Derek Alton Walcott (Castries, 23 jannewaris 1930 – Gros-Islet, 17 maart 2017) wie in Westyndysk dichter, toanielskriuwer en skriuwer dy't meast yn it Ingelsk skreau.
Hy waard berne op Sint-Lusia, mar ferfear nei syn ôfstudearjen nei Trinidad en Tobago, dêr't er it grutste part fan syn libben trochbrocht, en wurke letter yn 'e Feriene Steaten (oan 'e Universiteit fan Harvard), yn Kanada (oan 'e Universiteit fan Alberta) en yn Ingelân (oan 'e Universiteit fan Esseks). Fan berop wied er oarspronklik ûnderwizer, sjoernalist en literatuerkritikus. Walcott wûn yn 1992 de Nobelpriis foar de Literatuer. Hy kaam yn 2017 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren yn syn hûs yn Gros-Islet, oan 'e noardkust fan Sint-Lusia.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Derek Walcott fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Derek Walcott, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.