Despicable Me 2

Despicable Me 2, yn Nederlân yn Nederlânsk neisyngronisearre foarm útbrocht as Verschrikkelijke Ikke 2, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2013 yn 'e foarm fan in komeedzje foar bern en folwoeksenen.

De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Kristen Wiig. De film is it twadde diel fan 'e Despicable Me-filmsearje, en folget as sadanich op Despicable Me, út 2010. It ferhaal folget de eardere supersmjunt Gru, dy't, om't er no heit is, syn libben bettere hat. As der in laboratoarium stellen wurdt dêr't gefaarlike stoffen ûntwikkele binne, wurdt er troch de Anty-Smjunteliga as ekspêr op it mêd fan smjunten by it ûndersyk belutsen. Despicable Me 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar twa Oscars, in Golden Globe en ferskate oare wichtige prizen. In trêde diel út deselde rige, Despicable Me 3, ferskynde yn 2017.

Despicable Me
Despicable Me 2 film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Despicable Me 2
makkers
regisseur Pierre Coffin
Chris Renaud
produsint Chris Meledandri
Janet Healy
senario Cinco Paul
Ken Daurio
muzyk Heitor Pereira
Pharrell Williams
filmstudio Illumination
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Steve Carell
Kristen Wiig
byrollen Benjamin Bratt
Miranda Cosgrove
Dana Gaier
Elsie Fisher
Russell Brand
skaaimerken
lân/lannen Despicable Me 2 Feriene Steaten
premiêre 5 juny 2013
foarm lange tekenfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $76 miljoen
opbringst $970,8 miljoen
prizen 1 × Annie Award
filmsearje
filmsearje Despicable Me
● foarich diel Despicable Me
● folgjend diel Despicable Me 3

Plot

Troch it gebrûk fan in ûnbidich grutte magneet stelt in mysterieuze fleanmasine in geheim Russysk laboratoarium út it Noardpoalgebiet. Net folle letter wurdt Gru, de âld-supersmjunt dy't troch de adopsje fan 'e trije weesfamkes Margo, Edith en Agnes heit wurden is, opsocht troch Lucy Wilde, in spesjaal aginte fan 'e Anty-Smjunteliga. Hja freget him om mei te gean nei it haadkertier fan dy organisaasje, en as Gru dêr gjin boadskip oan hat, oermasteret se him mei in stroomstjitwapen yn har lippestift, wêrnei't se him ûntfiert. It haadkertier fan 'e Anty-Smjunteliga blykt in dûkboat te wêzen, dêr't Gru yn 'e kunde komt mei de direkteur fan 'e organisaasje, in Silas Ramsbottom. Dyselde freget him om help by it oplossen fan 'e dieverij fan it laboratoarium, mei't Gru, as eks-smjunt, perfoarst oer kennis beskikt dy't weardefol wêze sil foar it ûndersyk. It is fan it heechste belang dat de ferantwurdlike fûn wurdt, mei't yn it laboratoarium in tige krêftige mutagene stof ûntwikkele waard, PX-41, dy't by ynjeksje elts libben wêzen feroaret yn in bloedtoarstich meunster. Gru fertelt Ramsbottom lykwols dat er no produsint fan jams en sjeleien is, en dat er him net helpe kin.

De produksje fan 'e jams en sjeleien giet lykwols stroef, mei't Gru syn langjierrige assistint, dr. Nefario, mar gjin resept betinke kin dat goed smakket. De âldman langet nei in weromkear nei in krimineel bestean, en as er in oanbieding fan in nije baan kriget, nimt er by Gru ûntslach. Dat komt Gru rou op it dak. Om't er ynsjocht dat it neat wurde sil mei de jams en sjeleien oant er in nije assistint fynt, beslút er yn 'e tuskentiid dochs mar it oanbod fan 'e Anty-Smjunteliga oan te nimmen. Mei Lucy Wilde as syn assistinte wurdt er as ûnderdiel fan in undercoveroperaasje yn it pleatslike winkelsintrum stasjonearre, dêr't er him foardwaan moat as de nije útbater fan in banketbakkerij.

De Anty-Smjunteliga hat útsocht dat it winkelsintrum de basis is fan 'e laboratoariumdief, mar se kinne der mar net efter komme wa fan 'e winkellju hy is. Gru fertinkt fuortendaliks Eduardo Pérez, de eigner fan it Meksikaanske restaurant Salsa y Salsa, dy't er werom mient te kennen út syn ferline as smjunt. Pérez liket nammentlik as twa drippen wetter op 'e supersmjunt El Macho, dy't tweintich jier lyn oan syn ein kommen wêze soe doe't er mei 175 kg springstof om 'e lea bûn op 'e rêch fan in wite haai in aktive fulkaan yn sprong. Dêrom kringe Gru en Lucy by nacht it restaurant yn, dêr't se it oan 'e stôk krije mei Pérez syn agressive hiemhin. Se ûntdekke en ûntslute de brânkast, mar fine dêryn gjin bewiis foar't se halje-trawalje útnaaie moatte as Pérez ûnferwachts it restaurant binnen komt.

Underwilens binne Margo, Edith en Agnes, dy't behalven in heit sa stomme graach ek in mem hawwe wolle, derfan oertsjûge dat Gru fereale rekket op Lucy, wat er sels yn alle toanaarden ûntstriidt. Tagelyk begjinne, sûnder dat immen it troch hat, de trewantsjes (minions) fan Gru te ferdwinen, earst ien foar ien, mar dan yn hieltyd gruttere kloften.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hoewol't Gru erchtinkend bliuwt foar Pérez oer, stimt er deryn ta om oare fertochten nei te rinnen. Dêrûnder is ek prukeferkeaper Floyd Eaglesan, yn waans saak Gru en Lucy spoaren fan PX-41 ûntdekke. As Antonio, de soan fan Pérez, lykwols blyk jout fan romantyske belangstelling foar Gru syn âldste dochter Margo, timmeret Gru der yn in petear mei Ramsbottom op dat Pérez de dieder wêze moat, ek al hat er dêr gjin inkeld bewiis foar. Ramsbottom beseft dat Gru syn oardielkundigens fier fan optimaal is om't er troch syn beskermjende hâlding foar syn dochter oer net mear objektyf nei de saak sjen kin. Dy jûns beävensearret Gru syn bemuoisuchtige buorfrou Jillian in blind date fan Gru mei har leechhollige freondinne Shannon. Gru nimt har mei tsjinnichheid mei út te iten yn in restaurant, mar it ôfspraakje rint út op in katastôfe. As Lucy him helpt om oan Shannon te ûntkommen, begjinne hy en Lucy in bân te foarmjen.

De oare moarns wurdt Floyd Eaglesan troch de Anty-Smjunteliga oppakt nei't der in frijwol lege pot PX-41 yn syn winkel oantroffen is. De prukeferkeaper hâldt by heech en by leech fol dat er ûnskuldich is en dat er deryn luze is, mar nimmen dy't nei him harket. Ramsbottom fertelt Gru mei selsfoldienens en minachting dat de saak oplost is en dat er no wol wer werom gean kin nei syn jams en sjeleien, mei't de Anty-Smjunteliga fierder gjin ferlet hat fan syn 'tsjinsten'. Lucy wurdt oerpleatst nei Austraalje. Gru, dy't himsels krekt in moaie takomst mei Lucy begûn foar te stellen, rekket slim slim yn 'e put.

Dy jûns organisearret Pérez in Cinco de Mayo-feest by him thús, dêr't er Gru ek foar útnûge hat om Antonio en Margo in steltsje binne. Gru ferkeart net yn 'e stimming om op-en-út, mar moat mei as Margo en har suskes derhinne wolle. As Pérez healwei de jûn it feest ferlit, folget de noch altyd erchtinkende Gru him nei in geheime ûndergrûnske basis ûnder de wente, dêr't er de reuseftige magneet oantreft, sadat er wit dat syn fermoedens wier binne. As Pérez him dêr trappearret, befêstiget dy dat er yndie El Macho is en dat er tweintich jier lyn syn eigen dea yn sêne set hat. No is er ree om boasaardiger as ea tefoaren werom te kearen, en dêrom hat er in plan betocht om 'e wrâld te oerhearskjen. It docht bliken dat dr. Nefario troch El Macho ynhierd is om mei it PX-41-searum de ûntfierde trewantsjes om te foarmjen ta ûnkwetsbere, bloedtoarstige lytse meunsters, dy't alles en eltsenien ferniele en/of fersline dat op harren paad komt. El Macho biedt Gru oan om mei te dwaan oan it plan, mar Gru hâldt de boat ôf en giet mei syn dochters op hûs oan. Mei't er erchtinkend is oer Gru syn bedoelings, stjoerd El Macho ien fan 'e ta meunster makke trewantsjes efter him oan.

Underwilens komt Lucy, wylst se al yn it fleantúch nei Austraalje sit, ta de konklúzje dat se fereale rekke is op Gru. Se springt út it fleantúch en fljocht mei in yn har hântaske ynboude hanglider nei de wente fan Pérez, dêr't se arrivearret krekt nei't Gru mei de famkes ôfset is. Sadwaande rint se sûnder euvelmoed yn 'e fâle en wurdt finzen nommen troch El Macho. Dyselde ûntdekt har identiteitsbewiis as aginte fan 'e Anty-Smjunteliga en riddenearret út dat Gru ek foar dy organisaasje wurkje moat. Hy fielt him ferret en beslút wraak te nimmen. Gru ûntfangt thús in warskôging fan dr. Nefario oer wat der bard is. As er heart dat El Macho Lucy finzen hâldt, set er fuortendaliks ôf mei twa fan syn eigen trewantsjes om har te rêden. Hy smaart de giele wêzentsjes yn mei pearse kleurstof, wêrnei't se trijeresom de basis fan El Macho ynfiltrearje troch te bearen dat de beide trewantsjes al PX-41 ynspuite krigen hawwe en him finzen nommen hawwe. Ienris binnen lit de kleurstof by ien fan 'e trewantsjes ôf, sadat se ûntdutsen wurde. Efterfolge troch in leger fan boasaardige trewantsjemeunsters flechtsje se nei it heechste punt fan it hûs: in flaggestôk op ien fan 'e tuorkes op it dak.

By Gru thús arrivearret it trewantsjemeunster dat El Macho efter Gru oanstjoerd hie. It efterfolget Margo, Edith en Agnes nei Gru syn ûndergrûnske basis, mar as it harren dêr oanfalle sil, wurde de famkes rêden troch dr. Nefario, dy't ta ynkear kommen is om't er Gru-en-dy as famylje beskôget. Hy hat in tsjingif foar PX-41 ûntwikkele dat de trewantsjes op slach wer weromferoaret yn harren âlde sels. Dat mingt er troch de grutte foarried ûnytbere (want walchlik smeitsjende) jam hinne, wêrnei't er mei de oerbleaune trewantsjes fan Gru en de trije famkes yn Gru syn fleanmasine nei de basis fan El Macho fljocht. Dêr arrivearje se krekt op 'e tiid om Gru-en-dy te rêden fan 'e trewantsjemeunsters. Mei paintballgewearen feroarje dr. Nefario, de famkes en Gru alle trewantsjemeunsters werom yn har natuerlik steat.

El Macho ynjektearret himsels mei PX-41 en feroaret yn in meunster, krekt op it stuit dat Gru syn paintballgewear alle antygifjam fersketten hat. Troch Lucy har lippestift mei stroomstjitwapen te brûken, dy't se him as ôfskiedskado jûn hie foar't se op it fleantúch nei Austraalje stapte, wit Gru syn fijân lykwols te oerwinnen. Lucy is troch El Macho oan in mei springstof en in wite haai behongen raket fêstbûn en kin mei in ôfstânsbetsjinning ôfsketten wurde op in fulkaan. Gru besiket har los te krijen as de wraaksuchtige hin fan El Macho op 'e lansearknop op 'e ôfstânsbetsjinning pikt. Wylst se troch de loft fleane ûnderweis nei in wisse dea skrabet Gru al syn moed byinoar en freget Lucy mei út. Se antwurdet ja, wêrnei't er alle touwen dêr't se mei fêstsit, gau losmakket, sadat se yn see springe kinne foar't de springstofraket yn 'e fulkaan ferdwynt. 147 ôfspraakjes letter fynt de trouwerij fan Gru en Lucy plak, sadat Margo, Edith en Agnes einlings in mem krije.

Yn ferskate sênes dy't tusken de ôftiteling troch te sjen binne, dogge trije trewantsjes audysje foar in rol yn in nije film, de Trewantsjefilm.

Rolferdieling

Despicable Me 2 
Steve Carell.
Despicable Me 2 
Kristen Wiig.
    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Gru Steve Carell Jon van Eerd
Lucy Wilde Kristen Wiig Kim van Kooten


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Eduardo Pérez / El Macho Benjamin Bratt Frank Lammers
Margo Miranda Cosgrove Pip Pellens
Edith Dana Gaier Mika Pierik
Agnes Elsie Fisher Elaine Hakkaart
dr. Nefario Russell Brand Javier Guzman
Silas Ramsbottom Steve Coogan Beau van Erven Dorens
Floyd Eaglesan Ken Jeong ?
Antonio Pérez Moisés Arias Tony Neef
Jillian Nasim Pedrad Britt Dekker
Shannon Kirsten Schaal Ymke Wieringa
Kevin Pierre Coffin ?
Stuart Pierre Coffin ?
Bob Pierre Coffin ?
oare trewantsjes Pierre Coffin ?
oare trewantsjes Chris Renaud ?
stewardess Vanessa Bayer ?
befeiligingslju laboratoarium Noardpoal Nickolai Stoilov ?

Produksje en distribúsje

Produksje

Despicable Me 2 waard, krekt as it earste diel út deselde searje, regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud nei in senario fan Cinco Paul en Ken Daurio. As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar Meledandri syn filmstudio Illumination. Foar de film wie in budget beskikber fan $76 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira en Pharrell Williams.

Stimakteurs Steve Carell, Miranda Cosgrove, Dana Gaier, Elsie Fisher en Russell Brand kearden werom yn harren âlde rollen út 'e earste film. Kristen Wiig kearde ek werom, mar yn no yn 'e froulike haadrol (yn 'e earste film hie se in lyts byroltsje ynsprutsen). Foar de antagonist, Eduardo Pérez alias El Macho, wisten de filmmakkers Al Pacino te strikken, mar nei't dy al syn dialooch al ynsprutsen hie, ûntstie der in heech oprinnend skeel oer de fisuele foarmjouwing fan El Macho, wêrnei't Pacino mei rûzje de produksje ferliet. Syn rol waard dêrnei op 'e nij ynsprutsen troch Benjamin Bratt.

Distribúsje

De distribúsje fan Despicable Me 2 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 5 juny 2013 yn Sydney, yn Austraalje, yn premiêre. In Amerikaanske nasjonale premiêre folge op 22 juny yn Los Angeles, wêrnei't de film op 3 july yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 juny by platemaatskippij Back Lot Music. Despicable Me 2 kaam op 26 novimber 2013 beskikber as digitale download en waard op 10 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Despicable Me 2 oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy priizge benammen it stimaktearjen fan Steve Carell en de komyske timing fan Kristen Wiig. Yn The Seattle Times parte Soren Anderson de film ek 21/2 fan 4 stjerren ta en skreau: "It is grappich. It is fleurich. It is sa kleurryk as in lolly. Better noch, der sit in oerfloed oan ûndogenskens fan 'e trewantsjes yn, wat laitsjen by 't folop garandearret. Mar wat [de film] net hat, is piid."

Yn The New York Times wie Stephen Holden it dêrmei iens. Hy joech Despicable Me 2 net mear as 21/2 fan 5 stjerren en skreau: "[De film] is konsekwint fermaaklik en sa skattich datst him aaie wolst. Hy is lykwols ek gewichtleas en mist in kearn." Claudia Puig fan USA Today joech de film 2 fan 4 stjerren. Hja murk op: "Mei't syn foargonger wrâldwiid mar leafst $540 miljoen yn 't laadsje brocht hat, is it gjin wûnder dat Universal wol in ferfolch bestelle woe. Mar it kin der net mei ta om inkeld legioenen trewantsjes opmarsjearje te litten en dêromhinne in plot yninoar te flânzjen. It publyk fertsjinnet mear fantasij en fernimstigens as dit bleke recyclingprodukt." Yn Entertainment Weekly wie Owen Gleiberman noch justjes skerper en spriek fan it "ferrie fan 'e tawijing dy't de earste film hie foar de grapmakkerij om smjunten hinne."

Despicable Me 2 
Stimakteurs Steve Carell en Miranda Cosgrove by de premiêre fan Despicable Me 2 yn Austraalje.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Despicable Me 2 in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 186 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret mear as genôch fisuele fernimstigens dêr't men jin de eagen fan útsjocht, en in stikmannich hilaryske mominten dêropta." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Despicable Me 2 in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 39 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

Despicable Me 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $368,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $602,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $970,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $76 miljoen betsjut dat in winst fan $894,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Despicable Me 2 de op twa nei meast opbringende film fan 2013, nei Frozen en Iron Man 3. It blêd Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $394,5 miljoen. It budget yn acht nommen makket dat Despicable Me 2 ta de lukratyfste film út 'e skiednis fan filmstudio Unversal Pictures.

Prizen

Despicable Me 2 waard yn 2014 nominearre foar twa Oscars, yn 'e kategoryen bêste lange animaasjefilm en bêste orizjinele liet (Happy fan Pharrell Williams). De film waard ek nominearre foar de Golden Globe foar bêste lange animaasjefilm, de BAFTA foar bêste lange animaasjefilm, de Saturn Award foar bêste animaasjefilm, de Satellite Award foar bêste orizjinele liet (Happy), de People's Choice Award foar favorite film, de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm, de Critics' Choice Movie Awards foar bêste lange animaasjefilm en bêste liet (Happy) en tsien Annie Awards. Despicable Me 2 wûn de Annie Award foar bêste animearre tillefyzje-útstjoering, de People's Choice Award foar favorite famyljefilm en de Kids' Choice Award foar favorite stimakteur yn in animaasjefilm (Miranda Cosgrove).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Despicable Me (filmsearje)
lange films
Despicable Me (2010) • Despicable Me 2 (2013) • Minions (2015) • Despicable Me 3 (2017) • Minions: The Rise of Gru (2022)
koarte films
Home Makeover (2010) • Orientation Day (2010) • Banana (2010) • Puppy (2013) • Panic in the Mailroom (2013) • Training Wheels (2013) • Binky Nelson Unpacified (2015) • Competition (2015) • Cro Minion (2015) • Mower Minions (2016) • The Secret Life of Kyle (2017) • Yellow is the New Black (2018) • Santa's Little Helpers (2019) • Minion Scouts (2019)

Tags:

Despicable Me 2 PlotDespicable Me 2 RolferdielingDespicable Me 2 Produksje en distribúsjeDespicable Me 2 UntfangstDespicable Me 2 ResultaatDespicable Me 2 Keppelings om utensDespicable Me 2201020132017BioskopenDespicable Me (film)Despicable Me (filmsearje)Despicable Me 3DieverijFamyljefilmFeriene SteatenFilmFilmkritisyGolden GlobeHaadrolHeitKomeedzjefilmKommersjeKompjûteranimearreLaboratoariumLangspylfilmNederlânNederlânskNeisyngronisearreOscarPlotPriis (ûnderskieding)RegissearreResinsjeStimakteurSupersmjuntTekenfilm

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Asa fan Juda1975HoutFilosofyDeaBudgetFranklin D. Roosevelt20e iuw9 junyEigenskipswurdUrkMisjonarishâldingMasturbaasjeMullum26 augustus4 aprilLeilani VegaPornografysk aktriseDyami MillarsonHeipealhâldingISBNMidden-AmearikaJacht (aktiviteit)FuotbalWreck-It RalphCJ MilesGrutte Heitelânske KriichGrutte-boarstesjenreBad Samaritan (film)KroaasjeTwitterMicrosoftRôfdierList fan sterke tiidwurden yn it FryskOanslachMartin Luther King2010-er jierrenRepublykAdam en Eva1482Fryske mytologyWolkekliuwerKalifornjeMichiganDriuwdongGina GersonJarreRosa CaraccioloHylke SpeerstraTaeke Jitze Botke5 oktoberAnusSjongfûgelsFryske gemeentenJoo Min LeeGymnomyza samoensisSieds Johannes RienksKya TropicKollum8 augustusFaginaLycklama à NijeholtFiere EastenArwen GoldTennisJohann Wolfgang von GoetheInes Ridere🡆 More