Hendrikus Magdalenus (Dick) Bruna (Utert, 23 augustus 1927 – dêre, 16 febrewaris 2017) wie in Nederlânsk grafysk ûntwerper, tekener en skriuwer fan berneboeken.
Hy waard wrâldferneamd mei syn berneboeken oer Nijntje; Bruna hat mei-inoar 124 boekjes oer de knyn makke. Ek is er bekend fan de omslaggen fan de pocketboekrige Zwarte beertjes, dêr’t ûnder oaren it wurk fan ‘e Fryske detectiveskriuwer Havank yn útjûn is
Dick Bruna | ||
keunstner | ||
Dick Bruna yn syn atelier (foto Dolph Kohnstamm) (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrikus Magdalenus Bruna | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 augustus 1927 | |
berteplak | Utert | |
stoarn | 16 febrewaris 2017 | |
stjerplak | Utert | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Tekener, skriuwer, grafysk ûntwerper | |
bekendste wurk(en) | Nijntje-rige | |
offisjele webside | ||
Webstee fan Dick Bruna en nijntje |
Bruna syn wurkstyl waard ynearsten beynfloede troch ûntwerpers en keunstskilders út de Nederlânske skoalle de Styl lykas Bart van der Leck, Piet Mondriaan, Gerrit Rietveld en troch de Frânske skilders Fernand Léger en Henri Matisse.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dick Bruna fan Wiki Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Dick Bruna, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.