Dumbo (Nederlânske titel: Dombo) is in Amerikaanske tekenfilm fan Walt Disney.
De film waard útbrocht op 23 oktober 1941 en is de fjirde fan Disney syn klassike animaasjefilms. De film is basearre op it berneboek mei deselde namme fan Helen Aberson en Harold Pearl. De film duorret ûngefear 64 minuten.
De film waard benammen makke om te besykjen de teloarstellende opbringst fan de eardere film, Fantasia, goed te meitsjen. De film waard makke mei in lyts budzjet, en is relatyf koart foar in Disneyfilm. De film waard likegoed sjoen as ien fan Disney syn hichtepunten.
Yn 1942 wûn Dumbo de Academy Award foar bêste muzyk, en waard nominearre foar in Academy Award yn de kategory bêste orizjinele liet.
Yn 1947 wûn de film op it filmfestival fan Cannes in priis foar bêste animaasjefilm.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Dumbo (film út 1941), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.