Rivier Yn Ruslân Don

De Don (Russysk: Дон) is in 1.870 kilometer lange rivier yn it suden fan Europeesk Ruslân.

De streamkrite beslacht 443.000 km². De langste sydrivieren binne de Severski Donets fan 1.053 km en de Chopor mei in lingte fan 979 km.

Rivier Yn Ruslân Don
Streamkrite fan de Don
Rivier Yn Ruslân Don
De Don yn de oblast Voronezj

De Don ûntspringt yn de oblast Tûla besuden Moskou. De rivier rint nei it suden en beskriuwt yn syn ûnderrin in wide eastlike bôge. Op dat plak de Don ticht by de Wolga, dêr't sy sûnt 1952 troch it Wolga-Donkanaal mei ferbûn is. Itselde jier waard de justjes súdliker Opslachmar Tsimljansk oanlein.

It lêste stik rivier rint yn súdwestlike rjochting. By de útmûning yn de Golf fan Taganrog (See fan Azov, Swarte See) leit in delta mei trije earms dy't befarber binne. Oan it begjin fan de delta leit de stêd Rostov oan de Don (Rostov na Donoe), teffens fierwei it grutste plak oan de Don.

De Don hat har namme jûn oan de Don-Kozakken, in grut en ferneamd kozakkefolk, dat har yn de 16e en 17e iuw oan de iggen fan de rivier festige.

Yn de âldheid hjitte de Don Tanais. De rivier waard destiids as de eastgrins fan Europa beskôge; no is dat it Oeralberchtme.

Tags:

RuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ontario13 augustusJohnny CashKartagoToplessNoardfryskAulacomysKaribyske lamantynPornofilmJelle Hendriks BrouwerDeputearre SteatenPerzyskMinsklik lichemPornhubTheunis Piersma (biolooch)Ghost Story (roman fan Jim Butcher)FloaridaRembrandt van RijnSaya SongShalina DevineKoördinearre WrâldtiidAngelica MiraiNia NacciMeet Me in St. Louis (film út 1944)Grut-BrittanjeFinzenisstrafAna FoxxxWalt DisneyOomramMia LiHabtamu de HoopKeninkryk fan de NederlannenList fan Ingelsktalige skriuwersSêfte pornografyBlanche BradburryHarmen SytstraList fan planetoïden 89001-90000Nicole Bexley14 maartFroulike ejakulaasjeRoemeenjeNobelpriisFrouKartaachske RykAuteursrjochtBarbarijsk grûniikhoarntsjeOerdûMysenePinguïnsProto-Yndo-JeropeeskCriss StrokesList fan Fryske jongesnammenPappegaaidowenHTMLAmerikaanske gerslânwrotmûzenTarzan (film út 1999)PornografyHongaarskEkwatoriaal-GuineeRadioOktoberrevolúsjeCowgirlhâldingGNU/FDLMazar-e-SharifJada StevensAldfryskAntonie Frederik ZürcherWopke HoekstraDaisy SummersHeipealhâlding28 maart🡆 More