwer. Dit kear is broer Lowell net oanwêzich. Syn plak wurdt ynnommen troch Eelco Sixma. Ek Cees Slump docht net mei.

Liet

Mei it ynstjoeren fan it eigen piano-nûmer: Myn nûmer ien, komt Eddy yn de finale fan Liet '92. Hy docht mei ûnder de namme ED dee. It sjuery-rapport is tige geunstich en fynt it nûmer in echt Songfestival liet. Hjirmei hat Eddy syn earste stappen setten op it mêd fan de Frysk-talige muzyk Dykstra begeliedt himsels op gitaar en piano. Hy sjongt krêftige songs ûnder oaren oer syn emigraasjeproses. Op syn lêste cd liet er him ûnder oare begeliede troch Jan Ottevanger (bas) en Koos van de Velde (drums).

Diskografy

  • Efkes werom ( mini-cd, 2000)
  • Underweis / An emigrated son ( cd, 1998)
  • Wetter ( cd, 2002)
  • Frysk Hitfestival diel 2 ( cd mei oaren)
  • De Beste fan Omroep Fryslân, diel 3 ( mei oaren, 1998)
  • "Together" (cd 2009, mei beide soannen)
  • "Fryske Grun (ep 2014)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1948195831 desimberDe JouwerFryskIngelskKanada

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AstronomyLiifmoerJade KushZevenhuizen (Westerkertier)HeipealhâldingOmnibus (boek)Italyske talenAmstel (rivier)OarlochBurgumFriezenHTMLAustraalje (lân)WikipediaCharlie ChaplinWurdspulFacebookIngeborg Uyt den BoogaardKatedraal fan Piazza ArmerinaSúdlarenComité flamand de FranceLuna SilverMichiganOentsjerkMozilla FirefoxFeriene Steaten2009OseaanRicki RaxxxNoarwegenNoardseeUnderwiisPornografysk aktrise1945UrkOsmaanske Ryk2001Eigenskipswurd1839SkiednisSimone WestHûnTrio (seksualiteit)KanieldoDownblouseGoudNASABesibskipJewels JadeHurde pornografyMegan SalinasSamoähunningiterPenisMina LuxxMiljuschka WitzenhausenPsychologyÛndersoarteThundermotherWûnseradielEastenrykVanessa SkyCharles Robinson (yllustrator)Westerlauwerske FriezenSeptember ReignGrykskDo-eftigenMårten Eskil WingeTamboraDampkringRamon (pornografysk akteur)Yby PotlatchBang BrosKeninkryk FryslânTruus PostmaHynstekrêft🡆 More