Diana Rigg

Dame Diana Rigg (folút: Enid Diana Elizabeth Rigg; Doncaster, 20 july 1938 – Londen, 10 septimber 2020) wie in foaroansteand Ingelsk tillefyzje-, toaniel- en filmaktrise.

Hja waard bûten har heitelân benammen bekend mei har rol as Emma Peel yn 'e detektivesearje The Avengers (dy't yn Nederlân útstjoerd waard ûnder de titel De Wrekers) en mei har rol as grevinne Teresa di Vicenzo yn 'e James Bond-film On Her Majesty's Secret Service. Op jierren skittere Rigg inkele jierren foar har ferstjerren nochris as Olenna Tyrell yn 'e fantasysearje Game of Thrones.

Diana Rigg
Diana Rigg akteur
Diana Rigg yn 1973.
Diana Rigg yn 1973.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Enid Diana Elizabeth Rigg
nasjonaliteit Diana Rigg Britsk
berne 20 july 1938
berteplak Doncaster (Ingelân)
stoarn 10 septimber 2020
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Diana Rigg Ingelsk
jierren aktyf 19572020
prizen Tony Award 1994
Emmy Award 1997
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Rigg waard yn 1938 berne yn Doncaster (no yn Súd-Yorkshire), as de dochter fan Louis Rigg (1903-1968), dy't liedingjaande funksje by de spoarwegen hie, en dy syn frou Beryl Hilda Helliwell (1908-1981). Fan twa moanne oant acht jier âld wenne Rigg yn Bikaner, yn wat no de Yndiaaske steat Radjastan is, yn wat doe de koloanje Britsk-Ynje wie. Har heit wurke dêr by de Bikaner State Railway. Yn dy tiid learde Rigg Hindy oan as twadde taal.

Yn 1946 waard se weromstjoerd nei Ingelân, dêr't se op in kostskoalle foar famkes by Pudsey yn Yorkshire kaam. Rigg fertelde letter dat se in grouwéligen hekel oan har tiid op 'e kostskoalle hie, mar se wie fan miening dat Yorkshire in gruttere ynfloed op 'e foarming fan har identiteit hân hie as Britsk-Ynje. Fan 1955 oant 1957 folge se in oplieding yn aktearjen oan 'e Keninklike Akademy foar de Dramatyske Keunsten yn Londen, dêr't se yn deselde klasse siet as Glenda Jackson en Siân Phillips.

Aktearkarriêre

Rigg begûn har karriêre as aktrise mei in rol yn in opfiering fan The Caucasian Chalk Circle op it Festival fan York yn 1957. Fan 1959 oant 1967 spile se mei de Royal Shakespeare Company. Se briek yn 1965 troch mei har rol as Emma Peel yn 'e Britske detektivesearje The Avengers (yn Nederlân útstjoerd as De Wrekers), wêryn't se de tsjinspylster wie fan Patrick Macnee yn syn rol as John Steed. De rol fan Emma Peel soe oarspronklik spile wurde troch Elizabeth Shepherd, dy't lykwols al nei twa ôfleverings ûntslach krige. It wie foar Rigg hiel koart dei om har op te folgjen, mar it slagge har wûnderwol. Se groeide op slach út ta in sekssymboal (eat dat har skokte). Rigg spile de rol fan Peel oant 1968 yn 51 ôfleverings fan The Avengers. It wie net har favorite tiid; doe't se foar it twadde seizoen easke dat se itselde betelle krije soe as Macnee, waard se troch de media ôfskildere as in ynklauwerige hierlinge. Macnee sei letter yn fraachpetear dat se him ris ferteld hie dat hy en har sjauffeur de iennichsten op 'e set fan The Avengers wiene mei wa't se in freonskiplike omgong hie.

Op it wite doek makke Rigg har debút yn 1968 as Helena yn in filmadaptaasje fan Shakespeare syn toanielstik A Midsummer Night's Dream. Yn 1969 hie se in oare tige bekende rol as de Korsikaanske grevinne Teresa di Vincenzo, dy't mei de Britske geheim agint James Bond trout yn 'e James Bond-film On Her Majesty's Secret Service. Har tsjinspiler yn dy film wie de Australyske akteur George Lazenby. Guon oare films dêr't Rigg yn spile, wiene Julius Caesar (1970), Theatre of Blood (1973), A Little Night Music (1977), Agatha Christie har Evil under the Sun (1982), Snow White (1987, as de boaze styfmem), A Good Man in Africa (1994), Heidi (2005, as de beppe fan Heidi), en Breathe (2017).

Op 'e tillefyzje spile Rigg yn 1973 en 1974 de haadrol yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje Diana, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. Se wie ek te sjen yn tillefyzjefilms en minysearjes dy't adaptaasjes wiene fan bekende toanielstikken, lykas Oresteia (1979), Hedda Gabler (1981), Little Eyolf (1982) en King Lear (1983). Ek spile se yn tillefyzjefilms as In This House of Brede (1975), A Hazard of Hearts (1987) en Mrs. ’Arris Goes to Paris (1992), in ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Paul Gallico. Foar har rol as frou Danvers yn 'e minysearje Rebecca wûn se yn 1997 in Emmy Award. Se waard yn 2001 nochris foar deselde priis nominearre foar har rol as baronesse Louise Lehzen yn 'e minysearje Victoria & Albert, oer de jonge jierren fan keninginne Fiktoaria.

Diana Rigg 
Diana Rigg mei George Lazenby (dy't de rol fan James Bond fertolke) yn Switserlân op 'e set fan 'e film On Her Majesty's Secret Service (1969).

Op jierren spile Rigg fan 2013 oant 2017 de rol fan Olenna Tyrell yn achttjin ôfleverings fan 'e tige populêre fantasytillefyzjesearje Game of Thrones. Foar dy rol waard hja yn 2013, 2014, 2015 en 2018 nominearre foar in Emmy Award en yn 2013 en 2014 ek foar in Critics' Choice Award. Yn deselde snuorje hie Rigg yn 2013 ek in gastrol yn in ôflevering fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Doctor Who, spile se yn 2017 Charlotte Montagu Douglas Scott, hartoginne fan Buccleuch yn njoggen ôfleverings fan 'e populêre biografyske minysearje Victoria, en wie se te sjen as harsels yn 'e komyske tillefyzjespecial foar de kryst A Christmas Carol Goes Wrong (2017).

Njonken har karriêre as film- en tillefyzje-aktrise hold Rigg ek har hiele libben oan mei it spyljen fan toanielrollen. Dêrby waard se trijeris nominearre foar in Tony Award: foar har rol yn Abelard and Heloïse yn 1971, foar har rol yn The Misanthrope (1975), en foar har rol yn My Fair Lady (2018). Se wûn de Tony ien kear, yn 1992 foar har rol yn Medéa fan Euripides. Oare toanielstikken dêr't Rigg yn spile, wiene û.m. King Lear, Macbeth, Twelfth Night en Anthony and Cleopatra fan Shakespeare, Pygmalion fan George Bernard Shaw, Who's Afraid of Virginia Woolf fan Edward Albee en The Cherry Orchard fan Anton Tsjechov. Rigg har lêste rol hie se yn 'e film Last Night in Soho, dy't yn 2021 postúm útkaam.

Priveelibben

Yn 'e 1960-er jierren wenne Rigg acht jier lang gear mei regisseur Philip Saville, wat ta kontroverse yn 'e media late om't Saville in stik âlder en boppedat al troud wie. Letter wie se fan 1973 oant har skieding yn 1976 troud mei de Israelyske keunstskilder Menachem Gueffen. Yn 1982 wertroude se mei Archibald Stirling, in toanielprodusint en âld-militêr, mei wa't se yn 1977, fiif jier foar de trouwerij, in dochter krige, de aktrise Rachael Stirling. Yn 1990 liet Rigg har fan Stirling skiede nei't dy in affêre hân hie mei de aktrise Joely Richardson.

Rigg wie fan 1998 oant 2008 kânselier fan 'e Universiteit fan Stirling, yn Skotlân, wat in seremoniële rol is en net in bestjoerlikenien. Se waard yn 1988 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE). Yn 1994 krige se it predikaat dame (de froulike foarm fan sir) foar har namme. Rigg begûn mei achttjin jier te smoken en pafte der yn 2009, doe't se 71 wie, op ien dei noch altyd 20 sigaretten trochhinne. Tsjin desimber 2017 wie se dêrmei opholden, nei't har smoken inkele moannen earder in hertoperaasje nedich makke hie. In foech healjier earder wie se beppe wurden, doe't har dochter Rachael en Guy Garvey, de sjonger fan 'e band Elbow, in lytsen krigen.

Ferstjerren

Diana Rigg ferstoar thús yn Londen op 10 septimber 2020 yn 'e âlderdom fan 82 jier. Neffens har dochter Rachael wie de deadsoarsaak kanker, in krupsje dy't yn maart 2020 by har mem fêststeld wie.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1959 A Midsummer Night's Dream figurant tillefyzjefilm
1961 Ondine figurant útstjoerd toanielstik
1963 The Sentimental Agent Francy Wilde gastrol; ôfl. A Very Desirable Plot
1964 Festival Adriana gastrol; ôfl. The Comedy of Errors
1964 Armchair Theatre Anita Fender gastrol; ôfl. The Hothouse
1965 ITV Play of the Week Bianca gastrol; ôfl. Women Beware Women
1965–1968 The Avengers Emma Peel fêste rol; 51 ôfl.
2 × nom. foar in Emmy Award foar bêste aktrise yn in dramasearje
1970 ITV Saturday Night Theatre Liz Jardine gastrol; ôfl. Married Alive
1973 The Diana Rigg Show Diana Smythe net útstjoerde pilotôflevering
1973–1974 Diana Diana Smythe fêste rol; 15 ôfl.
1974 Affairs of the Heart Grace Gracedew gastrol; ôfl. Grace
1975 In This House of Brede Philippa tillefyzjefilm
nom. foar in Emmy Award foar bêste aktrise yn in spesjaal programma (drama of komeedzje)
1975 The Morecambe & Wise Show Nell Gwynne sketch yn in krystshow
1977 Three Piece Suite ferskaat weromkearende rol; 6 ôfl.
1979 Oresteia Klytemnêstra minysearje
1980 The Marquise Eloise tillefyzjefilm
1981 Hedda Gabler Hedda Gabler tillefyzjefilm
1982 Play of the Month Rita Allmers gastrol; ôfl. Little Eyolf
1982 Witness for the Prosecution Christine Vole tillefyzjefilm
1983 King Lear Regan tillefyzjefilm
1985 Bleak House lady Honoria Dedlock minysearje
1986 The Worst Witch Constance Hardbroom tillefyzjefilm
1987 A Hazard of Hearts lady Harriet Vulcan tillefyzjefilm
1989 The Play on One Lydia gastrol; ôfl. Unexplained Laughter
1989 Mother Love Helena Vesey minysearje
BAFTA TV Award foar bêste aktrise
1992 Mrs. 'Arris Goes to Paris madame Colbert tillefyzjefilm
1993 Road to Avonlea lady Blackwell gastrol; ôfl. The Disappearance
1993 Running Delilah Judith tillefyzjefilm
1993 Screen Two baronesse Frieda von Stangel gastrol; ôfl. Genghis Cohn
1995 Zoya Evgenia tillefyzjefilm
1995 The Haunting of Helen Walker frou Grose tillefyzjefilm
1996 The Fortunes and Misfortunes of Moll Flanders frou Golightly tillefyzjefilm
1996 Samson and Delilah Mara tillefyzjefilm
1997 Rebecca frou Danvers minysearje;
Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
1998 The American madame De Bellegarde tillefyzjefilm
1998–2000 The Mrs Bradley Mysteries Adela Bradley fêste rol; 5 ôfl.
2000 In the Beginning de folwoeksen aartsmem Rebekka tillefyzjefilm
2001 Victoria & Albert baronesse Louise Lehzen minysearje;
nom. foar in Emmy Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm
2003 Murder in Mind Jill Craig gastrol; ôfl. Suicide
2003 Charles II: The Power and the Passion keninginne Hinriëtte Marije minysearje
2006 Extras harsels gastrol; ôfl. Daniel Radcliffe
2013–2017 Game of Thrones Olenna Tyrell weromkearende rol; 18 ôfl.;
4 × nom. foar in Emmy Award foar bêste gastaktrise yn in dramasearje
2 × nom. foar in Critics' Choice Television Award foar bêste gastoptreden yn in dramasearje
2013 Doctor Who Winifred Gillyflower gastrol; ôfl. The Crimson Horror
2015 Penn Zero: Part-Time Hero boargemaster Pink Panda as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
2015 You, Me and the Apocalypse Sutton weromkearende rol; 5 ôfl.
2015 Professor Branestawm Returns lady Pagwell tillefyzjefilm
2017 Detectorists Veronica weromkearende rol; 6 ôfl.
2017 Victoria Charlotte Montagu Douglas Scott, hartoginne fan Buccleugh weromkearende rol; 9 ôfl.
2017 A Christmas Carol Goes Wrong harsels / fertelster tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst
2019 The Snail and the Whale fertelster koarte tekenfilm
2020 All Creatures Great and Small frou Pumphrey gastrol; 2 ôfl.
2020 Black Narcissus mem Dorothea postúm útstjoerd
films
1968 A Midsummer Night's Dream Helena
1969 Mini-Killers ? koarte film
1969 The Assassination Bureau Sonya Winter
1969 On Her Majesty's Secret Service grevinne Teresa "Tracy" di Vincenzo
1970 Julius Caesar Portia
1971 The Hospital Barbara Drummond nom. foar in Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise yn in spylfilm
1973 Theatre of Blood Edwina Lionheart
1977 A Little Night Music grevinne Charlotte Mittelheim
1981 The Great Muppet Caper lady Holiday
1982 Evil Under the Sun Arlena Marshall
1987 Snow White de boaze styfmem
1994 A Good Man in Africa Chloe Fanshawe
1999 Parting Shots Lisa
2005 Heidi beppe fan Heidi
2006 The Painted Veil mem-oerste
2015 The Honourable Rebel fertelster
2017 Breathe lady Neville
2021 Last Night in Soho frou Collins postúm útbrocht

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Diana Rigg Libben en karriêreDiana Rigg FilmografyDiana Rigg Keppelings om utensDiana Rigg10 septimber193820 july2020AktriseDame (predikaat)DetektivesearjeFantasysearjeFerstjerrenFilmGame of Thrones (tillefyzjesearje)GrevinneIngelânJames Bond (filmsearje)LondenNederlânOn Her Majesty's Secret Service (film)RolTillefyzjeTitel (namme)Toaniel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KneppelfreedEve MadisonDôve Broeier1200Missy ElliottNew York (stêd)Persia MonirEtiopysk-Otterdokse TsjerkeOrgasme2001TrochgongDionysusFrancesca PetitjeanMarkus Tullius SiseroBart KingmaFormule 1 yn 2018IngoesjetiëKeizerlike Japanske MarineKommunistysk ManifestKubaList fan lannen en territoariaOlympyske Simmerspullen 1956WikiLeaksStasjon LoppersumTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)2015Mona LisaTransport2020Nikola TeslaSprinkhoannesjongersNuete BrânnettelRomeinenWetterstofIrakAtoomNoardwestgermaanske talenNeakenfotografy1945Sûger (plant)Untsliepeniskatedraal (Vladimir)GeslachtsmienskipFriezenLev TolstojTechnology24 maartLuna SilverAldfryskMaarten de JongNâleSwierwêzenSebastopolProvinsjes en territoaria fan KanadaScilly-eilannenFrankrykKunnilingusEchte fazantfûgelsArwen GoldList fan planetoïden 43001-44000Julie SkyhighElektronCharles III fan it Feriene KeninkrykPornhubSpoar fan Grins nei de EemshavenGNU/FDLFrysktalige WikipedyDûsjanbeStasjon Sauwerd🡆 More