Dumbarton (Skotsk-Gaelysk: Dùn Bhreatainn) is in stêd (town) yn Skotlân mei sa'n 20.550 ynwenners (2001).
De stêd leit oan de Firth of Clyde, oan de mûning fan de rivier de Leven.
Dumbarton | ||
Polityk | ||
Lân | Skotlân | |
Kiesdistrikt Britsk parlemint | West-Dunbartonshire | |
Lieutenancy area | Dunbartonshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.527 (2001) 19.9901 (rûsd foar 2006) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC-0 | |
Simmertiid | UTC |
Op de fulkanyske basaltrots Dumbarton Rock stiet Dumbarton Castle, dat as âldste boarch fan Skotlân jildt. Dumbarton wie yn de 5e iuw it haadplak fan it ier-midsiuwske Keninkryk Strathclyde en dêrnei haadstêd fan it tradisjonele greefskip Dunbartonshire. Dumbarton is no it haadplak fan it kiesdistrikt West- Dunbartonshire. Fan de 18e iuw oant likernôch 1960 wie de skipsbou ekonomysk wichtich yn Dumbarton.
Dumbarton is it berteplak fan de keunstskilders George Harcourt en William Strang, fan de sjonger en muzikant fan de Talking Heads David Byrne en de Formule 1-koereur Jackie Stewart.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Dumbarton (Skotlân), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.