Earehôf De Pein

It Earehof De Pein leit op it âlde tsjerkhôf yn de fan 'e Peinder buorskip Nijtap yn de gemeente Smellingerlân.

Neist de stiennen fan de troch Commonwealth War Graves Commission behearde grêven, steane fjouwer monuminten fan de Fryske útfiering fan in Nederlânsk oarlochsgrêf.

Earehôf De Pein
Tsjerkhôf De Pein mei de CWGC-grêven
Earehôf De Pein
Pales: 'Fallen yn de striid tsjin Unrjocht'

De delhelle bommesmiter

Op 27 july 1942 fleach in Lancaster-bommesmiter, de R 5748 fan it 106e Squadron, op de weromreis fan in flecht nei Hamburch boppe Fryslân. It tastel waard oanfallen troch in Dútske nachtjager fan it Ljouwerter fleanfjild en stoarte tichteby De Rottefalle del, mar noch wol op de himrik fan De Pein. Fjouwer bemanningsleden ferlearen dêr it libben. Trije bemanningsleden waarden beïerdige op it Earehôf De Pein, wylst ien bemanningslid, Willam A.J. Fuller, oant de dei fan hjoed fermist wurdt. Ta syn oantins waard yn 1992 it William A.J. Fuller Memorial by de kristlike basisskoalle op De Rottefalle set.

De grêven fan de trije bemanningsleden op 'e Pein binne fan:

Namme Funksje Underdiel Sq Stoarn Aldens
Joseph Johnn Cooper Boardwurktúchkundige Royal Air Force 106e Sq 27-07-1942 21
Maurice John Dembrey Radio-operator/boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 106e Sq 27-07-1942 26
Francis Harold Robertson Piloat Royal Air Force 106e Sq 27-07-1942 27

Klokkestoel

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

BuorskipDe PeinGrêfNijtapSmellingerlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NeakenfotografySarah YoungSaya SongJuliet E. McKennaHasmoneeërsSimon MarisDKWCéline DionMonumint foar it Swarte Leger (Reims)Seksuele penetraasjeFrankrykRosa Caracciolo731September ReignSkiednis fan de provinsje FryslânSibearyske wezelingChe GuevaraJosy BlackPriya PricePrins EdwardeilannenPornofilmCJ MilesHaadsideMia LinaOsmaanske RykGrutte Priis Formule 1 fan Ruslân 2019PappegaaidowenVienna BlackFerdrach fan MaastrichtNederlânCarl Friedrich GaussSkiednis fan FryslânSoarteMoriah MillsDe Oesdrip19 maaie27 maartList fan planetoïden 58501-58600FryslânKrystal SwiftMos EisleyTom ClancyEkshibisjonismeStedssilhûetAlexa FlexyGrytzOmgong fan Itaalje 1987EjakulaasjeNoelle EastonKaMasturbaasjeFlorespappegaaidoPoerdersrampSwarte mar (mar)BrühlReality KingsIuwskema17 junySneinWillem Cornelis de Groot🡆 More