Douwe Kooistra

Douwe Kooistra (Ljouwert, 29 maaie 1944 - dêre, 27 oktober 2015) wie in Frysk skiedkundige, publisist en meiwurker fan it Frysk Deiblêd.

Wurkpaad

Kooistra studearre skiednis oan de Frije Universiteit yn Amsterdam en waard dêrnei learaar skiednis oan de PABO. Njonken dat wie er ek dosint by kursussen oer de skiednis fan Fryslân. As histoarikus hie er de measte niget oan tsjerkeskiednis (benammen de rgionale) en oan de skiednis fan earmoedbestriding.

Hy skreau artikels oer bygelyks de Ofskieding fan 1834 en oare barrens út de 19e iuwske tsjerkeskiednis, yn ûnder mear It Beaken, makke ek tal fan artikels foar it Frysk Deiblêd en droech by oan ferskate histoaryske bondels.

Kooistra hie de namme fan kritysk ûndersiker dy't altyd fraachtekens sette by algemien dielde opfettings.

Publikaasjes

In kar:

  • Douwe Kooistra en Harm Oldenhof; Fryslâns ferline. Utjouwerij Afûk 2001, Ljouwert 2001, ISBN 90 6273598 3
  • Douwe Kooistra, Frieslands verleden, het geloof van de Germanen, Utjouwerij Bornmeer, 2008.

By Tresoar Kooistra, hjir is in lange list mei publikaasjes fan Kooistra te finen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • In memoriam, Pieter Anko de Vries, Frysk Deiblêd, 30 oktober 2015, s.27

Tags:

1944201527 oktober29 maaieFrysk DeiblêdFryslânLjouwert (stêd)PublisistSkiedkundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Grutte PierKollumFriesCharles BukowskiNikki AndersonSavana GingerHavana GingerJulianna VegaGemme fan Burmania4 novimberNel BenschopMem200011 septimberManedo7 febrewarisSkiermûntseachLuna SilverWesterlauwerske FriezenJapanskMina LuxxEliaMya NicholeDomtsjerke fan ParmaMozilla FirefoxGymnomyza samoensisHawaïOarlochsmisdie9 maaieKeninkryk FryslânSherlock HolmesIrakIngeborg Uyt den BoogaardMediaWikiFideospultsjeSwurdDownloadBistSisca FolkertsmaHoutNoardseeDriuwdongOseaanFranklin D. RooseveltDútskFeanster Feart19771993GeslachtsmienskipYves BaillatKarnivoarUnbreakable (film)MadagaskarSlach om BerlynAubrey KateDampkringPersoanlike kompjûterDetroitSwartnoasklapperiikhoarntsjeDeaKunnilingusNoard-AmearikaHûntsjeshâldingTruus PostmaGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001Clara TrinityJezus (tradisjoneel-kristlik)Skamte (anatomy)Papoea Nij-GuineäAustraalje (lân)🡆 More